Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Trompet

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 mrt 2021 om 21.41 troch Drewes (oerlis | bydragen) (st.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Trompet

De trompet is in koperblaasynstrumint wêrby't it lûd ûntstiet troch mei spande lippen yn it mûlestik te blazen. De trompet klinkt frij heech en hat in heldere, trochkringende toan. De ôfstân fan it mûlestik oant de beker is sa'n 50 sintimeter. De lingte fan de buis fariearret lykwols ôfhinklik fan hoe't it ynstrumint stimd is. De buis is foarsjoen fan in trijetal fentilen of - yn it gefal fan in skotrompet (net te betiizjen mei in tromboane) troch in skúf. De trompet einiget yn in trachterfoarmige beker, lykas by de measte koperblaasynstruminten. De trompet hat fan âlds in silindryske buis dy't in skerpe klank opjout, en dêrom wurdt er by it skerp koper rekkene. Troch de iuwen hinne binne de mûlepiip (it earste stik nei it mûlestik) en de beker lykwols hieltyd mear koanysk wurden om it ynstrumint makliker bespylber te meitsjen. Adolphe Sax hat in hiele rige ynstruminten boud, de sakshoarns, dy't de ûntjouwing nei de moderne trompet sterk beynfloede hat.

It mûlstik fan in trompet

De trompet wurdt yn ferskate muzyksjenres brûkt. Yn de klassike muzyk komt er bygelyks yn symfony-orkesten en keamerorkesten foar, mar ek yn lytsere ensembles lykas it koperkwintet, en as solo-ynstrumint. Dêrnjonken wurdt de trompet ek yn de lichte muzyk brûkt, yn de jazz, likegoed as yn de bigband as yn lytsere formaasjes en yn de popmuzyk. Bekende foarbylden út de jazz binne Miles Davis, Chet Baker en Louis Armstrong. De trompet wurdt ek in soad yn harmony- en fanfare-orkesten brûkt. Fierder hat de trompet in wichtich ynstrumint yn it leger west.

De meast gongbere trompet yn de jazz, pop en de harmony- en fanfare-orkesten, mar ek yn dweilorkesten, is de Bes-trompet. Yn symfoany-orkesten wurdt - grif yn Nederlân, mar ek yn oare lannen - meast de C-trompet brûkt. Dêrnjonken binne der trompetten yn D, Es, F, G, heech-A en heech-Bes. Oant sawat it begjin fan de 20e iuw wiene der ek trompetten yn A, en leech-F, mar dy binne no allinnich noch yn musea te sjen. De hjoeddeiske Bes-trompet hat in berik fan de lege Fis oant de hege C in oktaaf ferhege, dus sawat twa-en-in-heal oktaaf. As men de blaastechnyk goed behearsket kin de hichte útwreide wurde, yn fanfare-orkesten is dat lykwols net nedich. Der binne trompettisten dy't noch heger spylje, saneamde 'high-blowers', mar om soks te kinnen moat men in goede blaastechnyk hawwe.

Primitive foarrinners fan de trompet bestiene 2000 foar Kristus al. De trompet sil ûntstien wêze, doe't de lju útfûnen dat hja lûd op materialen lykas skelpen of holle buizen meitsje koene. Ien fan de âldste boarnen dy't de trompet neamd, is de Hebriuwske Bibel. Dêr wurdt praat oer bazunen of silveren trompetten fan sa'n 50 sintimeter lang. Dy trompetten wiene net folle mear as in rjochte buis dy't op 'e ein op in trachter útrûn. De Egyptners hiene lyksoartige trompetten, dêr't de trompetten fan Toetanchamon in foarbyld fan binne.

De Romeinen hiene trije soarten trompetten:

  • De tuba wie in rjochte buis mei in beker oan de ein. It ynstrumint wie in goed meter lang
  • De lituus fariearre fan sa'n 75 sintimeter oant oardel meter. Hy ûntstie út in simpele holle stok dêr't de hoarn fan in dier op stutsen wie. Sa seach er der ek út: in lange rjochte buis mei op 'e ein in soarte fan hoarntsje
  • De cornu wie in lange buis dy't hielendal rûn bûgd wie, in bytsje yn de foarm as de haadletter G. Ek dy rûn op in beker út.

Yn de midsiuwen wie de trompet yn it westen fan Jeropa útstoarn. De krúsfarders kamen lykwols yn de kunde mei de islamityske wrâld, dy't de trompet wol koe. De Sarasenen brûkten him yn it leger, wêrby't de hege ofsieren elk in lyts orkest hene dat û.o. út trompetten bestie. Yn dy tiid wiene de foarm fan de trompet - sawat lykas de tuba fan de Romeinen - en it mûlestik en de blaastechnyk noch net sa goed, dat der koene net mear as sa'n fjouwer natuertoanen spile wurde. De trompet hie syn plak oan de foarstehôven en letter ek yn de stêden, it earst yn Itaalje, want benammen rike hannelsstêden woene de pracht en praal fan de foarstehôven neidwaan.

Yn de Renêssânse waard de metaalbewurkingsyndustry op in tal punten better. Tenei koene ek bûgde buizen makke wurde. Dêrtroch wie it mooglik om de trompet koarter en handiger yn gebrûk te meitsjen. Ek ûntstie in nij soarte trompet: de skotrompet. Dat is in hiel oar ynstrumint as de tromboane. It mûlestik siet oan in lange piip fêst, dy't yn de mûlepiip stuts en hinne en wer skood wurde koe. Jo hiene dus mei de iene hân it mûlestik fêst en mei de oare beweegden jo de trompet hinne en wer. Dat ynstrumint die syn yngong ek yn de tsjerkemuzyk (de trompet wie oant doe ta út de tsjerke band troch syn gebrûk yn oarloggen). Ek kamen der no gildes foar trompettisten.

Fan 1600 ôf makket de trompet in perioade fan fleur troch yn de barokmuzyk. Se brûkten meast in natuertrompet. Dy bestie út in lange silindryske buis dy't twa kear bûgd wie en útrûn yn in beker. It ûntwerp wie better wurden, in smellere buis (lytse boarring) en in beker dy't op 'e ein wat sterker útrûn. Ek it mûlestik hie him sa ûntjûn dat kundige blazers in hiele rige natuertoanen yn it hege register spylje koene. Hege natuertoanen lizze tichter by elkoar en jo koene der yn it hege register in toanljedder mei spylje. Foar dat ynstrumint binne mannich konserten skreaun, tink oan it konsert foar twa trompetten yn C fan Antonio Vivaldi of it Brandenburgs Konsert nr. 2 dan Johann Sebastian Bach.

It klassike tiidrek wie fataal foar de natuertrompet. It ynstrumint rekke út de graasje en waard allinnich noch ynset yn orkesten om it folume wat te ferheegjen of hjir of dêr in fanfare te spyljen. De keunst fan it hege spyljen rekke út de tiid.

Wol waard besocht om de trompet alle toanen spylje te litten. Net allinne dy fan de toanljedder mar ek dy't dêr tusken yn sieten. It wichtichst besykjen dêrta wie de útfining fan de kleptrompet. In trompet mei in pear kleppen lykas by in fluit. Dat ynstrumint waard útfûn troch Anton Weidinger en dy hat twa trompetkonserten besteld by Joseph Haydn en by Johann Nepomuk Hummel. Dy trompetkonserten hearre no by it standertrepertoire.

It earst wurkjende fentyl waard troch Heinrich Stölzel yn 1815 útfûn en it fentyl sa't wy dat no kenne troch François Perinet yn 1839. It fentyl waard benammen tapast op de kornet. It is net rjocht dúdlik wa't earder wie, Heinrich Stölzel of Friedrich Blühmel. Tegearre krigen se yn 1818 in patint. De earste fentilen wiene nammers net rûn mar fjouwerkant en waarden makke troch Friedrich Wilhelm Schuster.

De trompet moat net betize wurde mei de kornet, dy't der wol wat op liket. Dat lêste ynstrumint hat in oare skiednis: it stamt ôf fan de posthoarn. It ferskil is benammen dat de kornet folle koanysker is: de diameter fan de buis fan it mûlestik ôf smeller, en hat dêrtroch in grutter ferrin. De kornet is ek kompakter boud, mei rommere bochten as de trompet. Yn de 20e iuw moast de kornet stadichoan wer plak meitsje foar de fentyltrompet. Op dit stuit (2007) makket de trompet wer in hichtepunt troch. It ynstrumint wurdt in soad brûkt yn de jazz en ek wurde der solostikken foar skreaun troch klassike komponisten. Bygelyks troch Hindemith, Jolivet en Henze. Alinnich yn in brassband slacht de kornet foar master op: dêr spylje gjin trompetten yn.

Om't de trompet no op ferskate wizen yn de muzyk brûkt wurdt, is it saak om de klank fan it ynstrumint oanpasse te kinnen. Dêrfoar hat de trompettist ferskate dimpers ta syn beskikking.