Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

The Boston Globe

Ut Wikipedy
The Boston Globe
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre krante
frekwinsje 1x deis
bestean 1872 – no
plak haadred. Boston (Massachusetts)
útjouwer Boston Globe Media
oplaach 68.800 (2022)
tal abonnees digitaal: 226.000 (2022)
ISSN 0743-1791
offisjele webside
www.bostonglobe.com

The Boston Globe is in Amerikaanske krante dy't ferskynt yn 'e stêd Boston, yn 'e steat Massachusetts. Dit deiblêd waard oprjochte yn 1872. It is ien fan 'e meast prestizjeuze kranten fan 'e Feriene Steaten en teffens de âldste en grutste krante fan Boston, mei as wichtichste konkurrint de lytsere Boston Herald. Anno 2023 hat The Boston Globe 27 Pulitzerprizen wûn, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan sjoernalistyk.

The Boston Globe waard yn 1872 oprjochte troch seis sakelju út Boston dy't mei-inoar in startbedrach gearbrochten fan $150.000 (oanpast foar ynflaasje soe dat yn 2021 krapoan $3,4 miljoen west hawwe). Under de oprjochters wiene Eben Dyer Jordan fan it Jordan Marsh-warehûs en Cyrus Wakefield fan 'e Wakefield Rattan Company. De earste edysje fan 'e krante ferskynde op 4 maart 1872. Ien fan 'e earste haadredakteurs en útjouwers wie Charles H. Taylor, dy't yn 1873 in kontrakt foar twa jier tekene mei de eigners fan The Boston Globe, mar úteinlik oan syn dea yn 1921 ta oan it haad fan 'e krante stean soe. Tsjin 'e 1890-er jierren wie The Boston Globe de wichtichste krante fan Boston wurden. De redaksje waard dominearre troch roomsen fan etnysk Iersk komôf, en de ynhâld fan 'e krante wjerspegele dat.

It oarspronklike haadkantoar fan The Boston Globe yn 'e binnenstêd fan Boston (foto út 1871).

Oarspronklik wie The Boston Globe in moarnskrante, dy't seis dagen yn 'e wike ferskynde, fan moandei oant en mei sneon. Yn 1877 kaam dêr in sneinsedysje by. Fan 1873 ôf ferskynde der ek in edysje as wykblêd, The Boston Weekly Globe, foar abonnees fan bûten de stêd, dy't de krante oer de post tastjoerd krigen. The Boston Weekly Globe gie yn 1892 op yn 'e sneinsedysje. Yn 1878 waard úteinset mei de publikaasje fan in aparte middeisedysje njonken de oarspronklike moarnsedysje. Dy middeisedysje, dy't The Boston Evening Globe hiet, bestie mear as hûndert jier, oant er yn 1979 opdoekt waard. Tsjintwurdich is oan 'e sneinsedysje fan 'e krante is it tydskrift The Boston Globe Magazine taheakke.

Yn 1912 foarme The Boston Globe yn 'e mande mei de Chicago Daily News, The New York Globe en de Philadelphia Bulletin in koöperaasje, dy't de Associated Newspapers kaam te hjitten. Yn 'e 1900-er jierren en de 1910-er jierren bestege The Boston Globe ûnder it liederskip fan Taylor in protte oandacht oan maatskiplike bewegings lykas de suffrazjettes, wylst konkurrearjende deiblêden lykas The Boston Post dêr net folle omtinken oan skonken. Yn 1955 waard Laurence L. Winship oansteld as haadredakteur en einige in perioade fan 75 jier wêryn't de haadredakteursfunksje ferfolle waard troch de útjouwer fan 'e krante. Yn 1958 ferhuze The Boston Globe fan syn oarspronklike haadkantoar oan Washington Street yn 'e binnenstêd fan Boston nei in nij gebou oan Morrissey Boulevard, yn 'e wyk Dorchester. Yn 1967 wie The Boston Globe de earste grute Amerikaanske krante dy't him oankante tsjin 'e slepende Fjetnamoarloch,

The Boston Globe waard útjûn troch de eigen drukkerij oant it bedriuw yn 1973 in beursnotaasje krige ûnder de namme Affiliated Publications. Yn 1993 waard dy útjouwerij oernommen troch The New York Times Company (de útjouwerij fan û.o. The New York Times), foar de priis fan $1,1 miljard. Boston.com, de online-edysje fan The Boston Globe, sette útein yn 1995. Yn 2002 joech de krante mei ferslachjouwing oer it misbrûkskandaal yn it Roomsk-Katolike Aartsbisdom Boston de earste oanset ta it nei bûten bringen fan 'e misbrûkskandalen yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e Feriene Steaten. Oer de ferslachjouwing fan The Boston Globe oangeande dizze kwestje waard yn 2015 de dramafilm Spotlight makke, dy't de Oscar foar Bêste Film wûn.

It eardere haadkantoar fan The Boston Globe oan Morrissey Boulevard yn 'e wyk Dorchester, dat yn 2017 ferkocht waard.

Yn 2009 waarden der by The Boston Globe swiere besunigings trochhinne drukt troch The New York Times Company, dy't drige mei it opheffen fan 'e krante as de fakbûnen net akkoart gean soene mei it skrassen fan 50 foltiids banen, in weromgong fan 5% op alle salarissen en it beëinigjen fan 'e pinsjoenbydragen troch de wurkjouwer. De besunigings hiene lykwols net it winske resultaat (it wer finansjeel sûn meitsjen fan 'e krante). Yn 2011 waard begûn mei in folslein online-edysje fan The Boston Globe, dêr't men jin foar abonnearje moast. Yn 2012 waard fierders, by wize fan kostebesparring, úteinset mei it drukken fan 'e konkurrearjende krante de Boston Herald yn 'e drukkerij fan The Globe, en it brûken fan ien-en-deselde rûnbringtsjinst. Dat bleau sa oant 2018, doe't de Boston Herald oankocht waard troch Digital First Media.

Yn febrewaris 2013 waard bekend makke dat The New York Times Company syn New England Media Group, dêr't The Boston Globe by yndield wie, ferkeapje woe. Op 24 oktober fan dat jier gie de krante sadwaande foar $70 miljoen oer yn 'e hannen fan miljonêr John W. Henry, de eigner fan it Amerikaanske honkbalteam Boston Red Sox en de Britske fuotbalklub Liverpool F.C. De New England Media Group waard neitiid omneamd ta Boston Globe Media. As ûnderdiel fan 'e feroarings dy't Henry trochfierde, waard it haadkantoar yn Dorchester yn july 2016 ferkocht, wêrnei't The Boston Globe syn drukkerij ferhuze nei in bedriuweterrein yn Taunton, in foarstêd fan Boston, wylst de redaksje ferfear nei it Finansjeel Distrikt yn 'e binnenstêd fan Boston.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Boston Globe is tsjintwurdich noch altyd ien fan 'e meast prestizjeuze kranten fan 'e Feriene Steaten (dy't nei Nederlânske begripen wol wat ferlike wurde kin mei NRC Handelsblad). Anno 2023 hat de krante 27 Pulitzerprizen wûn, dat de wichtichste Amerikaanske prizen binne op it mêd fan 'e sjoernalistyk. The Boston Globe is de âldste en grutste krante fan Boston, hoewol't de oplaach yn 2022 noch mar 68.800 fysike eksimplaren bedroech en oanhâldend fierder sakket. Oan 'e oare kant hie de digitale ferzje fan 'e krante yn itselde jier 226.000 abonnees. De wichtichste konkurrint fan The Boston Globe is de Boston Herald, dy't in lytsere sirkulaasje hat en yn in heger tempo lêzers kwytrekket.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.