Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Stien fan Scone

Ut Wikipedy
In replika fan 'e Stien fan Scone.

De Stien fan Scone (Ingelsk: Stone of Scone; Skotsk: Stane o Scuin; Skotsk-Gaelysk: An Lia Fàil) is in langwerpich blok reade sânstien, dat iuwenlang brûkt waard as ûnderdiel fan 'e kroaningsseremoanje fan 'e keningen fan it Keninkryk Skotlân, en letter teffens fan 'e keningen fan Ingelân en fan Grut-Brittanje. Dizze stien stiet ek wol bekend as de "Stien fan 'e Lotsbestimming" (Stone of Destiny) en wurdt yn Ingelân wol de "Kroaningsstien" (Coronation Stone) neamd.

Histoarysk waard de Stien fan Scone bewarre yn 'e Abdij fan Scone (no in ruïne) te Scone, deunby de Skotske stêd Perth. Nei in bibelske referinsje waard de stien foarhinne ek oantsjut as "Jakobs Kjessen". De Stien fan Scone mjit 66 sm by 42½ sm by 27 sm, en weaget likernôch 152 kg. In rûch ynkurven krús siert ien kant fan 'e stien, en oan 'e boppekant sitte twa ringen om transport te fasilitearjen.

Wêr't de Stien fan Scone oarspronklik weikomt, is noch altyd net alhiel dúdlik. Der besteane ferskate ferhalen dy't dúdlik myten binne; sa soe it deselde stien wêze dy't de aartsfaar Jakob yn Genesis 28:10-22 as hollekjessen brûkte doe't er ûnderweis wie fan Kanaän nei Charan. In oar ferhaal wol hawwe dat de stien troch Fergus de Grutte, in legindaryske iere kening fan Dalriada, út Ierlân wei yn Skotlân brocht wie, en dat it deselde stien wie dy't foartiid yn Tara brûkt waard by de kroaning fan 'e hege keningen fan Ierlân. Geologysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de Stien fan Scone nei alle gedachten gewoan út in stiengat yn 'e neite fan Perth komt.

Nei't er iuwenlang brûkt wie by as in soarte fan troan by de kroaningsseremoanje fan 'e keningen fan Skotlân, waard de Stien fan Scone yn 1296, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen, troch kening Edwert I fan Ingelân stellen en as oarlochsbút mei werom nommen nei Londen, dêr't er yn Westminster Abbey ta sitting makke waard fan in fierders houtene stoel dy't bekend stiet as de Sit fan Kening Edwert. De measte neifolgjende Ingelske en Britske keningen binne op dy stoel kroane, wêrûnder, yn 1953, keninginne Elizabeth II.

De Sit fan Kening Edwert.

Der bestiet in beskate mjitte fan twifel oer de fraach oft de stien dy't Edwert stiel wol wier-wier de orizjinele Stien fan Scone wie. Men wol nammentlik wol hawwe dat de Skotske mûntsen fan 'e Abdij fan Scone de wiere stien ferburgen en de Ingelske troepen safier krigen dat se mei in ferfalsking útnaaiden. De oanhingers fan dizze teory wize derop dat de histoaryske beskriuwings fan 'e Stien fan Scone net oerienkomme mei hoe't de stien der tsjintwurdich útsjocht. Oer it algemien wurdt der lykwols fan útgien dat de stien dy't troch Edwert I stellen waard, wol deeglik de wiere Stien fan Scone wie, temear om't de Skotten nei harren úteinlike oerwinning op 'e Ingelsen yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen net mei de wiere stien op 'e lapen kamen en sels prikken yn it wurk stelden om 'e stellene stien werom te krijen.

Dêrta waard nammentlik in klausule opnommen yn it Ferdrach fan Edinburch-Northampton, út 1328, dat yn prinsipe in fredesferdrach tusken Ingelân en Skotlân wie. It fuortheljen fan 'e stien út Westminster Abbey waard lykwols behindere troch in opsternate kliber Londeners, sadat dy klausule nea útfierd waard. De Stien fan Scone bleau noch seis iuwen yn Ingelân, en waard sels net weromjûn doe't yn 1603 de Skotske kening Jakobus VI as Jakobus I op 'e Ingelske troan kaam.

Op Earste Krystdei 1950 waard de Stien fan Scone lykwols weromstellen út Westminster Abbey troch in groepke Skotske studinten (Ian Hamilton, Gavin Vernon, Kay Matheson en Alan Stuart), dêr't har letter in Ingelske studint by joech, John Josselyn, dy't ynteressanternôch in oerpakesizzer yn 'e 21e graad wie fan kening Edwert I. By it ferfier troch de studinten briek de Stien fan Scone lykwols yn twaen. It grutste stik waard ferskate dagen lang yn in fjild yn Kent begroeven, dêr't de studinten kampearren. Letter waard it in hoartsje ferburgen holden yn 'e kelder fan it Amerikaanske konsulaat yn Edinburch (sûnder dat de Amerikanen dat wisten). Nei't ek it lytsere stik nei Skotlân ta brocht wie, waarden beide oerdroegen oan in net by namme neamde politikus út Glasgow, dy't beävensearre dat de Stien reparearre waard troch de mitseler Robert Gray.

Underwilens wie de Britske plysje úteinset mei in lanlike syktocht nei de stien, dy't lykwols om 'e nocht bliek. Uteinlik waard de Stien fan Scone op 11 april 1951 efterlitten op it alter fan 'e Abdij fan Arbroath, ûnder de fâdij fan 'e Tsjerke fan Skotlân. Doe't de Britske autoriteiten dêroer ynljochte waarden, waard de stien fuortendaliks weromhelle nei Londen, dêr't er wer yn de Sit fan Kening Edwert yn Westminster Abbey kaam te rêsten. Neitiid gie der in nij ferhaal dat de 'Rêders fan 'e Stien' in replika efterlitten hiene yn 'e Abdij fan Arbroath, en dat de wiere stien noch yn Skotlân wie. Ek oan dat ferhaal wurdt troch de autoriteiten gjin wearde hechte.

Doe't geandewei de 1980-er en 1990-er jierren de ûntefredenens yn Skotlân groeide oer hoe't de Skotten troch Londen behannele waarden, besleat it Britske regear om by wize fan symboalyske die einlings en te'n lêsten de Stien fan Scone werom te jaan en dêrmei in iuwenâlde misdie rjocht te setten. Op 15 novimber 1996 (St. Andrew's Day, de Skotske nasjonale feestdei) waard de stien sadwaande oan 'e Ingelsk-Skotske grins by in offisjele seremoanje oerlange, wêrnei't de Stien fan Scone op 30 novimber yn it Kastiel fan Edinburch arrivearre, dêr't er sûnt bewarre wurdt by de Skotske kroanjuwiellen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.