Snakkerbuorren (Ljouwert)
Snakkerbuorren | ||
Snakkerbuorren fan de Dokkumer Ie ôf sjoen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 195 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 0,31 km² lân: 0,28 wetter 0,03 km² | |
Befolkingsticht. | 645 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9083 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 13' NB, 5° 49' EL | |
Offisjele webside | ||
Side doarpshûs Lekkum | ||
Kaart | ||
Snakkerbuorren is in doarp of buorskip yn de gemeente Ljouwert. Snakkerbuorren leit eastlik oan de Dokkumer Ie, noardlik fan Ljouwert en súdwestlik fan Lekkum. De doarpskearn hat in langhalige foarm en leit eastlik oan de Dokkumer I, oan de strjitten Oan 'e Ie en Oan 'e Dyk.
Snakkerbuorren hat 195 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Snakkerbuorren ûntstie mooglik yn de 15e iuw en waard yn de 16e iuw foar it earst neamd. De namme sil nei alle gedachten te krijen hawwe oan de lizzing fan de buorskip neffens Lekkum: in útstykjende lape grûn en is etymologysk besibbe oan nammen lykas Snits en Sniksweach. Oan 'e ein fan de midsiuwen moat de buorskip in lytse mienskip fan boeren of komelkers west hawwe. Yn 1511 wurdt yn it Register fan Oanbring lykwols neat oer de buorskip sein.
Yn it midden fan de 16e iuw kamen der ambachtslju út 'e stêd Ljouwert wei en fêstigen har bûten de stêd oan 'e Dokkumer Ie om de regeldruk fan de stêd te mijen. Ynearsten setten in soad ambacht- en hannelslju harren oan it Fliet justjes eastlik fan de stêd. Doe't de stêd de jurisdiksje oer dat gebiet yn it midden fan de 16e iuw oer dat gebiet bemachtige, waard Snakkerbuorren in populêre bestimming. It plak woeks út ta in warber yndustryplakje dat him troch de lizzing oan de Dokkumer Ie benammen op de skipfeart rjochte. De Ie wie in wichtige ferkearsier en yn 1647 waard oan de noardwestkant fan de Ie de trekfeart oanlein. De buorren ûntstie as in langhalige kearn oa dy wetterdiken en dêr ûntstie stadichoan in lintbebouwing. Ek kamen der in kalkstokerij, in stienbakkerij, in oaljefabryk, in sjerpfabryk en in sjipsiederij yn it plakje. Yn 1775 waard herberch De Sevenster iepene.
Snakkerbuorren, dat tegearre mei Miedum offisjeel ta it doarpsgebiet fan Lekkum hearde, hie in reedlike grutte middenstân en de buorskip wie it fersoargingsintrum fan de trije plakken.
Yn 'e rin fan de 19e en 20e iuw rekke it bedriuwslibben yn it plakje yn it neigean. It bedriuwslibben waard troch de stêd Ljouwert oernommen, dêr't in soad ambachtslju harren ek fêstigen. De middenstân ferdwûn hast alhiel. De stêd Ljouwert woeks hieltyd tichter by de buorskip, dêr't de stêd hjoed-de-dei by alhiel tsjin Snakkerbuorren oanwoeksen is. Oant 1943, hearde Snakkerbuorren by de gemeente Ljouwerteradiel, doe't er by de gemeente Ljouwert foege waard.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Snakkerbuorren foarmet mei de doarpen Miedum en Lekkum al iuwen lang ien mienskip. De doarpen wurde ek wol De Trije Doarpen neamd. Der bestean in soad gearwurkings tusken de doarpen, benammen op in mêd fan kultuer. Sa hawwe se meiïnoar ien doarpsblêd: De Kobbeflecht. De trije doarpen hawwe ek ien doarpsferiening, Doarpsbelang dy't him ynset foar de belangen fan de doarpsbewenners.
Doarpstún
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Snakkerbuorren hat in eigen doarpstún, dy't beheard wurdt troch de "Stifting Doarpstún Snakkerbuorren".
Evenemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Iepenloftspul Snakkerbuorren, it lytste iepenloftspul yn Fryslân, wurdt elts jier ein juny/begjin july yn 'e Doarpstûn holden.
Doarp/buorskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeentlike nammejouwingskommisje makke yn juny 2007 dúdlik dat Snakkerbuorren ûnrjochtlik as doarp oanmurken wurdt, mar altyd in buorskip west hat. Soks soe blike út in dokumint út 1975 [2]. Oant 1975 foel Snakkerbuorren as buorskip ûnder Lekkum, mar waard doe troch de gemeente Ljouwert as in aparte buorskip oanmurken. Yn 1978 doe't it hjoeddeistich postkoadesysteem mei fjouwer nûmers en twa letters ynfierd waard, krige Snakkerbuorren in eigen postkoade. Dêrtroch waard it wynliken in selsstannich wenplak.
-
Snakkerbuorren op in kaart fan de gemeente Ljouwert út 1866.
-
Strjitbyld Snakkerbuorren
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e Dyk, Oan 'e Ie, Op 'e Tún, Pôlepaad.
Berne yn Snakkerbuorren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Folkert van der Woude (1933-2012), natuerkundige
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |