Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Friens

Ut Wikipedy
Friens
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 90 (2022) [1]
Oerflak 3,17 km²
lân: 3,09 km²
wetter 0,07 km²
Befolkingsticht. 29 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 05'N 5° 48'E
Offisjele webside
Side Reduzum-Fries-Idaerd-Eagum
FB-side Doarpshûs
Kaart
Friens (Fryslân)
Friens

Friens is ien fan de lytste fan de 17 doarpen yn de gemeente Ljouwert.

Friens leit noardwestlik fan Grou, noardeastlik fan Jirnsum en súdlik fan Reduzum tusken de Kromme Grou, de Mûzel, de Oeriselske Strjitwei, de N354 en de A32. Oan de westlike kant fan it doarpsgebiet rint it Swin, dat foar ferbining soarget fan de Kromme Grou yn it suden en it Ald Swin yn it noarden.

De namme komt fan Frea-inge, wat safolle betsjut as 'doarp fan it slachte fan Frea'. Friens leit tusken de doarpen Idaerd, Grou, Jirnsum ) en Raerd en is it lêste terpdoarp op de eastlike ouwer fan de Middelsee. Nei Friens rûn de âlde hearbaan oer de noardouwer fan De Boarn nei it kleaster en de brêge fan Nes. De tsjintwurdige wei giet oer de súdouwer.

Beslingastate

It meast opfallende oan it doarp is it tsjerkje út 1795, yn 1906 werboud, mei in rike samling roubuorden fan de Van Beslinga's en Van Sytzema's dy't yn Friens op de eardere Beslingastate wenne hawwe. Fan de state sels, dy't yn de perioade fan 1620 oant 1849 súdwestlik fan de tsjerke stien hat, is neat werom te finen: sels de terp dêr't de state op stien hat is ôfgroeven. Wol binne der noch stinzeplanten (û.o. nagelkrûd en wylde roazen) te finen op it hiem fan de pleatsen om Friens hinne.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 hearde Friens by de eardere gemeente Idaarderadiel. Idaarderadiel gie yn dat jier op yn de nije gemeente Boarnsterhim en sûnt de opheffing fan dy gemeente yn 2014 heart Friens by de gemeente Ljouwert.

It doarpswapen wurdt as folget beskreaun: 'Yn sulver twa griene kneppels, skean oer elkoar hinne, dêrboppe en dêrûnder in reade roas.'[2] De takken binne ûntliend oan it wapen fan de famylje fan Beslinga. De roazen stamme fan it wapen fan de famylje fan Sytzama.

Friens hat in eigen doarpsbelang en it doarpshûs hjit "It Lokaeltsje". It doarp hat tegearre mei Reduzum, Idaerd en Eagum in mienskiplike ynternetside. Ek it doarpskrantsje 'Linepraat' is in mienskiplike útjefte fan deselde doarpen.

Tsjerke fan Friens

Protestantsk Friens is oansletten by de herfoarme gemeente Reduzum–Idaerd.

Yn 1934 waard as ûnderdiel fan de besunigings ûnder Hendrik Pieter Marchant de iepenbiere skoalle fan Friens mei dy fan Idaerd sletten. De bern geane yn 'e regel nei de Trije Doarpen Skoalle fan Reduzum.

Sicht op ferboude pleats oan de Van Sytzamawei
  • Toanielklub Tusken Swin en Moezel
  • Iisklub de izeren Wjuk.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1999 2002 2004 2005 2006 2007 2010 2016 2022
Ynwenners 92 87 88 89 91 92 89 75 90
Friens

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. (fy) Bultsma, P. (1986). Doarpswapens en -flaggen fan de gemeente Boarnsterhim. Genealogysk Jierboek 1986, siden 107-115.

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje