Hilaard
Hilaard | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 315 (2022) [1] | |
Oerflak | 4,92 km² lân: 4,82 km² wetter 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 65 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 09' N 5° 42' E | |
Offisjele webside | ||
www.hilaard.nl | ||
Kaart | ||
Hilaard is in doarp yn it westlike part fan 'e gemeente Ljouwert. It doarp leit oan 'e provinsjale wei N359 fan Ljouwert nei Boalsert.
Skiednis
Hilaard is oarpspronklik in terpdoarp mei wat hûzen hjir en dêr. De bebouwing waard yn de 19e iuw wat tichter op inoar. Yn de 20e iuw fûn útwreiding plak oan de Hoptilsterdyk. De toer fan de Jehannestsjerke datearret út de 14e iuw. De tsjerke datearret fan 1450.
State
Noardlik fan de tsjerke stie de Tsjessingastate. Al fier foar 1500 stie hjir in state, dy't nei 1511 besit wie fan Hobbe Doekes en bewenne waard troch Meynert Tyessinga. De stins waard dêrnei Tsjessingastate neamd. Fan de 16e iuw ôf waard it eigendom fan de Fan Aylva's. Hobbe fan Aylva stoar op 14 juny 1645 yn Hilaard. De midsiuwske tsjerke fan Hilaard hat noch in tinkstien ta neitins oan Hobbe fan Aylva en syn frou Frouck.
Yn de 18e iuw wie de state bekend as Mockemastate. De state is yn 1749 ôfbrutsen. It grutte poartegebou gie pas yn 1799 plat. Yn 2000 binne de fûneminten dêrfan bleatlein.[2]
Skoalle
Yn 1873 krige Hilaard in eigen legere skoalle, dy't him letter ûntjoech ta de kristlike basisskoalle De Reinbôge. Oant 1923 siet dy oan 'e Smidsstrjitte, dêrnei oan 'e Hoptilsterdyk. It lêste skoalgebou datearre út 1976. Oan 'e ein fan it skoaljier 2018-2019 gie De Reinbôge ticht omreden fan it weromrinnend tal learlingen.
Doleânsje
De tsjerklike feroarings fan 1816, wermei't de oerheid de frijsinnigens yn de tsjerke alle romte joech, gyngen ynearsten oan Hilaard foarby. De ôfskieding krige yn Hilaard gjin foet oan de grûn, om't de gemeente ien fan de seldsume otterdokse gemeenten fan de omkriten wie. Mar nei't der swierrichheden ûnstiene mei in pear moderne leden by it nachtmiel en de tsjinstdwaande dûmny útlei wat der fierder yn it lân barde, ûnstie der yn de gemeente yn 1887 ferset. De dûmny, tsjerkeried en tsjerkfâdij brieken ienriedich mei de synoade en op 31 augustus 1888 naam de dolearjende gemeente nei in soad ûnrêst it beslút in eigen tsjerke te bouwen, dy't yn jannewaris 1889 foltôge waard. De grifformearde tsjerke fan Hilaard wie wat ledetal oanbelanget altiten folle grutter as de herfoarme gemeente.[3] De eardere grifformearde tsjerke kaam yn 2000 frij doe't de grifformearde en herfoarme gemeenten fan Hilaard yn it ramt fan 'e ienwurding fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân de lapen gearsmieten. Sûnt is it gebou yn gebrûk troch Koptysk-Otterdokse Tsjerke.
Twadde Wrâldkriich
Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne de Jehannestsjerke as ûnderdûkersplak foar meiïnoar 13 manlju yn wikseljende gearstalling. Oerdeis wurken de manlju by boeren, nachts sieten se yn de tsjerke. Op 9 jannewaris 1945 waard nei alle gedachten troch ferrie de tsjerke binnenfallen. De Dútsers namen de koster en sân ûnderdûkers mei. In pear dêrfan binne letter op transport steld nei it kamp Schwarzer Weg by Wilhelmshaven yn Dútslân. Ien fan de ûnderdûkers wie Bote Lieuwe Dijk út Ljouwert, dy't earder al by tafal oppakt wie by in fytspatrûlje fan de SD. Hy waard tegearre mei twa oare slachtoffers by Hjerbeam fussilearre en wie de iennige fan de Hilaarder ûnderdûkers dy't de oarloch net oerlibbe. By de restauraasje fan de tsjerke waard it ûnderdûkersplak wer ûntdutsen. Ta neitins waard in plakette makke. Ek op oare plakken waarden yn Hilaard ûnderdûkers ûnderbrocht.[4][5]
Oars
Oan it begjin fan de 20e iuw hie Hilaard in koöperative molkfabryk en in flaaksfabryk dy't letter ôfbaarnd is.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel, en foarôfgeande oan 'e weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Baarderadiel.
It besjen wurdich
- De 13e-iuwske toer en it gotyske Jehannestsjerke en it grêfmonumint út 1656 foar Hobbe fan Aylva en Frouck fan Aylva.
- Yn Hoptille stiet noch it tolhûs mei it Boalserter wapen.
Mienskip
De feriening foar Doarpsbelang hjit Hilaard-Hoptille. Nei't it kafee yn 1992 ôfbaarnde, waard it doarpshûs 'De Twatine' boud.
Tsjerken
- De Wikipedy hat ek in side Jehannes de Dopertsjerke (Hilaard).
- De Wikipedy hat ek in side Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke.
- Jehannes de Dopertsjerke, protestanske tsjerke;
- Tsjerke fan de Hillige Jongfaam Marije en Sint-Paulus, koptyske tsjerke.
Skoalle
Sûnt 2019 hat it doarp gjin eigen skoalle mear. De lêste bern gyngen oer nei de Earne-wjuk yn Easterlittens, ek in skoalle fan de Stifting Kristlik Basisûnderwiis De Greiden.[6]
Ferienings
- Fûgelwacht Boksum en omkriten
- Hilaardich - toaniel
- Iisklub de 2 Streken
- Klaverjasklub
- Mei In Oar Ien - keatsen
- Nij Begjin - biljerten
- Stifting 'Hy Night' organisearret it jierlikse tintefeest
Befolkingsferrin
1999 | 2002 | 2003 | 2004 | 2009 | 2018 | 2019 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
302 | 317 | 319 | 323 | 321 | 295 | 305 | 315 |
Berne
- Ane Nauta (1882-1946), arsjitekt
- Gerrit Feenstra (1890-1985), arsjitekt
- Johannes van der Veer (1869-1928), kristen-anargist
- Harmen Abma (1937-2009), keunstner
- Jabik Veenbaas (1959-), filosoof, skriuwer, oersetter
- Lolkje Hoekstra (1968-), skriuwer
Doarpswapen en flagge
- It wapen
Yn it skyld stiet in klokfoarmige dieling fan blau en goud. Dy dieling ferwiist nei de unike klokgevel fan de yn giele stien oplutsen toer. Dêrom is it ûnderste diel ek fan goud. Yn it blau steane twa gouden leeljes, dy't beide ferwize nei de wapens fan de famyljes Van Aylva en Mockema, dy't ek leeljes hawwe. Beide famyljewapens binne foar it measte part blau.
It wichtichste middel fan bestean yn dizze omkriten is de feefokkerij, dêrom dan ek in kowekop fan it Frysk swartbûnte ras yn it gouden fjild: In swarte kowekop mei in kylblês (wyt).
It skyldhaad is read mei in sulveren krús. Dit tsjut op it Laam Gods en is in attribút fan Jehannes de Doper. Jehannes wiist op Jezus as it laam fan God dat de sûnde fan de wrâld weinimt. Yn de tsjerklike en heraldyske tradysje draacht it Laam fan God in wyt findel mei in read krús. Om estetyske redenen binne de kleuren fan it findel omkeard. De betsutting feroaret dêr lykwols net om. It read is it bloed fan Kristus en it wyt is de himelske reinheid. It reade skyldhaad mei it sulveren krús wol dit werjaan.
- De flagge
De flagge hat, lykas it wapen, de unike klokfoarmige yndieling, diskear yn 't read, wêryn't de giele leelje út it wapen stiet. Oanslutend op de klok in blauwe baan, dy't foar de Hilaarder Feart stiet. Dizze feart rint benoarden it doarp nei it easten en dan mei in bocht wer nei it westen, krekt as yn de flagge. Eartiids wie de feart in wichtich kommunikaasjemiddel mei de bûtenwrâld foar Hilaard. De flecht fan de flagge is giel, dat ferwiist nei it ûnderste diel fan it wapen.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |