Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Watergateskandaal

Ut Wikipedy
It Watergatekompleks sjoen út 'e loft wei.

In Watergateskandaal, of koartwei Watergate, wie in grut polityk skandaal dat fan 1972 oant en mei 1974 de Feriene Steaten yn 'e besnijing hold. It sette útein mei in ynbraak yn it haadkertier fan it Nasjonaal Komitee fan 'e Demokratyske Partij yn it Watergatekompleks (dêrfandinne de namme), dy't letter yn opdracht fan 'e Republikeinske presidint Richard Nixon útfierd bliek te wêzen. De saak eskalearre ta in konstitúsjonele krisis doe't it regear fan Nixon besocht de kwestje yn 'e dôfpot te stopjen. Uteinlik late it skandaal ta it ôftreden fan presidint Nixon.

Ynbraak en dôfpotaffêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Watergateskandaal begûn doe't der ûnder de kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1972 op 17 juny 1972 ynbrutsen waard yn it haadkertier fan it Nasjonaal Komitee fan 'e Demokratyske Partij yn it Watergatekompleks yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. De ynbrekkers, Bernard Barker, Virgilio González, Eugenio Martínez, James W. McCord jr. en Frank Sturgis, waarden op 'e die trappearre troch plysjes fan it Metropolitan Police Department of Washington, D.C., dy't warskôge wiene troch de oplettende nachtwachter Frank Wills. It die bliken dat se by it Demokratysk Nasjonaal Komitee ynslûpt wiene om ôflústerapparatuer oan te bringen, sadat de kampanjeplannen fan 'e Demokraten ôfharke wurde koene.

It adresseboekje fan Watergate-ynbrekker Bernard Barker, ûntdutsen yn in keamer yn it Watergatekompleks.

De Amerikaanske federale resjerzje FBI stelde in ûndersyk yn en ûntdiek al binnen inkele oeren in konneksje tusken it jild dat de ynbrekkers by har droegen en in smarjildpotsje dat opset wie troch it Komitee foar de Werferkiezing fan 'e Presidint (CRP), de offisjele organisaasje fan 'e Republikeinske Partij, dy't ferantwurdlik wie foar de kampanje foar de presidintsferkiezings fan 'e sittende Amerikaanske presidint Richard Nixon. De reäksje fan it Nixon wie dat hy en syn minsken yn it Wite Hûs neat fan 'e operaasje ôfwitten hiene.

De ynbraak en it ôflústerjen liek út 'e koker kommen te wêzen fan G. Gordon Liddy, de skathâlder fan it CRP, dy't der op eigen manneboet opdracht ta jûn hawwe soe. De FBI ûntdiek de namme fan E. Howard Hunt, in eardere spesjaal agint fan 'e Amerikaanske bûtenlânske ynljochtingetsjinst CIA yn adresseboekjes fan Barker en Martínez. It bewiismateriaal dat troch FBI-aginten ûntdutsen waard yn 'e klûs fan Hunt, waard neitiid lykwols ferneatige (yn twa operaasjes dy't los faninoar stiene) troch de presidinsjele abbekaat John W. Dean III en troch L. Patrick Gray, de direkteur fan 'e FBI.

In argyfkast út it haadkertier fan it Demokratysk Nasjonaal Komitee yn it Watergatekompleks, dy't skansearre rekke by de ynbraak.

De presidintsferkiezings giene begjin novimber 1972 gewoan troch. De Demokratyske kandidaat, George McGovern, hie al ferskate misse setten dien, en it is dan ek twifelich oft er de ferkiezings winne kinnen hie as dy earlik ferrûn wiene. Mar trochdat Nixon syn tsjinstanner op alderhanne wize bespionearje litten hie, koed er ferskate ûnderhânske streken úthelje om McGovern yn 'e tsjillen te riden. Sa wûn Nixon by de presidintsferkiezings fan 1972 mei oermacht in twadde termyn. De ynbraak yn it Watergatekompleks wie op dat stuit alwer nei de eftergrûn ferkrongen en spile yn 'e oanrin nei de ferkiezings gjin rol fan betsjutting.

Rol fan 'e media

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wie te tankjen oan 'e Amerikaanske media, benammen oan 'e kranten The Washington Post en The New York Times, dat de ynbraak en de konneksje fan 'e ynbrekkers mei it CRP net alhiel yn it ferjit rekke. De wichtichste rol waard datoangeande spile troch Carl Bernstein en Bob Woodward, twa sjoernalisten fan The Washington Post, dy't har yn 'e matearje fêstbieten. Hja ûntdieken dat heechpleatste funksjonarissen yn it Amerikaansk Ministearje fan Justysje, de FBI, de CIA en it Wite Hûs foarôf witten hiene fan 'e ynbraak en neitiid besocht hiene om it skandaal yn 'e dôfpot te stopjen. Dêrby stipen se swier op anonime boarnen, wêrfan't de wichtichste in ûnbekende man wie dy't se tusken juny 1972 en jannewaris 1973 ferskate kearen metten yn in parkearkelder yn Rosslyn (Firginia). Omreden fan syn leechtoanige stim neamden Woodward en Bernstien dyselde "Deep Throat" ("Djippe Kiel"). Yn 2005, 33 jier nei dato, waard de man identifisearre as William Mark Felt sr., dy't yn 'e iere 1970-er jierren plakferfangend direkteur fan 'e FBI wie.

It Wite Hûs besocht The Washington Post ûnder druk te setten, mar dat wie om 'e nocht. Dêrop besocht it de Post te isolearjen. Dat waard û.m. dien troch oanhâldend dy iene krante oan te fallen, wylst tige krityske artikels oer it Watergateskandaal dy't yn The New York Times en it tydskrift Time ferskynden, negearre waarden. Ferskate oare kranten, lykas de Los Angeles Times en de Chicago Tribune, lieten har dêrtroch misliede en foelen The Washington Post ek oan.

Eskalaasje fan it skandaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op basis fan 'e ynformaasje dy't Woodward en Bernstein oan it ljocht brocht hiene, stimde de Amerikaanske Senaat op 7 febrewaris 1973 mei 77 tsjin 0 stimmen foar Resolúsje S.Res. 60, wêrmei't in senaatskommisje ynsteld waard om it Watergateskandaal te ûndersykjen, mei de politike feteraan Sam Ervin as foarsitter. De harksittings fan dy kommisje, wêrfoar't John Dean en oare eardere regearingsfunksjonarissen oproppen waarden as tsjûge, waarden live op 'e Amerikaanske tillefyzje ústjoerd. Dêrby praten de trije grutte tillefyzjenetwurken út dy tiid, ABC, CBS en NBC, ôf om dat om bar te dwaan. Likernôch 85% fan 'e Amerikanen seach dêr alteast in part fan 'e tiid nei.

Leden fan 'e kommisje fan 'e Amerikaanske Senaat dy't ynsteld waard om ûndersyk te dwaan nei it Watergateskandaal, mei foaroan (mei griis hier) foarsitter Sam Ervin.

De harksittings laten ta in trochbraak yn it ûndersyk doe't kommisjelid Fred Thompson op moandei 16 july oan Alexander Butterfield, in assistint út it Wite Hûs, sûnder euvelmoed de fraach stelde oft yn it Wite Hûs petearen ek opnommen waarden. Butterfield antwurde mei tsjinnichheid dat der in nij systeem wie dat automatysk elts petear opnaam yn it Oval Office (it kantoar fan 'e presidint), yn 'e Cabinet Room (dêr't de regearingsgearkomsten plakfûnen) en yn Nixon syn privee-kantoar yn it Old Executive Office Building.

Archibald Cox, de spesjaal oanklager foar it Watergateskandaal dy't troch minister fan Justysje Elliot Richardson mei tastimming fan Nixon sels oansteld wie, stjoerde dêrop fuortendaliks in deifurding nei it Wite Hûs om 'e lûdsopnamen op te easkjen dy't relevant wiene foar syn ûndersyk. Nixon wegere dêroan mei te wurkjen en fierde dêrfoar it executive privilege ("privileezje fan 'e útfierende macht") oan, dat de presidint frijsteld fan eltse twang ta it frijjaan fan ynformaasje dy't skea tabringe kin oan 'e steatsfeiligens fan 'e Feriene Steaten. Hy befelle Cox de deifurding yn te lûken. Cox wegere. Dat late ta in ympasse dy't in hichtepunt berikte op sneon 20 oktober 1973, by it saneamde Sneontejûnsbloedbad. Nixon, dy't sels net it foech hie om Cox te ûntslaan, oardere minister fan Justysje Richardson om dat foar him te dwaan. Richardson wegere en naam sels ûntslach. Dêrop oardere Nixon ûnderminister fan Justysje William Ruckelshaus om Cox te ûntslaan, mar ek dy wegere en naam sels ûntslach. Uteinlik fûn Nixon yn 'e abbekaat-generaal Robert Bork immen dy't Cox foar him ûntslaan woe.

Nixon stie miskien neffens de letter fan 'e wet yn syn rjocht om it ûntslach fan Cox te easkjen, mar troch dat te dwaan, kaam er derút te sjen as ien dy't wat te ferbergjen hie. Boppedat leine in protte rjochtslearden syn aksjes út as behindering fan 'e rjochtsgong, wat in strafber misdriuw is. Nixon fielde oanstriid om him te ferdigenjen tsjin 'e oanboazjende krityk en by in taspraak op 17 novimber spriek er de wurden "I am not a crook" ("Ik bin gjin boef"), wat syn bekendste sitaat wurde soe. It die al rillegau bliken dat it sa net fierder koe, dat ûnder twang fan 'e publike opiny stied er Bork ta om in nije spesjale oanklager foar it Watergateskandaal te beneamen, dat Leon Jaworski waard.

Underwilens wiene de eardere presidinsjele abbekaat John Dean, foarsitter fan it CRP Jeb Stuart Magruder en ferskate oaren al oanklage foar harren oandiel yn it Watergateskandaal. Dean en Magruder bekenden skuld. Op 1 maart 1974 waarden fierders de saneamde Watergate Seven oanklage foar behindering fan 'e rjochtsgong: stêfsjef fan it Wite Hûs H.R. Haldeman, de eardere presidinsjele assitint John Ehrlichman, de eardere minister fan Justysje John N. Mitchell en fierders Charles Colson, Gordon C. Strachan, Robert Mardian en Kenneth Parkinson.

Presidint Richard Nixon hâldt in taspraak foar de Amerikaanske tillefyzje op 29 april 1974, wêryn't er it frijjaan fan 'e transkripsjes fan 'e lûdsopnamen útleit.

Iepenbier meitsjen fan 'e opnamen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under swiere druk besleaten Nixon en syn neiste meiwurkers úteinlik en meitsje de ynhâld fan 'e lûdsopnamen iepenbier. Dat waard dien fia in transkripsje op papier fan 'e opnommen petearen, wêrby't de tekst oanpast wie troch it weilitten fan krêftwurden (oanjûn mei de tekst "krêftwurd wiske") en ynformaasje dy't de steatsfeiligens yn gefaar bringe soe. Op 29 april 1974 makke Nixon syn beslút datoangeande yn in taspraak bekend. Yn 't earstoan kamen dêr positive reäksjes op, mar doe't men de transkripsjes begûn te lêzen en sa bekend waard mei de ynhâld fan 'e petearen dy't Nixon oangeande it Watergateskandaal mei syn neiste meiwurkers fierd hie, sloech de stimming om. In protte oanhingers fan Nixon yn 'e polityk, yn 'e media en mank de Amerikaanske befolking yn it algemien kamen ta de konklúzje dat dizze presidint net mear te hanthavenjen wie, en begûnen om syn ôftreden te freegjen, in rop dy't al langer fan syn tsjinstanners kaam.

Fise-presidint Gerald Ford sei: "Hoewol't it maklik genôch is om in karakterisearring fan in ôfprinte bledside te wiskjen, is it net mooglik om mei it wiuwen fan in hân in karakterisearring út 'e tinzen fan minsken te wiskjen." Neffens Hugh Scott, de fraksjefoarsitter fan 'e Republikeinske Partij yn 'e Amerikaanske Senaat, toanden de transkripsjes in "treurige, walchlike, suterige en ymmorele" hâlding fan 'e presidint en syn eardere meiwurkers. John Jacob Rhodes, de Republikeinske fraksjefoarsitter yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, wie it dêrmei iens en rikkemandearre Nixon oan om, as sy posysje noch fierder efterút gie, "yn omtinken te nimmen om ôf te treden."

Neffens in haadartikel yn 'e Chicago Tribune, in krante dy't Nixon oant doe ta hieltyd stipe hie, wie Nixon "sa humorleas dat er suver ûnminsklik is. Hy is efterbaks. Hy komt net út 'e rie. Hy flokt alles byinoar. Hy lit him graach troch oaren liede. Hy lit ûntstellende gatten blike yn syn kennis. Hy is erchtinkend foar syn stêf oer. Syn loyaliteit is minimaal." In oare krante dy't earder op 'e hân fan Nixon wie, de Providence Journal, skreau: "It lêzen fan 'e transkripsjes is in ûnderfining dêr't je suver fan koarje moatte; men fielt jin neitiid ûnrein." Neffens in artikel yn it tydskrift Time wiene de foaroanlju fan 'e Republikeinske Partij yn 'e westlike Feriene Steaten ûntset troch de grouwélich taalgebrûk yn 'e transkripsjes en de rouwe, wraaksuchtige toan fan 'e petearen, en fûn de mearderheid dat Nixon sa gau mooglik opstappe moast.

Underwilens woe oanklager Jaworski noch hieltyd de tapes sels beharkje. Nixon wegere dêroan mei te wurkjen. Op 24 july 1974 ferklearre it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn 'e rjochtsaak United States v. Nixon it executive privilege, dêr't Nixon him op berôp, neatich foar wat de lûdsopnamen oangie. De útspraak wie unanym: 8 tsjin 0 (de njoggende opperrjochter, William Rehnquist, dy't noch mar koartby troch Nixon beneamd wie en dêrfoar in hege post op it Ministearje fan Justysje beklaaid hie, loek himsels werom út 'e saak om eltse skyn fan belangeferminging foar te kommen). Op 30 july foldie Nixon oan it fûnis en joech er de opnamen frij.

It ûntslachbrief fan presidint Richard Nixon, datearre op 9 augustus 1974.

De opnamen befetten ferskate tige skansearjende petearen tusken Nixon en syn abbekaat John Dean, wêryn't se wiidweidich de ynbraak yn it Watergatekompleks en de dêropfolgjende dôfpotaffêre besprieken. Nixon hie syn goedkarring jûn oan it beteljen fan swijjild oan 'e fiif ynbrekkers en harren direkte opdrachtjouwers Liddy en Hunt. It die ek bliken dat Hunt it Wite Hûs sjantearre hie om oan mear jild te kommen, en dat Nixon meiwurke hie oan it tajaan oan dy ôfparsing.

Suver like skansearjend foar de presidint wie it feit dat ûndersikers ûntdieken dat de opname fan 7 desimber 1973 in gat fan 18½ minút befette. Rose Mary Woods, de persoanlike sekretaresse fan Nixon, ferklearre dat se by fersin dat stik wiske hie troch it ferkearde pedaal fan har bânrecorderapparaat yn te traapjen wylst se de tillefoan oannaam. De media publisearren foto's fan har wurkplak, dêr't dúdlik út bliek dat it tige ûnwierskynlik wie dat se tagelyk by it pedaal en de tillefoan kinnen hie. (Yn 2003 soe út forinsysk ûndersyk bliken dwaan dat de tape yn ferskate segminten efterinoar wiske wie, teminsten fiif en mooglik wol njoggen.)

Driigjende impeachment en ôftreden fan Nixon

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 6 febrewaris 1974 hie it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen syn gerjochtlike kommisje it foech taparte om 'e mooglike impeachment fan presidint Nixon te ûndersykjen. Ein july fan dat jier besleat dy kommisje trije kêsten fan impeachment oan it Hûs foar te lizzen: omreden fan behindering fan 'e rjochtsgong (27 july), omreden fan machtsmisbrûk (29 july) en omreden fan minachting fan it Kongres (30 july). Op 5 augustus makke it Wite Hûs in oant doe ta ûnbekende lûdsopname iepenbier mei petearen dy't datearren fan 23 juny 1972, inkele dagen nei de ynbraak. Dêrop oerlei Nixon mei û.o. syn stêfsjef Haldeman oer de begjinstadia fan 'e dôfpotaffêre. Haldeman stelde foar om 'e CIA druk útoefenje te litten op 'e FBI om op te hâlden mei ûndersyk nei de ynbraak, en Nixon joech dêr syn goedkarring foar.

Presidint Richard Nixon ferlit foar de lêste kear it Wite Hûs op 9 augustus 1974.

Oant dy tiid hie Nixon altyd persoanlike belutsenens by it Watergateskandaal ûntkend en folholden dat er foar syn dieden neitiid gjin politike motiven hie. Ek hied er beweard dat er foarôfgeande oan 21 maart 1973 net witten hie dat hege funksjonarissen fan syn kampanje, lykas John N. Mitchell, yn it skandaal behelle wiene. Troch dizze saneamde "Smoking Gun"-tape kaam fêst te stean dat dat allegear liigd wie en dat Nixon fan it begjin ôf oan by de dôfpotaffêre belutsen west hie. It waard njonkelytsen dúdlik dat Nixon sels dejinge wie dy't opdracht jûn hie ta de ynbraak en it ôflústerjen fan it Demokratysk Nasjonaal Komitee.

It frijjaan fan 'e "Smoking Gun"-tape ferneatige Nixon syn politike karriêre. De tsien kommisjeleden dy't tsjin it foarlizzen fan alle kêsten fan impeachment oan it Hûs fan Offurdigen stimd hiene, makken no bekend dat se foar impeachment omreden fan behindering fan 'e rjochtsgong stimme soene as de kêsten yn it Hûs yn stimming brocht waarden. Op 'e jûn fan 7 augustus 1974 hie Nixon yn it Oval Office in gearkomste mei Hugh Scott en John Jacob Rhodes, de fraksjefoarsitters fan 'e Republikeinske Partij yn 'e Senaat, resp. it Hûs fan Offurdigen, en mei senator Barry Goldwater, dy't troch de oare beiden meifrege waard as âldere wize steatsman. De trije mannen praten op Nixon yn en fertelden him dat de kêsten fan impeachment sûnder mis troch it Hûs fan Offurdigen oannommen wurde soene en dat der yn 'e Senaat mear as genôch stimmen wiene om him op basis fan dy impeachment te feroardieljen, wat mei-iens syn ôfsetting as presidint betsjutte soe. Nixon besleat doe de ear oan himsels te hâlden, en yn in taspraak foar de Amerikaanske tillefyzje op 'e jûn fan 8 augustus makke er syn ôftreden bekend.

De pinne dy't presidint Gerald Ford brûkte om syn foargonger Richard Nixon amnesty te ferlienen.

Nixon waard as presidint fan 'e Feriene Steaten opfolge troch syn fise-presidint, Gerald Ford. In moanne nei't dyselde oan 'e macht kommen wie, op 8 septimber 1974, skonk er Nixon in folsleine en sûnder betingsten taparte amnesty, sadat er net ferfolge wurde koe foar lykfol hokker misdie dy't er yn it ramt fan it Watergateskandaal begien hie. Yn in taspraak op 'e tillefyzje lei Ford út dat er dat net foar Nixon, mar foar it lân dien hie, om't it skandaal oars noch jierrenlang trochettere hie. Dat hie de Feriene Steaten neffens him inkeld kwea dien. Nixon hold oant syn ferstjerren yn 1994 fol dat er ûnskuldich wie oan alles wat tsjin him ynbrocht wie. Neffens guon histoarisy droech syn amnesty foar Nixon deroan by dat Ford yn 1976 de presidintsferkiezings ferlear fan 'e Demokratyske kandidaat Jimmy Carter.

It Watergateskandaal resultearre wol yn 'e berjochting fan 69 en de feroardieling fan 48 legere oerheidsfunksjonarissen. Under de feroardielen wiene twa eardere ministers fan Justysje: John N. Mitchell en Richard Kleindienst. Mitchell siet 19 moannen fan in finzenisstraf fan ien oant fjouwer jier út en Kleindienst siet in moanne yn it tichthûs. Oare wichtige feroardielen wiene: Jeb Stuart Magruder (7 moannen), Frederick C. LaRue (4½ moanne), H.R. Haldeman (18 moannen), John Ehrlichman (18 moannen), Egil Krogh (6 moannen), John W. Dean III (4 moannen), Dwight L. Chapin (boete), Herbert W. Kalmbach (boete), Charles W. Colson (7 moannen), Herbert L. Porter (boete), G. Gordon Liddy (4½ jier), E. Howard Hunt (33 moannen) en de oarspronklike ynbrekkers Bernard Barker (18 moannen), Virgilio González (13 moanne), Eugenio Martínez (15 moannen), James W. McCord jr. (2 moannen) en Frank Sturgis (10 moannen).

It Watergateskandaal nimt noch altyd in wichtich plak yn it Amerikaanske kollektyf ûnthâld yn en dêrom ek yn 'e popkultuer. Yn 1976 wûn de dramafilm All the President's Men fjouwer Oscars. Dy film wie basearre op it boek mei deselde namme fan 'e sjoernalisten Carl Bernstein en Bob Woodward oer harren ûndersyk nei it Watergateskandaal. Robert Redford en Dustin Hoffman spilen yn 'e film de rollen fan Woodward, resp. Bernstein. Oare bekende films oer it Watergateskandaal binne The Final Days (1989), Nixon (1995) en Dick (1999).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.