Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Hindrik VI, Diel 1

Ut Wikipedy
Hindrik VI, Diel 1
algemiene gegevens
oarspr. titel Henry VI, Part 1
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1591
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening Hindrik VI (1)
publikaasje 1963, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Hindrik VI, Diel 1, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry VI, Part 1 (folút eins: The First Part of Henry VI), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, mooglik yn gearwurking mei syn kollega-toanielskriuwer Thomas Nashe. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Sa't de titel al oanjout, is dit stik it earste diel fan 'e toanieltrilogy dy't basearre is op it tumultueuze libben en bewâld fan kening Hindrik VI fan Ingelân, dy't regearre fan 1422 oant 1461. It wurdt gauris mei Hindrik VI, Diel 2 en Diel 3 en mei Richard III gearfoege ta in tetralogy (rige fan fjouwer stikken) dy't de hiele perioade fan 'e Roaze-oarloggen beslacht, fan 1455 oant 1485. It wie it súkses fan dizze opienfolging fan toanielstikken wêrmei't Shakespeare syn namme as toanielskriuwer fêstige.

Hindrik VI, Diel 1 set útein mei de ûnferwachtse dea fan 'e noch jonge kening Hindrik V, yn 1422, en einiget mei it houlik fan dy syn soan Hindrik VI mei de Frânske ealfrouwe Margareta fan Anzjû, yn 1445 (al wurde dy rom tweintich jier yn it stik gearparse ta in folle lytsere tiidsspanne). It toanielstik giet benammentlik yn op it definitive ferlies fan 'e Ingelske besittings yn Frankryk oan 'e ein fan 'e Hûndertjierrige Oarloch en op 'e (hjir sterk ferienfâldige foarstelde) oarsaken fan 'e Roaze-oarloggen, de boargeroarloch tusken de beide tûken fan it Ingelske keningshûs. Hoewol't Hindrik VI, Diel 1 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof, dat it ferhaal moat net foar wier oannommen wurde. It stik is nei gedachten yn 1591 skreaun, mar waard pas foar it earst útjûn yn 1623, as ûnderdiel fan 'e First Folio. Mei Titus Androanikus wurdt dit wurk ornaris beskôge as ien fan 'e Shakespeare syn swakste stikken. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1963.

Hindrik VI, Diel 1 set útein mei de begraffenis fan kening Hindrik V, dy't ûnferwachts en op jonge jierren stoarn is. Wylst syn bruorren, de hartoggen fan Bedford en Gloucester, en syn omke, de hartoch fan Ekseter, der noch oer diskusjearje oft syn erfgenamt, de jonge Hindrik VI wol by steat wêze sil en lied it lân yn sokke ûnlijige tiden, arrivearret der berjocht út Frankryk wei (dat ûnder Hindrik V einlings en te'n lêsten troch de Ingelsen ferovere wie), dat dêr in opstân tsjin it Ingelske bewâld útbrutsen is ûnder lieding fan 'e dauphin Karel. Ferskate stêden binne al ferlern gien, en de Ingelske konstabel fan Frankryk, Lord Talbot, is finzen nommen troch de rebellen. Bedford hastiget him daliks nei Frankryk ta om him oan it haad fan it Ingelske leger dêre te stellen, wylst Gloucester it bestjoer fan Ingelân opfettet en Ekseter de oankommende kroaning fan Hindrik VI tariedt. (Hjir wykt Shakespeare daliks al danich fan 'e wurklikheid ôf, want Hindrik VI wie noch mar krekt berne doe't syn heit stoar, en wie doedestiden dus in lytse poppe, wylst de toanielskriuwer him foarstelt as in jongfolwoeksene.)

Underwilens wurdt Orléans belegere troch Ingelske troepen. Yn 'e stêd wurdt in jong frommeske, Jeanne d'Arc (troch Shakespeare Jeanne la Pucelle neamd), by prins Karel brocht. Hja beweart dat hja yn fizioenen sjoen hat hoe't de Ingelsen ferslein wurde kinne. Om har te beproevjen, daget Karel har út ta in twagefjocht, en as sy him dêrby ferslacht, jout er har it befel oer syn leger yn 'e hannen. Bûten de stêd arrivearret dan Bedford, dy't troch ûnderhannelings de frijlitting fan Talbot wit te berikken, mar fuort dêrnei falle de Frânsen, ûnder lieding fan Jeanne d'Arc, oan en ferdriuwe it Ingelske leger. Talbot en Bedford witte lykwols mei in mûklist in brêgehaad binnen de stedsmuorren te feroverjen, wat makket dat prins Karel en syn entoeraazje útnaaie.

Yn Ingelân rint ûnderwilens in ûnnoazele rûzje tusken Richard Plantagenet en de hartoch fan Somerset út op in iepentlike deilisskip dêr't it hiele hof yn behelle rekket. Se freegje harren oanhingers om trou oan harren te swarren, en sokke folgelingen nimme it teken fan in wite of in reade roas oan om harren bân mei Richard, resp. Somerset oan te jaan. As Richard syn omke, Edmund Mortimer, besiket, dy't finzen holden wurdt yn 'e Toer fan Londen, fertelt dy him syn eigen famyljeskiednis: hoe't de Plantagenets fan York Hindrik IV oan 'e macht holpen, mar doe troch him oan 'e kant skood waarden, en hoe't Hindrik V Richard syn heit terjochtstelle litten hat en syn famylje alle titels en besittings ûntnadere hat. Mortimer seit ek dat Richard no de wiere erfgenamt fan it Ingelske keningskip is. Oanfitere troch dy ferhalen swart er in eed dat er alles weromwinne sil dat syn famylje ûntstellen is. Nei Mortimer syn dea biedt er de noch mar krekt kroane Hindrik VI in petysje oan wêryn't er fersiket om it weromjaan fan syn rjochtlike titel. Hindrik stimt dêryn ta, en beneamt him ta hartoch fan York. Koart dêrnei set de kening ôf nei Frankryk, yn it selskip fan û.o. Gloucester, Ekseter, York en Somerset.

In gravuere (troch Frederick en Alfred Heath) fan Sêne yn de Timpeltún, fan John Pettie (1871).

Yn Frankryk wurdt wilens yn Normandje fochten, wêrby't de Frânsen binnen de tiid fan in pear oaren earst Rouen feroverje en dan wer ferlieze. Nei de slach komt Bedford te ferstjerren en nimt Talbot it befel oer it Ingelske leger op. Prins Karel fynt it ferlies fan Rouen in griis, mar Jeanne d'Arc stelt him gerêst. Hja wit de Frânske posysje fuort te sterkjen troch de machtige hartoch fan Boergonje, in bûnsgenoat fan 'e Ingelsen, oer te heljen om 'e lapen gear te smiten mei de Frânsen. Yn 'e tuskentiid is Hindrik oankommen yn Parys, dêr't er besiket om mei praten de deilisskip tusken York en Somerset oer te sljochtsjen. Him folslein ûnbewust fan wat er docht, kiest er dêrnei in reade roas as syn symboal, wêrmei't er himsels dus oan 'e kant fan Somerset stelt en York foargoed ta fijân makket. Dêrnei makket er syn flater kompleet troch de beide mannen tegearre it befel oer it Ingelske leger te jaan. As Talbot by Bordeaux troch de Frânsen ynsletten wurdt en om help freget, besykje York en Somerset inoar ôf te troevjen ynstee dat se tapakke, mei as resultaat dat gjinien fan beiden fersterkings stjoerd en Talbot mei syn troepen omkomt.

Nei dy slach litte Jeanne d'Arc har fizioenen har yn 'e steek. Se wurdt finzen nommen troch York en einiget as hekse op 'e brânsteapel. Op oantrún fan paus Eugenius IV en 'e Dútske keizer Sigismund stjoert Hindrik VI op frede mei de Frânsen oan, wêrby't er foarsteld dat prins Karel syn ûnderkening yn Frankryk wurde sil. De Frânsen geane dêrmei akkoart, mar binne fan doel om it ferdrach letter te ferbrekken en de Ingelsen út Frankryk te ferdriuwen. Underwilens hat de hartoch fan Suffolk in jonge Frânske prinsesse, Margareta fan Anzjû, finzen nommen. As er yn brieven oan 'e kening har kreaze foarkommen beskriuwt, is Hindrik dêr sa fan ûnder de yndruk dat er de rie fan syn adviseurs yn 'e wyn slacht en mei har trouwe wol. It stik einiget mei as Suffolk weromkeart nei Frankryk om it fanke op te heljen, en de riedslju fan 'e kening har ôffreegje hoe't it mei it lân komme sil.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henry VI, Part 1 waard ûnder de titel Kening Hindrik VI (diel I) yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1963 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. IV, yn 'e mande mei de fertalings fan in pear Shakespeariaanske komeedzjes en fan guon oare Shakespeariaanske keningsstikken, lykas Hindrik VI, Diel 2, Hindrik VI, Diel 3 en Richard III.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. IV: Lette Komeedzjes: It Winterjounsteltsje, De Stoarm; Keningsstikken: Kening Hindrik VI (diel I, II en III), Kening Richard III, Drachten, 1963 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

foar de wiere skiednis fan Hindrik VI, sjoch:

  • Ackroyd, Peter, The History of England, Volume I: Foundation, Londen, 2011 (Pan Macmillan), ISBN 978-0 33 05 44 283.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch fierder ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater