Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Severodvinsk

Ut Wikipedy
Severodvinsk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Archangelsk
Sifers
Ynwennertal 179.742 (2022)
Oerflak 120,51 km²
Befolkingstichtens 1506,02 ynw./km²
Hichte 7 m
Oar
Stifting 1936 Stêd sûnt 1938
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 64° 34' N 39° 51' E
Webside Side fan de stêd

Severodvinsk (Russysk: Северодвинск) is in grutte stêd yn de Russyske oblast Archangelsk. De stêd leit oan de Wite See by de delte fan de Noardlike Dvina en sa'n 35 kilometer westlik fan de stêd Archangelsk.

Op it plak fan de stêd leit al sûnt 1419, it jier dat it foar it earst yn de Russyske kroniken neamd wurdt, it Nikolo-Korelski kleaster. Op 24 augustus 1553 gyng in Ingelsk skip foar anker by it doarp Njonoska. It skip socht om in noardeastlike rûte nei Sjina en Ynje. Kapitein Richard Chancellor gyng nei Moskou foar in moeting mei Ivan de Grousume en sa ûnstiene de earste diplomatike relaasjes fan Ruslân mei Grut-Brittanje. Foar it kleaster oer op it eilang Jagry waard in ankerplak mei pakhûzen en wenten boud foar it lossen fan de skippen en it oerladen fan guod op lytsere skippen, dy't de ladingen nei Cholmogory brochten. Fan dêr wei waarden de saken fierder Ruslân yn transportearre.

Yn 1584 waard de stêd Novocholmogory stifte, sûnt 1613 bekend ûnder de namme Archangelsk en stadichoan mei de groei fan Archangelsk rekke it kleaster en de haven syn eardere kommersjele belang kwyt. It kleaster waard yn 1921 troch de bolsjewiken opheft, mar de katedraal stiet der noch.

De bou fan de stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske stêd waard yn 1936 mei in dekreet fan Joazef Stalin boud. It doel wie in werf oan te lizzen foar de noardlike float fan de Sovjet-marine. De earste wurklju kamen yn juny 1936 tichte by it kleaster oan. Nei de foltôging fan it spoar yn novimber 1936 sette de oanlis fan de werf útein.

Lykas yn in soad oare gebieten yn Noard-Ruslân en Sibearje fûn ek hjir it wurk plak troch twangarbeid fan tûzenen finzenen út de Gûlag. Fral út it net fier ôflizzende kamp Jagrinski-ITL mei sa'n 30.000 (neffens guon boarnen wol 50.000) finzenen waarden arbeiders helle. Rûsd wurdt dat by de oanlis fan de stêd tusken 1936 en 1953 sa'n 25.000 finzenen stoaren. De finzenen leine in haven oan, kapten hout en leine diken oan en bouden fabriken en wenkompleksen.

De stêd waard ferneamd nei Vjatsjeslav Molotov (1890-1986), fral bekend troch it Molotov-Ribbentroppakt en ek meiferantwurdlik foar de Holodomor en de Grutte Terreur fan de jierren 1930. Yn de Twadde Wrâldkriich wie Molotovsk (Молотовск) in wichtige haven foar alliearde transporten.

Op 12 septimber 1957 krige de stêd de tsjintwurdige namme, dy't ferwiist nei de lokaasje fan de stêd oan de Noardlike Dvina.

Severodvinsk is in wichtige basis foar atoomdûkboaten, dy't dêr ek boud en reparearre wurde. Yn 2006 waard útein set mei de bou fan in driuwende kearnsintrale, de earste fan 'e wrâld.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwenners
1939 * 21.304
1959 * 78.657
1962 97.000
1967 121.000
1970 * 144.672
1973 160.000
1976 177.000
1979 * 197.232
Jier Ynwenners
1982 161.000
1986 234.000
1989 * 248.670
1992 249.800
1996 238.700
1998 233.800
2002 * 201.551
2010 * 192.353
Jier Ynwenners
2022 179.742

(* = Folkstellingen)


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze skiednis fan de stêd is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sewerodwinsk