Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Swangoes

Ut Wikipedy
Swangoes
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai guozzen (Anser)
soarte
Anser cygnoides
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     wintergast

De swangoes (Anser cygnoides) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 foar it earst troch Carolus Linnaeus publisearre.

Oannommen wurdt dat swanguozzen al 3000 jier lyn yn Sina holden wurde. De domestisearre foarm fan in swangoes is de Sineeske knobbegoes.

Kop fan 'e swangoes.

Swanguozzen binne likernôch 81 oant 94 sm lang, wage 2,8 oant 3,5 kg en ha in spanwiidte fan 160 oant 185 sm. Der binne gjin grutte ferskillen tusken mantsjes en wyfkes. It mantsje is allinne wat grutter, hat in langer snaffel en in langere nekke.

De fûgel hat in foar syn skaai in grutte swarte snaffel mei boppe by de basis in wite streek. De krún is oant ûnder de kastanjebrune iris brún en útsein in brune streek ûnder it wang by de snaffel is de rest fan 'e kop krêmkleurich.

De foarkant fan 'e hals hat in ljochte kleur en wurdt nei ûnder nei de búk donkerder, wylst de achterkant fan 'e hals brún is. De boppedielen binne griisbrún mei ljochte rânen oan 'e gruttere fearren. De kleuren fan 'e wjukken binne wakker itselde, mar de slachpinnen binne swarteftich. Fierder ha de griisbrune flanken donkere streken en is de ûnderkant ljocht en binne de ûndersturtfearren wyt. De fûgel hat oranje poaten.

Jonge fûgels binne doffer as folwoeksen fûgels, ha gjin wite streek by de snaffel en donkere streken oan 'e ûnderkant.

Swanguozzen briede in Mongoalje, Sibearje en noardeastlik Sina. Se oerwinterje yn it súdeasten fan Sina. Oarspronkelik oerwintere de fûgel yn Japan, mar dêr komt de swangoes hjoed-de-dei allinne noch as dwaalgast foar. Winterdeis wurdt de fûgel ek op it skiereilân Koreä waarnommen. Somtiden wurdt de fûgel yn Turkmenistan sjoen en der binne briedgefallen bekend yn eastlik Kazachstan, mar de fûgel is dêr net regelmjittich oanwêzich. It biotoop fan 'e swangoes bestiet út leechlizzende sompgebieten.[1]

De fûgels komme yn april yn 'e briedgebieten oan, dêr't se faak yn koloanjes op lytse eilannen yn marren tusken it reit of op 'e drûge grûn briede. De 5 oant 8 krêmkleurige aaien wurde yn maaie lein en wurde 28 oant 30 dagen bebret. Nei 10 wiken begjinne de jongen te fleanen en se trekke yn septimber mei de âldere fûgels nei de oerwinteringsgebieten.

Swanguozzen yn Heidelberg.

Yn Europa komt de fûgel as eksoat foar. Yn Nederlân naam it oantal swanguozzen yn 'e jierren 1990 ta, nei 2000 sakken de oantallen foars. Fierder libbet in frije populaasje yn 'e regio Ryn-Neckar. Se binne yn Heidelberg te sjen oan 'e Neckar. De populaasje bestie yn 180 fûgels, mar de populaasje is werombrocht en bestie yn 2020 út goed 100 fûgels. Ek by Lampertheim libbet in lytse populaasje, dy't werom giet op yn 1956 yn Nederlân fokte fûgels. De eksoaten binne problematysk, om't se faak mei de skiere goes kruse.

De swangoes fret lykas in soad guozzen gers, krûden, sied en woartels fan wetterplanten.

De fûgel wurdt troch IUCN as bedrige klassifisearre. De populaasje wurdt neffens de opjefte fan Birdlife International op 36.000 oant 44.000 folwoeksen fûgels rûsd en dat de oantallen troch it ferlies fan biotoop ôfnimme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Dútsk- en Ingelsktalige Wikipedyside en In; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op de:Schwanengans en en:Swan goose