Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

De 1940-er jierren, ek oantsjut as de fjirtiger jierren en de jierren ’40, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1941 en duorre it oant en mei 31 desimber 1950, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1940 oant en mei 31 desimber 1949. De earste helte fan dit desennium waard dominearre troch de Twadde Wrâldoarloch, wêryn't nazy-Dútslân, Japan en harren bûnsgenoaten út wiene op wrâldhearskippij. Nei fiif jier oarloch wisten de Alliëarden, ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten en de Sovjet-Uny, de Dútsers en Japanners einlings te ferslaan. Neitiid ûntstie der in nij wrâldomfiemjend konflikt doe't de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny deilis rekken yn 'e saneamde Kâlde Oarloch, dy't mear as fjirtich jier duorje soe. Underwilens wie benammen Jeropa troch de ferwuostgings yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn in ekonomyske krisis stoart. Yn 'e twadde helte fan 'e fjirtiger jierren waard in begjin makke mei de weropbou, dy't ek yn 'e 1950-er jierren noch hast tsien jier trochgean soe. Oare wichtige ûntwikkelings yn 'e 1940-er jierren wiene de ferbettering fan ynternasjonale gearwurking troch de oprjochting fan 'e Feriene Naasjes, de dekolonisaasje fan dielen fan Aazje en it begjin fan it konflikt tusken Israel en de Arabieren yn it Midden-Easten.

1940-er jierren
D-Day: Britske troepen lânje op 'e kust fan Normanje.
D-Day: Britske troepen lânje op 'e kust fan Normanje.
<< 1930-er jrn  •  1940-er jrn  •  1950-er jrn >>
1940   •   1941   •   1942   •   1943   •   1944
1945   •   1946   •   1947   •   1948   •   1949

De earste helte fan 'e 1940-er jierren waard folslein behearske troch de Twadde Wrâldoarloch, dy't yn septimber 1939 útbrutsen wie yn East-Jeropa, doe't nazy-Dútslân in ynfal die yn Poalen. Dêrnei hie de oarloch him almar fierder útwreide. Yn april 1940 die Dútslân tagelyk in ynfal yn Denemark en ien yn Noarwegen, dy't einigen mei de besetting fan dy beide lannen. Yn maaie 1940 folge in Dútske útbraak nei it westen ta, wêrby't yn 'e Slach om Nederlân en de Slach om Belgje de Benelúks-lannen beset waarden, folge troch it noarden en westen fan Frankryk nei de Dútske ynfal yn dat lân. In loftoarloch om 'e iennichst oerbleaune fijân, it Feriene Keninkryk, op 'e knibbels te krijen, waard troch de Dútske Luftwaffe yn 'e Slach om Ingelân lykwols ferlern fan 'e Britske RAF.

Yn 1941 wreide nazy-Dútslân syn ynfloedssfear fierder út, diskear oer East-Jeropa, dêr't earder al Tsjechje beset, Poalen ferovere en Slowakije ta in fazalsteatsje makke wie. Hongarije, Roemeenje en Bulgarije tekenen bûnsgenoatskippen mei de As (besteande út nazy-Dútslân, Itaalje en Japan), wylst Grikelân ferovere waard en Joegoslaavje by itselde lot trof. Ein juny 1941 folge mei Operaasje Barbarossa de Dútske oanfal op 'e Sovjet-Uny, wêrmei't Dútslân earder noch it Molotov-Ribbentrop-pakt sletten hie. De Dútske opmars oan it Eastfront, stipe troch troepen út Finlân, Slowakije, Hongarije, Roemeenje, Itaalje, Kroaasje en Spanje, gie dat it slydjage. Leningrad waard besingele, de Oekraïne, de nôtskuorre fan Jeropa, waard mei gemak ynlive en allinnich it ynfallen fan 'e Russyske winter kaam foar dat de Sovjet-haadstêd Moskou yn Dútske hannen foel.

 
Betty Grable wie in ferneamd pin-upmodel, hjir op in foto út 1943.

Underwilens wie oan 'e oare kant fan 'e wrâld al yn 'e 1930-er jierren de opmars fan Japan begûn, wêrby't grutte dielen fan Sina beset wiene. Mei de Japanske oanfal op Pearl Harbor, in marinebasis op Hawaï, waarden ek de Feriene Steaten ein 1941 yn 'e Twadde Wrâldoarloch belutsen. Neitiid waarden de Amerikanen yn 'e Filipinen ferslein en koe Japan ek dat gebiet besette. Dêrnei foelen de Japanners de Britske, Nederlânske en Frânske koloanjes yn Súdeast-Aazje binnen en feroveren dy gebieten.

De omkear yn 'e oarloch begûn mei de Slach by Midway, yn juny 1942, wêrby't de Amerikaanske Marine ôfweefde mei de oppermacht dy't de Japanske Keizerlike Marine oant dy tiid yn 'e Stille Oseaan hie. Yn Noard-Afrika kearde de Britske generaal Bernard Law Montgomery yn novimber 1942 yn 'e Twadde Slach by El Alamein it Dútske Afrikakorps fan fjildmaarskalk Erwin Rommel. Yn Ruslân waard de Dútske opmars ta stean brocht yn 'e skriklike en slepende Slach om Stalingrad, dy't ein jannewaris 1943 úteinlik útrûn op in oerwinning foar de Sovjet-Uny doe't it hiele Dútske 6e Leger him oerjaan moast. Yn 'e Stille Súdsee einige om dyselde tiid hinne de Slach om Guadalcanal yn in Japanske nederlaach, en de rêchbonke fan 'e Dútske Wehrmacht waard yn july 1943 brutsen yn 'e Slach by Koersk, op 'e Jeraziatyske Flakte. Oanhâldende bombardeminten, oerdeis troch de Amerikaanske en nachts troch de Britske loftmacht, fernielden stadichoan de yndustry dy't Dútslân brek wie om 'e oarloch fuort te setten.

De ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch sette yn juny 1944 útein, doe't de Alliëarden op D-Day lânings op 'e kust fan Normanje útfierden en sa in nij front yn it westen iepenen. Dêrwei waard neitiid de Dútske besetting fan West-Jeropa oprôle, al beaen de Dútsers taai ferset dat foar de Alliëarden mei it Ardinnenoffinsyf en de Slach om Arnhim noch foar ferskate tebeksetters soarge. Underwilens teach yn East-Jeropa it Reade Leger op, dêrby ferskriklike oarlochsmisdieden tsjin 'e Dútske boargerbefolking begeand út wraak foar wat de Dútsers de ynwenners fan 'e Sovjet-Uny oandien hiene. De ein kaam mei de Fal fan Berlyn, yn april 1945, doe't de haadstêd fan it Trêde Ryk troch it Reade Leger ynnommen waard, en de Dútske diktator Adolf Hitler himsels mei in hantsjefol fertroulingen fan kant makke. Mei de oerjefte fan nazy-Dútslân kaam op 7 maaie 1945 in ein oan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa.

Tsjin dy tiid wie oan 'e oare kant fan 'e wrâld de striid tsjin Japan ek yn in einfaze oanbelâne. Mei it saneamde eilânhuppen, it eilân foar eilân weromrôljen fan 'e Japanske besetting yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, wie Japan flink yn 'e pine set. Nettsjinsteande dat waard om elts eilân in fûleindige striid levere, dy't net selden einige yn 'e kollektive selsmoard fan it restearjende Japanske garnizoen. De Slach om Iwo Jima en de Slach om Okinawa binne de bekendste foarbylden fan dat stadium fan 'e oarloch. Doe't de Japanners hielendal weromkrongen wiene nei harren eigen eilannen, mar noch net fan opjaan witte woene, besleat it Amerikaanske regear om in nij wapen yn te setten, de atoombom. Nei de atoombombardeminten fan Hiroshima en Nagasaki joech Japan him op 15 augustus 1945 oer oan 'e Alliëarden, wêrmei't de Twadde Wrâldoarloch beëinige waard.

 
De Konferinsje fan Jalta, yn febrewaris 1945, mei (sittend f.l.n.rj.) de Britske premier Winston Churchill, de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, en Sovjet-lieder Josef Stalin.

Tsjin dy tiid wie bekend wurden dat de nazys yn Jeropa genoside bedreaun hiene tsjin beskate befolkingsgroepen: by de Holokaust wiene 6 miljoen Joaden fermoarde, en by de Porajmos wiene 500.000 Roma ombrocht. De nazys hiene dêrfoar spesjale ferneatigingskampen boud, dêr't sokke ûnwinske persoanen sa effisjint mooglik, troch it gebrûk fan gaskeamers, op in suver yndustriële skaal deade waarden. De nammen fan sokke konsintraasjekampen, lykas Auschwitz, Sobibor, Treblinka, Bergen-Belsen, Buchenwald, Ravensbrück, Mauthausen en Dachau, waarden kweaferneamd. De Alliëarden setten útein mei de berjochting fan 'e ferantwurdliken (ynsafier't se dy te pakken krigen hiene). Ytliken fan dyselden waarden by de Prosessen fan Neurenberch ta de deastraf feroardiele. Itselde lot trof in oansjenlik tal Japanske militêren, dy't ferantwurdlik wiene foar de freeslike behanneling fan Westerske en Aziatyske finzenen yn 'e saneamde jappekampen.

De lânkaart fan East-Jeropa waard nei de Twadde Wrâldoarloch op 'e nij tekene. De grutste feroarings wiene dat de Sovjet-Uny de Baltyske steaten en dielen fan Finlân, Poalen, East-Prusen, Tsjechoslowakije en Roemeenje anneksearre, wylst de westgrins fan Poalen yn it neidiel fan Dútslân nei it westen ta opskood waard. Dútslân ferlear dêrtroch net inkeld East-Prusen, mar ek Pommeren en Sileezje. De Oder-Neissegrins waard de nije grins mei Poalen. Yn it ramt fan dizze feroarings waarden miljoenen etnyske Dútsers ferdreaun út 'e gebieten dy't no by Poalen en de Sovjet-Uny kamen te hearren, wylst ek Dútske minderheid yn Tsjechoslowakije foar in grut part it lân útset waard. Dútslân sels, en ek Eastenryk, dat ûnder de oarloch diel útmakke hie fan nazy-Dútslân, waarden opdield yn besettingssônes fan 'e fjouwer foarnaamste Alliëarden: de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk en de Sovjet-Uny.

Om it ferwuostge Jeropa der nei de oarloch ekonomysk wer boppe-op te helpen, setten de Feriene Steaten útein mei in wiidweidich finansjeel projekt om 'e weropbou te ûnderstypjen, dat it Marshallplan kaam te hjitten. Yn Poalen, Tsjechoslowakije, Hongarije, Roemeenje, Bulgarije, Joegoslaavje en Albaanje kamen koart foar of nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch al of net mei help fan it Reade Leger kommunistyske rezjyms oan 'e macht, dy't fan dy lannen in rige fazalsteaten fan 'e Sovjet-Uny makken. De Westerske Alliëarden seagen dat mei oanwaaksende ûngerêstheid oan, en it duorre net lang ear't der groeiende ûnienichheid tusken harren en de Sovjet-Uny ûntstie.

Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren ûntjoech him dy ûnienichheid ta in konflikt dat de Kâlde Oarloch kaam te hjitten, mei as hichtepunten de Grykske Boargeroarloch en de Blokkade fan Berlyn. By dat lêste treffen besocht de Sovjet-Uny de trije Westerske besettingssônes yn 'e Dútske haadstêd Berlyn te isolearjen, wêrnei't de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Frankryk in loftbrêge ynsetten om harren dielen fan 'e stêd te befoarriedzjen. Yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch moat ek de formalisearring fan 'e opdieling fan Dútslân sjoen wurde, mei de oprjochting, yn 1949, fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân (of West-Dútslân), besteande út 'e trije Westerske besettingssônes, en fan 'e Dútske Demokratyske Republyk (DDR of East-Dútslân), besteande út 'e besettingssône fan 'e Sovjet-Uny. Itselde barde yn Koreä, dêr't yn 1948 de Amerikaanske besettingssône ûnôfhinklik waard as de Republyk Koreä (Súd-Koreä), wylst hast tagelyk de besettingssône fan 'e Sovjet-Uny útroppen waard ta de Demokratyske Folksrepublyk Koreä (Noard-Koreä). Yn 1949 rjochten de Feriene Steaten, Kanada en tsien Westjeropeeske lannen de NATO op, in militêr bûnsgenoatskip dat rjochte wie tsjin 'e Sovjet-Uny.

Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren waard fierders ek in begjin makke mei it dekolonisaasjeproses yn Aazje, dêr't it Feriene Keninkryk Britsk-Ynje, Britsk-Birma en Britsk-Seylon opjoech, de Feriene Steaten ûnôfhinklikheid skonken oan 'e Filipinen, en Nederlân ôfstân dwaan moast fan Nederlânsk-Ynje, nei't it him dêr ûnder de Polisjonele Aksjes om 'e nocht tsjin ferset hie. Yn 1948 waard boppedat de steat Israel selsstannich, as in thúslân foar de yn de Twadde Wrâldoarloch sa ferfolge Joaden. Dat soe liede ta santich jier fan oanhâldende konflikten yn it Midden-Easten mei anno 2018 noch gjin ein yn sicht. Ek ûntstie nei de Twadde Wrâldoarloch gruttere ynternasjonale gearwurking, û.m. troch de oprjochting fan 'e Feriene Naasjes, de Ried fan Jeropa en de Benelúks.

 
Finske soldaten ûnder de Winteroarloch mei de Sovjet-Uny.
 
De binnenstêd fan Rotterdam nei it Dútske Bombardemint fan Rotterdam.
 
De Britske haadstêd Londen nei Dútske bombardeminten ûnder de Slach om Ingelân, mids 1940.
 
In groep oppakte Roma yn it Dútske Asperg, yn maaie 1940, wachtsjend om ôffierd te wurden nei de ferneatigings-kampen.

Wichtichste foarfallen

bewurkje seksje
1940
 
Australyske soldaten ûnder it Belis fan Tobrûk, yn 1941.
 
It Amerikaanske slachskip de USS Arizona yn 'e brân nei de Japanske oanfal op Pearl Harbor.
 
Stânrjochtlike eksekúsjes fan opstannelingen troch de Dútsers yn it besette diel fan 'e Sovjet-Uny.
 
De Dútske diktator Adolf Hitler.
1941
 
Amerikaanske marinierskorpss ûnder de Slach om Guadalcanal, yn 'e Salomonseilannen.
 
Soldaten fan it Reade Leger yn 'e tsjinoanfal ûnder de Slach om Stalingrad.
 
Hongaarske Joaden arrivearje yn it Dútske ferneatigingskamp Auschwitz.
1942
 
Dútske tanks ûnder de Slach by Koersk.
 
De Earste Konferinsje fan Kaïro, yn novimber 1943, mei f.l.n.rj. de Sineeske presidint Chiang Kai-shek, de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt en de Britske premier Winston Churchill.
 
De Italjaanske diktator Benito Mussolini.
1943
 
It ferrinnewearre Midsiuwske Kleaster fan Monte Cassino ûnder de Slach om Monte Cassino, yn 1944.
 
De Amerikaanske sjonger en akteur Bing Crosby fersoarget in optreden foar de troepen yn Londen yn 1944.
 
De Amerikaanske generaal Dwight Eisenhower sprekt foarôfgeande oan D-Day de troepen ta.
 
Amerikaanske soldaten geane op Omaha Beach ta, by de lânings op 'e kust fan Normanje, op D-Day (6 juny 1944).
 
Dútske SS-ers ûnder de Opstân fan Warsjau, yn augustus 1944.
 
De Amerikaanske generaal Douglas MacArthur giet oan lân op it Filipynske eilân Leyte (1944).
1944
 
It lyk fan 'e stânrjochtlik eksekutearre Italjaanske diktator Benito Mussolini (2e fan lofts).
 
De ruïnes fan it Ryksdeigebou yn Berlyn nei de Slach om Berlyn.
 
SS-kampbeweksters helje de útmergele lichems fan finzenen fan karren ôf om se yn in massagrêf te begraven yn it Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen, yn 1945.
 
De atoombombardeminten fan Hiroshima (l.) en Nagasaki (rj.).
 
In útsinnige mannichte fiert yn augustus 1945 de Kapitulaasje fan Japan op Times Square, yn New York.
 
De Japanske minister fan Bûtenlânske Saken Mamoru Shigemitsu ûndertekenet de Kapitulaasje fan Japan, 2 septimber 1945.
1945
 
Wat der oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch oer is fan 'e Poalske haadstêd Warsjau.
 
It's a Wonderful Life, in Amerikaanske filmklassiker út 1946.
 
De Dútske beklagen by de Prosessen fan Neurenberch.
1946
 
It flot de Kon-Tiki, wêrmei't de Noarske antropolooch Thor Heyerdahl yn 1947 fan Perû nei Frânsk-Polyneezje fear.
 
Amerikaanske útjeften yn 'e ûnderskate Jeropeeske lannen yn it ramt fan it Marshallplan.
 
Rita Hayworth wie ien fan 'e populêrste aktrises út 'e jierren fjirtich.
1947
 
De grutte foarfjochter fan 'e ûnôfhinklikheid fan Britsk-Ynje, Mahatma Gandhi.
 
David Ben-Gurion ferklearret Israel yn 1948 ta in ûnôfhinklik lân.
1948
 
Mao Zedong ropt yn 1949 yn Peking de Folksrepublyk Sina út.
1949

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.