Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Stan & Ollie

Ut Wikipedy
Stan & Ollie
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jon S. Baird
produsint Faye Ward
senario Jeff Pope
kamerarezjy Laurie Rose
muzyk Rolfe Kent
filmstudio BBC Films
Fable Pictures
Sonesta Films
Entertainment One
distribúsje Entertainment One (Fer. Ken./ Kan.)
Sony Pictures Classics (Fer. St.)
spilers
haadrollen Steve Coogan
John C. Reilly
byrollen Shirley Henderson
Nina Arianda
Rufus Jones
Danny Huston
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Kanada
Feriene Steaten
premiêre 28 desimber 2018
foarm langspylfilm
sjenre biografysk komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $10 miljoen
opbringst $24,4 miljoen

Stan & Ollie is in Britsk-Kanadeesk-Amerikaansk histoarysk biografysk komeedzjedrama út 2018 ûnder rezjy fan Jon S. Baird, mei yn 'e haadrollen Steve Coogan en John C. Reilly. De titel ferwiist nei de haadpersoanen, it komysk duo (Stan) Laurel en (Oliver) Hardy. De film beljochtet de ein fan harren karriêre, doe't se yn 1953, nei inoar jierrenlang net sjoen te hawwen, noch in lêste kear op toernee giene foar in rige optredens yn skouboargen yn it Feriene Keninkryk en Ierlân. Ferskillen yn persoanlikheid, âlde wrok oer inoars misse setten út it ferline en de sûnensswierrichheden fan Hardy bedrigen de gearwurking. Stan & Ollie krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar in Golden Globe en trije BAFTA's.

Yn 1937, as komiken Stan Laurel en Oliver Hardy op it hichtepunt fan harren rom binne, wegeret Laurel ûnder de opnamen fan 'e film Way Out West om syn kontrakt mei filmprodusint Hal Roach te ferlingjen. Hy is fan miening dat hy en Hardy in bettere beleanning fertsjinje, mei't se mar in meager salaris hawwe wylst troch Roach mei harren films foar kaptalen binnenswile wurdt. Hardy, waans kontrakt noch rint, beslút by Roach te bliuwen. Ta argewaasje fan 'e yn ferlegenheid brochte Laurel komt Hardy net opdaagjen foar in gearkomste mei de studiobazen fan Fox Pictures om mei harren in nij kontrakt te tekenjen. Ynstee makket er foar Roach mei in oare akteur, Harry Langdon, en in oaljefant de film Zenobia. Laurel beskôget dat as ferrie. De komiken wrokje allebeide jierren oer dat ynsidint, hoewol't se neitiid noch wol wer gearwurkje.

Sechstjin jier letter, yn 1953, hawwe Laurel en Hardy inoar al jierrenlang net sjoen. Mei harren populariteit en karriêre is it ûnderwilens yn it neigean rekke. Laurel hat beävensearre dat se in nije film meitsje kinne dy't produsearre wurde sil troch de Londenske filmstudio fan produsint Harold Miffin. It moat in parody op Robin Hood wurde mei as titel Rob 'em Good ("Berôf Se Goed"), wêryn't Laurel en Hardy har by de fleurige binde strûkrôvers fan Robin Hood jouwe en foarstelle om ynstee fan 'e riken te berôvjen om oan 'e earmen te jaan, de earmen te berôvjen om oan 'e earmen te jaan, sadat de riken neat trochhawwe sille. Laurel skriuwt it senario sels, sa't er foarhinne ek altyd de dialooch fan himsels en Hardy skreau. Beide komiken hawwe hege ferwachtings fan 'e nije film.

Om't se wachtsje moatte oant Miffin de finansiering rûn hat, en om noch wat by te fertsjinjen, geane Laurel en Hardy ûnderwilens op toernee by skouboargen yn it Feriene Keninkryk en Ierlân lâns, te begjinnen yn Newcastle upon Tyne. Troch de minne marketingkampanje fan toanielprodusint Bernard Delfont begjint it toernee mei optredens foar frijwol lege sealen yn twadderangs gelegenheden, mei't Delfont mear belangstelling hat foar de rizende stjer fan Norman Wisdom, foar wa't er ek foarstellings organisearret. Rûtiniers Laurel en Hardy, dy't nei al dy jierren sa opinoar ynspile binne dat se in perfekte komyske timing ûntwikkele hawwe, meitsje lykwols gâns yndruk op it publyk dat àl opdaagjen komt, en mear troch mûnlinge reklame as troch it wurk fan Delfont reitsje de sealen úteinlik fol. As Delfont lang om let sels in foarstelling bywennet, rekket er lôgjende entûsjast en smyt er einlings syn gewicht efter harren toernee. Der wurde gruttere en mear prestizjeuze sealen boekt en finansjeel begjint it Laurel en Hardy mei te wierjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Efter de skermen is der tusken de beide komiken lykwols noch altyd âldsear oer it ferline, en hoewol't de gearwurking op it toaniel goed is, giet de persoanlike omgong wat stroef. In bykommend probleem is de sûnens fan 'e obese Hardy, dy't oanhâldend lêst fan 'e knibbels hat. Underwilens giet Laurel fierder mei it skriuwen fan grappen foar it senario fan Rob 'em Good, mar der is in faaie stilte fallen fan 'e kant fan Miffin. As se ienris yn Londen arrivearje, siket Laurel de produsint yn persoan op, mei't al syn tillefoantsjes ôfwimpele binne mei it berjocht dat Miffin yn besprekking is. Hy treft Miffin noch altyd net (dy't wer yn besprekking hjit te wêzen), mar oan syn sekretaresse Cynthia Clarke hat de leffe filmprodusint de ûntankbere taak taparte om Laurel mei te dielen dat der gjin film komt om't er de finansiering net fan 'e grûn krije kin. Mei't er dat net oan Hardy doar te fertellen, giet Laurel troch mei syn wurk oan it senario.

Yn Londen jouwe de oarehelten fan 'e beide komiken har by har. Lucille Hardy en Ida Laurel binne op in passazjiersskip oerkommen út 'e Feriene Steaten. De beide froulju kinne eins net goed en hawwe inoar by de oerstek fan 'e Atlantyske Oseaan al danich op 'e senuwen wurke. Dy jûns trede Laurel en Hardy op foar in útferkocht Lyceum Theatre. Op 'e feestlike gearkomste nei ôfrin rinne de spannings tusken Lucille en Ida fierder op. As Ida in ferwizing nei "de oaljefantefilm" op 't aljemint bringt, ûnderstiet Hardy Laurel dêroer. Laurel jout ta dat er him noch altyd ferret fielt troch Hardy om't dy him bingelje litten hat by Fox Pictures om ynstee in film mei in oare partner te meitsjen. Dat liedt ta in flústere rûzje yn it iepenbier oer âlde kij dy't út 'e sleat helle wurde. Laurel makket Hardy út foar in loaiert dy't him altyd it wurk dwaan lit, wylst Hardy Laurel in "holle man" neamt en seit dat se gjin freonen binne en dat ek nea west hawwe, mar inkeld kollega's dy't troch de studio byinoar set binne. As de rûzje (in bytsje) fysike foarmen oannimt, mient it omsteand laach dat it om in tajefte giet en folget der applaus.

Nettsjinsteande de rûzje moat der yn it iepenbier dochs gearwurke wurde, en de oare deis reizgje Laurel en Hardy (apart faninoar) ôf nei in baaiplak oan see yn West-Sussex, dêr't se de prizen by in skientmewedstryd ûtrikke moatte. Hardy wol (bûten de foarstellings om) net mear mei Laurel prate. Wylst Laurel foarôfgeande oan 'e priisútrikking in praatsje hâldt foar it publyk, falt Hardy der ynienen hinne. Om't er wegeret nei it sikehûs te gean, bringt Laurel him werom nei it hotel yn Londen, dêr't er him oerdraacht oan 'e soargen fan Lucille. It docht bliken dat Hardy in lichte hertoanfal hân hat, en hy is twongen om in deimannich bêdrêst te hâlden. Lucille wol Laurel earst net by har man litte, mar twa dagen letter mei er dochs binnen komme. Hardy fertelt syn âlde partner dat de dokters him sterk ûntriede om ea noch wer op te treden, en dat er dêrom mei pinsjoen giet en sa gau mooglik weromkeare sil nei de Feriene Steaten. De beide mannen lizze harren skeel by en bewissigje inoar derfan dat se net mienden wat se tsjininoar sein hawwe.

Neitiid wurdt Laurel troch Delfont ûnder druk set om it toernee ôf te meitsjen mei in oare partner, de bekende Ingelske komyk Nobby Cook. Mei't Hardy dêr ek al op oanstjoerde, beslút Laurel dat dan mar te dwaan. Op 'e jûn fan 'e folgjende foarstelling komt Laurel lykwols op it alderlêste momint, as de seal al fol sit, ta de konklúzje dat er net mei Cook gearwurkje kin om 'e simpele reden dat de man Hardy net is. De foarstelling wurdt ôflast en it publyk wurdt, ta ûntsteltenis fan Delfont, werombetelling fan 'e yntreepriis oanbean. As Ida letter Laurel weromfynt yn in bar bychtet dy oan har op dat er nettsjinsteande alles noch altyd fan Hardy hâldt as in freon, en dat er sûnder him net fierder kin. Hy freget har lykwols om neat tsjin Hardy en Lucille te sizzen, mei't it ôflasting fan 'e rest fan it toernee, dat fan Londen fierder soe nei Ierlân, him allinne mar oerstjoer meitsje soe.

Underwilens hat Hardy lykwols besletten dat er Laurel en harren fans net yn 'e kjeld stean litte kin. As Lucille eefkes om in boadskip is, klaait er him gau oan en set er nei Laurel syn keamer ta om him te fertellen dat er trochsette wol mei de optredens yn Ierlân. Letter, oan board fan 'e fearboat dy't harren de Ierske See oer bringt, skrabet Laurel einlings alle moed byinoar om Hardy te fertellen dat it neat wurde kin mei harren film. It docht bliken dat Hardy dat al lang út in krante-artikel gewaarwurden wie en dat er tocht dat Laurel wol wist dat er it wist. Ferheard freget Laurel him wêrom't se dan fierder gien binne mei oan it senario te wurkjen en teksten út 'e holle te learen. Hardy antwurdet mei de fraach "Wat moatte wy oars?"

Yn Ierlân sjocht it yn 'e haven, dêr't de fearboat oankomt, swart fan it folk, jong en âld, dat de beide komiken ferwolkomje wol. De tsjerkklokken liede it deuntsje út harren films. Hoewol't er him net goed fielt, set Hardy de optredens troch, en stiet er derop om dy te beëinigjen mei in dûnske dat er al yn gjin jierren mear opfierd hat. Wylst Ida temûk de hân fan 'e yn noed sittende Lucille fêstgrypt, barst it publyk út yn in applaus sa lûd as wie it de tonger.

Foar it begjin fan 'e ôftiteling komt der in tekst yn byld dy't fermeld dat Laurel en Hardy nei harren toernee troch Ierlân nea wer optrede soene. Hardy syn sûnens bettere net mear op, dat hy koe net mear, en sûnder him woe Laurel net mear. Hardy ferstoar fjouwer jier letter, yn 1957. Laurel wegere ek dêrnei gear te wurkjen mei in oare partner, mar gie oant syn eigen dea yn 1965 troch mei it skriuwen fan sketches foar himsels en Hardy.

Steve Coogan.
John C. Reilly.
haadrollen
personaazje                                akteur/aktrise
Stan Laurel Steve Coogan
Oliver Hardy John C. Reilly


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lucille Hardy Shirley Henderson
Ida Kitaeva Laurel Nina Arianda
Bernard Delfont Rufus Jones
Hal Roach Danny Huston
James W. Horne Joseph Balderrama
Nobby Cook John Henshaw
James Finlayson Keith MacPherson
Harry Langdon Richard Cant
Cynthia Clarke Susy Kane
Burgess Tapiwa Mugweni
sekretaresse fan Harold Miffin Stephanie Hyam
resepsjoniste Glass Bottle Inn, Newcastle Kate Okello
resepsjoniste Savoy Hotel, Londen Rebecca Yeo

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stan & Ollie waard regissearre troch Jon S. Baird nei in senario fan Jeff Pope. As produsint wie Faye Ward by it projekt belutsen foar de filmstudio's BBC Films, Fable Pictures, Sonesta Films en Entertainment One. Foar de film, dy't in Britsk-Kanadeesk-Amerikaanske ko-produksje wie, waard in budget beskikber steld dat $10 miljoen bedroech. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Laurie Rose, en de filmmontaazje waard dien troch Úna Ní Dhonghaíle en Billy Sneddon. De filmmuzyk waard fersoarge troch Rolfe Kent.

De opnamen foar Stan & Ollie setten yn 'e maityd fan 2017 útein. De binnendoarsênes waarden opnommen yn de West London Film Studios yn Londen en yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire. Dêrnjonken waard op lokaasje filme yn Dudley, yn 'e West-Midlannen fan Ingelân (û.m. yn it Black Country Living Museum, in iepenloftmuseum), en fierders yn Bristol en yn it Old Rep-teäter yn Birmingham. Foar de sênes yn 'e trein waarden ferskate lokaasjes bylâns de Great Central Railway yn Leicestershire brûkt. De sêne mei de skientmewedstryd waard filme yn Worthing, yn West-Sussex. De filmtiid per dei waard sterk bekoarte om't John C. Reilly, dy't de rol fan Oliver Hardy spile, eltse dei earst fjouwer oeren ûnder de pannen wie by de fisazjy.

De distribúsje fan Stan & Ollie waard yn it Feriene Keninkryk, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Spanje en de Benelúks fersoarge troch Entertainment One, en yn 'e Feriene Steaten, Latynsk-Amearika, East-Jeropa, Sina en Súd-Afrika troch Sony Pictures Classics. De film waard foar it earst fertoand op 21 oktober 2018, op 'e lêste jûn fan it BFI Filmfestival fan Londen. Stan & Ollie gie dêrnei op 28 desimber 2018 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre, wylst er yn it Feriene Keninkryk pas op 11 jannewaris 2019 yn 'e bioskoop kaam.

Stan & Ollie jout de ein fan 'e karriêre fan Laurel en Hardy ridlik sekuer wer. Fan oktober 1953 ôf giene se acht moannen lang op toernee troch it Feriene Keninkryk en Ierlân. De oankomst yn Ierlân, sa't dy oan 'e ein fan 'e film werjûn wurdt, fûn lykwols plak op 9 septimber 1953, doe't se yn Cobh mei it passazjiersskip de SS America út 'e Feriene Steaten oankamen nei de oerstek oer de Atlantyske Oseaan. Nei de earste foarstelling yn it Palace Theatre, yn Plymouth, op 17 maaie 1954, krige Oliver Hardy in lichte hertoanfal. Hy ferbleau yn it Grand Hotel yn Plymouth wylst er opbettere. Op 2 juny begûn er mei Stan Laurel oan 'e weromreis nei de Feriene Steaten. De rest fan it toernee waard ôfsein, en Laurel en Hardy treden nea wer op om't de sûnens fan Hardy dat net tastie. It personaazje fan Nobby Cook, mei wa't Laurel yn 'e film yn see giet as ferfanger fan Hardy, is folslein fiktyf; yn it echt wegere Laurel fan it begjin ôf oan om gear te wurkjen mei in oare partner as Hardy.

Fan 'e filmkritisy krige Stan & Ollie oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Guy Lodge yn it Amerikaanske tydskrift Variety: "De film fan Jon S. Baird is in kalm, moai aktearre earbetoan, dat de lêste komyske gearwurking fan Laurel en Hardy mei bitterswiete affeksje ôfskilderet." Yn The Hollywood Reporter hie Todd McCarthy grutte lof foar de beide haadrolspilers Steve Coogan en John C. Reilly. Hy skreau: "In grut part fan 'e tiid hawwe je it gefoel dat je it echte duo foar eagen hawwe, sà yngeand wurde de lichaamlike eigenskippen en it hâlden en dragen fan 'e akteurs neibeard."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Stan & Ollie in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 219 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] bringt hulde oan in pear dierbere entertainers mei in leafdefolle blik efter de skermen en in oandwaanlike werjefte fan 'e lusten en lêsten fan in kreätyf partnerskip." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Stan & Ollie in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 41 resinsjes.

Stan & Ollie brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $5,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $19,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $24,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $10 miljoen betsjut dat in winst fan $14,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Stan & Ollie waard yn 2019 nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste akteur (musical of komeedzje) foar John C. Reilly. De film waard ek nominearre foar trije BAFTA's, de wichtichste Britske filmpriis, foar bêste Britske film, bêste akteur (Steve Coogan) en bêste fisazjy en hierstylearring. Fierders waard Reilly ek nominearre foar in Critics' Choice Movie Award foar bêste akteur yn in komeedzjefilm.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.