Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

De Rôf fan Lukresia

Ut Wikipedy
De Rôf fan Lukresia
algemiene gegevens
oarspr. titel The Rape of Lucrece
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre ferheljend gedicht
skreaun 1593 of 1594
1e publikaasje 1594, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Rôf fan Lukretia
publikaasje 1976, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

De Rôf fan Lukresia, yn it oarspronklike Ingelsk: The Rape of Lucrece (wat eins "De Ferkrêfting fan Lukresia" betsjut), is in lang, ferheljend gedicht fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare. It fertelt it ferhaal fan 'e legindaryske Romeinske ealfrouwe Lukresia, en waard foar it earst publisearre yn 1594. It wie in tige populêr wurk, dat oant 1641 sân kear werútjûn waard. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.

Yn 1593 hie Shakespeare wierskynlik de earste fiif of seis fan syn toanielstikken skreaun en begûn er bekend te reitsjen. Dat jiers, lykwols, waard Londen troffen troch de útbraak fan 'e pest. Om 'e fersprieding fan 'e sykte safolle mooglik tsjin te gean, sleaten de autoriteiten alle publike gelegenheden, wêrûnder ek de skouboargen. Shakespeare griep dy tiid fan twongen linzens oan om poëzij te skriuwen, wêrûnder Fenus en Adoanis (1593), dat er opdroech oan 'e greve fan Southampton. Hoewol't dy doedestiden sels ek finansjeel yn swierwaar ferkearde, is it mooglik dat sa'n opdracht de grutte toanielskriuwer dochs gjin wynaaien lein hat. Yn elts gefal ûnthiet er yn syn begeliedend brief by dat gedicht oan syn patroan dat er mei koarten in "earnstiger wurk" skriuwe soe. Dat waard De Rôf fan Lukresia, dat er ek wer oan 'e greve fan Southampton opdroech, en dêr't de boartlike toan fan Fenus en Adoanis yn ûntbrekt.

As ûnderwerp foar dit "earnstiger wurk" keas Shakespeare de Romeinske leginde oer Lukresia, dat bekend is út twa boarnen: Ovidius syn Fasti ("Hjeldagen") en Livius syn skiednis fan Rome. Neffens dy beide skriuwers waard yn 509 f.Kr. Lukresia, de frou fan 'e ealman Kollatinus, ferkrêfte troch Sekstus Tarkwinius, de soan fan Lusius Tarkwinius Superbus, de lêste kening fan Rome. Dêrop die Lukresia harsels tekoart. Neitiid pronke in omkesizzer fan 'e kening mei har lichem yn it Romeinske Foarum. Fan gefolgen briek der ûnder lieding fan Lusius Junius Brutus in grutskalige opstân tsjin it Hûs fan Tarkwinius út, dy't late ta de ferballing fan 'e keninklike famylje út 'e stêd en de stifting fan 'e Romeinske Republyk.

De Ferkrêfting fan Lukresia troch Titiaan.

Yn it gedicht wurdt Lukresia beskreaun as wie se in keunstwurk en behannele as wie se in materiële besitting. Har ferkrêfting wurdt foarsteld as wie se in kastiel dat bestoarme wurdt, wêrby't har ûnderskate lichaamlike attributen ien foar ien ferovere wurde. Hoewol't Lukresia ferkrêfte wurdt, en har dus neat oan te rekkenjen falt, toant it gedicht de noarmen en wearden fan in oare tiid troch har mei in formele ûntskuldiging fan har "skuld" ûntslaan te wollen (r. 1240-1246). Krekt as by oare ferkrêftingsslachtoffers yn Shakespeare syn wurk it gefal is, kriget Lukresia troch har ferkrêfting in symboalyske wearde: har selsmoard, dy't in direkt gefolch fan 'e ferkrêfting is, makket har ta in polityk symboal.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Rape of Lucrece waard ûnder de titel De Rôf fan Lukretia yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1976 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VIII, yn 'e mande mei de fertalings fan 'e oare Shakespeariaanske poëzij en fan guon Shakespeariaanske trageedzjes.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) The Rape of Lucrece op 'e webside fan Project Gutenberg

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VIII: Coriolanus, Pericles, Cymbeline, Venis en Adonis, De Rôf fan Lucretia, Sonnetten en Fersen, Drachten, 1976 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.

sekundêre literatuer:

  • Charney, Maurice, Shakespeare on Love & Lust, New York, 2000 (Columbia University Press), ISBN 0 23 11 04 294.
  • Halliday, F. E., A Shakespeare Companion 1564-1964, Baltimore, 1964 (Penguin), sûnder ISBN.
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater