Latynsk krús
In Latynsk krús (lat. crux immissa) of Passykrús is in krús werfan't de peal langer is as de dwersbalke, dy't boppe it midden de peal krúst. It is de meast gongbere kristlike krúsfoarm yn de tsjerken fan it Westen.
It krús stiet ek symboal foar de feriening fan himel en ierde. De peal stiet foar it godlike, wylst de dwersbalke de ierde fertsjintwurdiget.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste foarstelling fan in latynsk krús giet werom op de 4e iuw. It giet dan om in krús sûnder de krusige Jezus op 4e- en 5e-iuwske sarkofagen.
It latynske krús waard fral populêr yn Europa, wêrfan't de foarm erkend wurdt as it krús dêr't Jezus oan krusige waard (dêrom ek de namme passykrús).
Yn Unicode is it latynske krús opnommen as U+271D en as Emoji ✝️.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grûnplan fan in soad gruttere (neo)romaanske en (neo)goatyske tsjerken krigen de foarm fan in latynsk krús. It dwersskip krúst it skip by de alterromte. De romte dêr't it skip en it dwersskip inoar kruse wurdt de krusing neamt en skiedt it koer mei de alterromte fan de leken.
Heraldyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de krusen op de skylden fan de krúsfearders kamen de krusen yn de heraldyk. De Skandinavyske flaggen hawwe in 90 graden draaid latynsk krús yn de flagge, dy't op de 13e-iuwske Deenske flagge werom giet.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Latynsk krús fan Wikimedia Commons. |