Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Jûba

Ut Wikipedy
Jûba
Bestjoer
Lân Súd-Sûdan
Steat Sintraal-Ekwatoria
Sifers
Ynwennertal 250.000 (rûzing 2008)
Hichte 550 m
Oar
Stifting 1922
Tiidsône EAT (UTC+3)

Jûba (Arabysk: جوبا; útsprekke as: Dzjoeba) is de haadstêd fan de Republyk Súd-Sûdan en ek de haadstêd fan de dielsteat Sintraal Ekwatoria (Al-Istiwa'iyya Al-Wusta), de lytste fan de tsien dielsteaten. Jûba leit sa'n 1200 kilometer besuden de Sûdaneeske haadstêd Kartûm oan de Wite Nyl, dy't op dat plak ek wol Berch-Nyl (Bahr-al-Jabal) hjit.

De stêd hat anno 2010 sa'n 250.000 ynwenners. By de lêste folkstelling yn 1993 wiene dat noch 114.980 ynwenners. De Bary binne de grutste befolkingsgroep yn it plak en likernôch de helte fan de minsken binne katolyk; ek de Anglikaanske Tsjerke is dêr fertsjintwurdige.

Yn de 19e iuw wie der in hannels- en missypost yn de omkriten fan Jûba mei de namme Gondokoro. It wie ek it meast súdlike Turkske garnizoensplak, mei mar in hânfol soldaten dy't meastentiids siik wienen fan de malaria en de swartwetter koarts. Gondokoro wie ek de basis foar de ekspedysjes nei wat no Súd-Sûdan en Noard-Uganda is fan de ûntdekkingsreizger Samuel Baker (1863 - 1865 en fan 1871 - 1873).[1]

Yn 1922 kamen in stikmannich Grykske hannelers oan dy't Jûba op de westouwer fan de Wite Nyl stiften. De Griken hienen in goede ferhâlding mei de lânseigen stam, de Bary; sy leinen wat no it sakewyk is oan. De gebouwen dêr't no de Buffalo Commercial Bank, de Nile Commercial Bank, it Paradise Hotel, deNoarske konsul en sa mear húsmanje, waarden oarspronklik troch de Griken set en wiene oant begjin jierren 40 ta de iennichste permaninte gebouwen yn de stêd.

Jûba Hotel yn 1936.

Fan 1899 oant 1956 hearde Jûba by it Ingelsk-Egyptysk Sûdan dat mei it Keninkryk Egypte ûnder ien Britsk bestjoer foel. De Britske hope om Súd-Sûdan by Uganda te foegjen waard op de Jûbakoferinsje yn 1947, dy't de ienwurding fan Noard- en Súd-Sûdan regele, teneate dien. Yn 1955 waard de rebûlje fan súdlike soldaten yn Torit de oanset fan de Earste Sûdaneeske Boargerkriich, dy't oant 1972 duorre hat. Under de Twadde Sûdaneeske Boargerkriich wie Jûba in plak fan strategysk belang dêr't in protte fjochte is.

Yn 2005 waard Jûba de tydlike sit fan de semy-autonome regearing fan Súd-Sûdan (GoSS), hoewol't earst oan Rumbek tocht wie. Doe't de frede yn it foarútsjoch wie, wreide de Feriene Naasjes (FN) syn oanwêzigens yn Jûba út, oant dan ta hie de FN foar Súd-Sûdan fanút Kenia operearre. Under lieding fan de FN har Office for the Coordination of Humanitarian Affairs, waard it saneamde "OCHA Camp" stifte, dat as basis tsjinne foar in protte FN- en net-gûvernementele organisaasjes.

Klimaatdiagram Jûba
Jier Befolking
1973 (folkstelling) 56 737
1983 (folkstelling) 83 787
1993 (folkstelling) 114 980
2005 (rûsd) 163 442
2008 (rûsd) 250 000[2]

Yn Jûba stiet de âldste hegeskoalle fan Súd-Soedan, de Universiteit fan Jûba. In grut part dêrfan is lykwols yn 1989 nei Kartûm ferhuze fanwege de boargerkriich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. To The Heart Of The Nile: Lady Florence Baker and the Exploration of Central Africa, fan Pat Shipman
  2. Estimated Population In 2006