Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Otello

Ut Wikipedy
Otello
algemiene gegevens
oarspr. titel Othello
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1603
1e publikaasje 1622, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Othello, de Moar fan Veneesje
publikaasje 1969, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Otello, yn it oarspronklike Ingelsk: Othello, ek wol bekend as Otello, de Moar fan Feneesje (Othello, the Moor of Venice), en folút eins: The Tragedy of Othello, the Moor of Venice, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It wurdt beskôge as ien fan syn fiif grutte trageedzjes, en is basearre op Un Capitano Moro ("In Moarske Kaptein"), in koart ferhaal fan 'e Italjaanske skriuwer Cintio, dat foar it earst publisearre waard yn 1565. Otello ferhellet fan 'e Moarske legeroerste mei deselde namme dy't yn 'e tsjinst stiet fan 'e republyk Feneesje. Yn it stik komme tema's as leafde, rasisme, oergeunstigens en ferrie oan 'e oarder, en it is noch altyd ien fan 'e meast opfierde fan Shakespeare syn toanielstikken. Nei alle gedachten is Otello skreaun yn 1603 of dêromtrint (de ierst oerlevere oanhelling datearret fan 1604), en it waard foar it earst útjûn yn 1622. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1969.

Otello iepenet as Roderigo, in aadlike trochbringer, tsjin 'e ofsier Iago klaget dat de senatorsdochter Desdemoana, op wa't hy in eachje hie, temûk troud is mei Otello, in Moarske legeroerste yn Fenesiaanske tsjinst. Iago hat sels ek it grou op Otello, mei't dy in oare ofsier, Michael Cassio, in promoasje jûn hat wêrfan't hy mient dat dy him takaam. Boppedat leaut er (of seit er alteast dat er leaut) dat Otello him beduvelet mei syn frou Emilia. Hy bepraat Roderigo om dyseldichste nachts noch nei Desdemoana har heit Brabantio ta en him te fertellen oer it geheime houlik fan syn dochter. Underwilens glûpt er sels nei Otello ta om dy te warskôgjen dat Brabantio ûntdutsen hat dat er syn dochter skaakt hat.

Ear't Brabantio Otello berikke kin, arrivearret yn Feneesje it nijs dat de Osmaanske Turken fan doel binne en feroverje Syprus, wat in Fenesiaanske besitting is. Sadwaande wurdt Otello ûntbean om it regear te advisearjen. Wylst dy gearkomste oan 'e gong is, komt Brabantio deryn en beskuldiget Otello derfan dat er syn dochter Desdemoana mei hekserij ferlaat hat. Yn it bywêzen fan 'e hartoch fan Feneesje en in stikmannich oare pommeranten ferdigenet Otello himsels lykwols troch út te lizzen dat it fanke fereale op him wurden is fanwegen syn ferhalen oer syn wapenfeiten op it slachfjild. De oanwêzigen binne tefredenernôch mei dy útlis, mar foar't er him ôfjout, ropt Brabantio út dat Desdemoana Otello ferriede sil. Op oanstean fan 'e hartoch set Otello halje-trawalje ôf nei Syprus, om dêre it befel oer de Fenesiaanske troepen op him te nimmen. Yn syn gefolch binne û.m. Iago, Cassio en Desdemoana, mei Iago syn frou Emilia as har selskipsdame.

Op Syprus oankommen, docht bliken dat de Osmaanske float yn in stoarm fergien is. Otello jout dêrop befel ta in grut feest. Underwilens makket Iago der gebrûk fan dat Otello mei oare dingen besteld is, troch de houtenhammersliper Roderigo, dy't Desdemoana nei Syprus ta folge is, oer te heljen om in fjochtpartij mei Cassio te begjinnen. Dat kriget er foarinoar troch Cassio, dy't him tafertroud hat dat er net oer drank kin, dronken te fieren, sadat er opsternaat wurdt. It gefjocht driget út 'e klauwen te rinnen, en Otello moat eigenhandich yngripe. Hy hâldt Cassio ferantwurdlik foar it trelit, en nimt him syn ofsiersrang ôf. Cassio is dêr alhiel ferbûke oer, mar Iago bepraat him om te besykjen en win syn rang werom troch Desdemoana te freegjen om by Otello foar him yn it pleit te gean.

In portret fan Abd el-Wahed ben Messaud ben Muhammad Anun, de Moarske (d.w.s. Marokkaanske) ambassadeur oan it hof fan 'e Ingelske keninginne Elizabeth I, fan wa't men wol hawwe wol dat er Shakespeare ynspirearre ta it personaazje fan Otello.

Tagelyk soarget Iago lykwols dat Otello begjint te fermoedzjen dat Desdemoana him mei Cassio bedraacht. Yn wurklikheid is Cassio in relaasje begûn mei in oare frou, Bianca. As Desdemoana by fersin in bûsdoekje ferliest dat Otello syn earste geskink oan har wie (en dêr't er Iago oer ferteld hat hoe'n grutte symboalyske wearde oft dat foar him hat op it mêd fan harren relaasje), wurdt dat stellen troch Emilia, op fersyk fan Iago, dy't har lykwols net ferteld hat wat er dermei fan doel is. Iago ferstoppet it yn Cassio syn keamer en brûkt it letter om oan Otello te bewizen dat Cassio en Desdemoana wat mei-inoar hawwe. Dêrop freget er Otello om him ta te stean en ûnderfreegje Cassio. Hy soarget dan dat Cassio fertelt oer syn relaasje mei Bianca, mar sprekt har namme hieltyd sa sêft út, dat Otello, dy't it spul fan in ôfstantsje folget, dat net ferstean kin en ynstee mient dat Cassio it oer syn relaasje mei Desdemoana hat. Otello rekket alhiel breinroer fan lulkens en oergeunstigens en nimt him foar om Desdemoana dea te dwaan, wylst er Iago freget om Cassio foar him te fermoardzjen. Hy giet nei hûs ta en wierret syn razernij út op Desdemoana troch har yn it bywêzen fan guon Fenesiaanske pommeranten te slaan. Desdemoana, dy't har fan 'e prins gjin kwea wit, beklaget har ûnk en lijen mei in liet oer ferrie dat se fan 'e faam fan har mem leard hat.

Underwilens hellet Iago Roderigo oer om foar him it smoarge wurk op te knappen en Cassio te fermoardzjen. Roderigo falt Cassio op 'e strjitte oan, en yn it gefjocht reitsje se allebeide ferwûne. Foarbygongers arrivearje om 'e beide mannen te helpen, en Iago jout him by harren. Om derfoar te soargjen dat nimmen ea efter de wierheid komme sil, rommet er Roderigo temûk mei in messtek út 'e wei. Dy nachts konfrontearret Otello Desdemoana mei har ûnderstelde ûntrou en smoart har dan mei in kjessen. As Emilia deryn komt, besiket er syn die te behimmeljen troch Desdemoana har sabeare relaasje mei Cassio oan it ljocht te bringen. Emilia ropt de autoriteiten derby, en de Fenesiaanske gûverneur fan Syprus ferskynt yn eigen persoan. Iago, Cassio en Emilia lizze de sitewaasje oan him út. As Otello mei it ferhaal fan it bûsdoekje op 'e lapen komt, beseft Emilia einlings wat der geande is, en jout se Iago oan, wêrop't dy har út wraak gau deastekt. Otello, dy't no, te let, begrypt dat Desdemoana ûnskuldich wie, stekt dan Iago del, mar ferwûnet him mei sin net deadlik, mei't er, sa seit er, leaver hat dat er de rest fan syn libben yn pine trochbringe moat. Iago wegeret wat oer syn motiven te sizzen. Der wurdt besletten dat sawol Iago as Otello arrestearre wurde moatte, mar foar't se beide ôffierd wurde kinne, docht Otello himsels dea út berou oer de moard op syn frou, mei in mês dat er foar de arrestaasje ûnder syn klean ferburgen hie. It stik einiget as oer Iago it deafûnis útsprutsen wurdt.

By it skriuwen fan Otello line Shakespeare swier op it koarte ferhaal Un Capitano Moro ("In Moarske Kaptein"), út 'e ferhalebondel Gli Hecatommithi, út 1565, fan 'e Italjaanske skriuwer Giovanni Battista Giraldi (1504-1573), dy't bekend wurden is ûnder syn oannommen namme Cintio. Mei't der doedestiden gjin Ingelske oersetting fan beskikber wie, en Otello op plakken better it orizjineel fan it ferhaal wjergalmet as dat de Frânske fertaling fan Gabriel Chappuy, út 1584, docht, basearre Shakespeare him nei alle gedachten op 'e Italjaansktalige ferzje. Dêrby moat oantekene wurde dat Cintio inkeld de namme fan Desdemoana brûkt; de oare personaazjes tsjut er oan as de Moar (Otello), de eskadronsoanfierder (Cassio), de faandrich (Iago) en de faandrich syn frou (Emilia). De measte nammen yn Otello binne dus Shakespeare syn optinksels.

In poster foar in Amerikaanske opfiering fan Otello, út 1884.

Fierders wykt Otello fan Un Capitano Moro ôf troch de tafoeging fan guon minder wichtige personaazjes (benammen Brabantio en Roderigo), trochdat Emilia by de tsjeafte fan it bûsdoekje belutsen is (dat by Cintio net sa is) en dat se deade wurdt as se Iago syn yntriizjes oan it ljocht bringt (wylst se it yn Un Capitano Moro oerlibbet). It grutste ferskil is lykwols dat by Cintio Desdemoana deaslein wurdt mei in sok dy't fol sân dien is, wylst Shakespeare har smoare lit mei in kjessen. Yn Un Capitano Moro litte Otello en Iago nei har dea de soudering fan har keamer ynstoarte, sadat har dea in ûngemak liket, en komt de moard pas oan it ljocht as Iago Otello neitiid ferriedt. Otello wegeret dan om skuld te bekennen en wurdt út Feneesje ferballe, mar Desdemoana har famyljeleden sette him efternei en fermoardzje him. Iago syn belutsenens by de moard komt nea út, mar hy rint foar oare fergripen tsjin 'e lampe en stjert as er troch de autoriteiten op 'e martelbank pleatst wurdt. Cintio jout as moraal by syn ferhaal (dy't er ta utering bringt troch him Desdemoana yn 'e mûle te lizzen) de rasistyske warskôging dat Jeropeeske froulju ek net mei manlju út oare wrâlddielen trouwe moatte, mei't dêr allinne mar bargebiten fan komme kin.

Hoewol't men derfan útgiet dat Shakespeare syn personaazje Otello fierhinne basearre op Cintio syn Moar, wurdt ek wol tocht dat er foar in part ek de leden fan guon Marokkaanske (Moarske) delegaasjes nei it hof fan 'e Ingelske keninginne Elizabeth I as model naam. Mei't Cintio neat oer it plak fan hanneling fan syn ferhaal skreau, moat Shakespeare him foar syn kennis fan Feneesje en Syprus ferlitten hawwe op The Commonwealth and Government of Venice, in Ingelske fertaling út 1599 fan Lewes Lewkenor fan in orizjinele tekst fan 'e Italjaan Gasparo Contarini.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Otello waard ûnder de titel Othello, de Moar fan Veneesje yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1969 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VII, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare trageedzjes, lykas Antonius en Kleopatra, Kening Lear en Macbeth.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VII: Trageedzjes: Othello, de Moar fan Veneesje, Kening Lear, Macbeth, Timon fan Athene, Antonius en Cleopatra, Drachten, 1969 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater