Sonnetten (Shakespeare)
Sonnetten | ||
De Fryske oersetting fan Douwe Kalma, yn 2005 werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer y.g.m. ELF. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Sonnets | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | bondel sonnetten | |
skreaun | 1592-96 | |
1e publikaasje | 1609, Londen | |
oarspr. útjwr. | Thomas Thorpe | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Sonnetten | |
publikaasje | 1944, Dokkum | |
útjouwer | D.J. Kamminga | |
oersetter | Douwe Kalma |
De Sonnetten, yn it oarspronklike Ingelsk: Shakespeare's Sonnets, binne de samle fersen fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare. De samling bestiet út 154 gedichten, foar it grutste part yn sonnetfoarm, dy't ornaris erkend wurde as hearrend ta de moaiste fan hiel de wrâldliteratuer. Se waarden skreaun tusken 1592 en 1596 en publisearre yn 1609. De Sonnetten behannelje in breed skala oan tema's en motiven, lykas leafde, seks, dea, stjerlikens, oergeunstigens, skientme en ferfal. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma is út 1944.
Eftergrûn
Oan 'e ein fan 'e sechstjinde en it begjin fan 'e santjinde iuw wie it skriuwen fan in sonnettesyklus nei it foarbyld fan Petrarca syn Il Canzoniere in soarte fan raazje ûnder Ingelske dichters. Shakespeare syn sonnetten ûnderskiede har fan 'e measte oaren út dy tiid troch it rike ferskaat oan tematyk en de eigen foarm dy't er oanhold, fan it saneamde "Ingelske sonnet". Boppedat skeint Shakespeare wittens en mienens in grut tal regels foar sonnetten, dy't syn tiidgenoaten krekt strang neilibben. Sa boartet er mei de rollen dy't manlju en froulju tradisjoneel taparte waarden troch se om te draaien (nû. 20); neamt er minsklike sûnden dy't neat mei de leafde út te stean hawwe (nû. 66); leveret er kommentaar op politike foarfallen (nû. 124); driuwt er de spot mei de leafde (nû. 128) en mei skientme (nû. 130); sprekt er iepentlik oer seks (nû. 128); en brûkt er sels op humoristyske wize pornografyske omskriuwings (nû. 151).
De Sonnetten waarden foar it earst publisearre yn 1609 troch útjouwer Thomas Thorpe, ûnder de titel Shake-speares Sonnets: Never before imprinted (hoewol't twa sonnetten, nû. 138 en nû. 144, yn 1599 al ferskynd wiene as ûnderdiel 'e bondel The Passionate Pilgrim, dat in rôfdruk wie). Ek it oan Shakespeare taskreaune langere gedicht A Lover's Complaint, dat eins net ta de Sonnetten heart, waard troch Thorpe yn syn útjefte opnommen. Wat de folchoarder fan 'e Sonnetten oangiet, wurdt dy fan Thorpe syn publikaasje oanholden, hoewol't suver fêststiet dat dat net de oarspronklike fochoarder fan Shakespeare sels is.
De sonnetten binne hast allegear opboud út trije fjouwerregelige kûpletten dy't kwatrinen hjitte en in twaregelich einkûplet dat gearstald is yn jambyske pentameters. It rymskema kin sadwaande werjûn wurde as abab cdcd efef gg. Sonnetten mei sa'n rymskema wurde tsjintwurdich Shakespeareaanske sonnetten neamd. Gauris jout de earste regel fan it trêde kûplet de kear oan, dêr't de dichter fan toan feroaret of in iepenbiering docht. De útsûnderings binne sonnetten nû. 99, 126 en 145. Nûmer 99 hat fyftjin regels; nûmer 126 bestiet út seis kûpletten; en nûmer 145 is gearstald út jambyske heksameters ynstee fan pentameters.
Ynhâld
Ut Shakespeare syn Sonnetten lykje trije figueren nei foarren te kommen, dy't ornaris oantsjut wurde as de Kreaze Jongfeint, de Rivalisearjende Dichter en de Dûnkere Frouwe. It is net dúdlik oft dat besteande of troch Shakespeare optochte persoanen wiene. Wittenskippers dy't de Sonnetten as autobiografysk opfetsje, hawwe besocht om 'e personaazjes te identifisearjen, mar brekme oan gegevens en bewizen hat soks ta klearebare rieden makke.
Sonnet nû. 1-126 kinne rûchwei beskôge wurde as wijd oan 'e Kreaze Jongfeint. Nû. 1-17, dy't tradisjoneel de "fuortplantingssonnetten" (procreation sonnets) neamd wurde, besykje him oan te trúnjen om te trouwen en bern te krijen sadat er syn skientme oan it neigeslacht trochjaan kin. Nû. 18-126 beskriuwe de relaasje fan 'e dichter mei de Kreaze Jongfeint. Mei it each op it romantysk en leafdefol taalgebrûk hawwe guon saakkundigen oppenearre dat it dêrby om in fysike seksuële (dus homoseksuële) relaasje gean soe; oaren sjogge der neat oars as platoanyske leafde yn.
De Rivalisearjende Dichter wurdt neamd yn nû. 78-86. De dichter (Shakespeare) sjocht him as in konkurrint op it mêd fan ferneamdens, jildlike stipe en patronaazje.
Sonnet nû. 127-152 beskriuwe de pasjonele mar beswierlike leafde fan 'e dichter foar de Dûnkere Frouwe, dy't sa neamd wurdt om't út 'e gedichten bliken docht dat hja swart hier en in dûnkerblanke hûdskleur hat. Dizze sonnetterige ûnderskiedt him fan dy fan 'e Kreaze Jongfeint trochdat er iepentlik seksuële leafde omskriuwt. Sonnet nû. 151, dy't typearre wurdt as "skabeljeus", is dêr it bêste foarbyld fan.
De lêste beide sonnetten, nû. 153 en 154, binne allegoaryske behannelings Grykske epigrammen, dy't ferwize nei de "lytse leafdesgod" Kupido.
Oersettings
Shakespeare syn Sonnetten binne nei gedachten de meast oersette samling fersen út 'e skiednis. Allinne al foar it Dútske taalgebiet hawwe der sûnt 1784 70 folsleine fertalings west. De Sonnetten binne oerset yn frijwol eltse selsrespektearjende taal, Latyn, Esperanto en Klingon ynbegrepen.
Fryske oersetting
De Fryske oersetting fan Shakespeare's Sonnets ferskynde yn 1944 by útjouwerij D.J. Kamminga te Dokkum ûnder de titel Sonnetten fen Shakespeare, en is fan 'e hân fan Douwe Kalma. Letter makke dizze fertaling diel út fan Shakespeare's Wurk Dl. VIII, ien fan 'e omnibusútjeften fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, út 1976. Nei't er omstavere en by de tiid brocht wie troch Eric Hoekstra, waard dyseldichste tekst yn 2005 werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting, ûnder de titel De Sonnetten. Sonnet 66 is trouwens ek oerset yn it Frysk troch Haring Tjittes Piebenga, dy't syn fertaling yn 1964 publisearre yn De Tsjerne.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |