Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Srebrenica

Ut Wikipedy
Srebrenica
Сребреница
Bestjoer
Lân Bosnje en Herzegovina
Entiteit Servyske Republyk
Boargemaster Osman Suljić (SDA)(2008-12)
Sifers
Ynwennertal 15.242 (2013)
Oerflak 527 km²
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CET (UTC+2)
Offisjele webside
www.srebrenica-opstina.org/


Srebrenica [ˈsrɛ.brɛ.ni.ʦa]? (Servysk: Сребреница) is in stêd en gemeente yn Bosnje-Hertsegovina en leit yn de regio Vlasenica, yn de Servyske Republyk yn Bosnje-Hertsegovina: de Servyske entiteit fan it lân.

It leit yn de delte fan de rivier de Guber, dêr't it him yn de lingte útstrekt mar net de heuvels opklimt. Troch dy langhalige lizzing bestiet it stedsje benammen út twa lange haadstrjitten.

De namme 'Srebrenica' betsjut yn it Servo-Kroätysk safolle as 'sulveren plak'. Soksoarte namme waard foar it earst tapast troch de Romeinen, dy't yn de Guber-fallei sulver ûntdekten en de delsetting Argentario (ofwol Sulverstêd) stiften. Neist sulver waarden der yn it gebiet ek oare grûnstoffen en mineralen fûn, lykas erts en sink.

Srebrenica is benammen bekend wurden troch de genoside dy't yn 1995 barde. Dat barren is bekend as de fal fan Srebrenica.