Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Toulouse is in stêd yn it suden fan Frankryk. Mei 440.204 ynwenners wie Toulouse yn 2009 nei Parys, Marseille en Lyon de fjirdgrutste stêd fan Frankryk.

Toulouse
Bestjoer
Lân Frankryk
Regio Midi-Pyrénées
Sifers
Ynwennertal 440.204 (2009)
Oerflak 118,30 km²
Befolkingsticht. 3.721 ynw. km²
Hichte 144 m. boppe seenivo (115–263 m)
Oar
Postkoade 31000, 31100, 31200, 31300, 31400, 31500
Tiidsône UTC +1
Offisjele webside
www.toulouse.fr

Ut de skiednis

bewurkje seksje

Tolosa Tectosagum wie in Gallyske stêd dêr't in Romeinsk legioen legere waard. Yn 8e iuw ûntstie it greefskip Toulouse, wat de stêd ta it kulturele sintrum fan de Languedoc makke.

Yn de 20e iuw waard Toulouse de haadstêd fan de Frânske loft- en romtefeart. Airbus, ESA, Alcatel Espace en in protte oare bedriuwen festigen harren yn Toulouse.

De stêd hat ek de ENAC, de grutste Jeropeeske loftfeartuniversiteit, en IPSA, de grutste skoalle foar loftfeart- en romtefearttechnyk yn Frankryk.


  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Toulouse fan Wikimedia Commons.