Daniel Ricciardo
Daniel Ricciardo | ||
Formule 1 | ||
Daniel Ricciardo (2016) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Daniel Joseph Ricciardo | |
bynamme | Honey Badger | |
nasjonaliteit | Australysk | |
bertedatum | 1 july 1989 | |
berteplak | Perth | |
etnisiteit | Italjaansk | |
Formule 1 karriêre | ||
jieren aktyf | 2011 - no | |
autonûmmer | 3 | |
Teams | HRT (2011) Toro Rosso (2012–2013) Red Bull Racing (2014–2018) Renault (2019–2020) McLaren (2021 - 2022) | |
Tal races | 232 (232 starts) | |
Oerwinningen | 8 | |
Tal poadia | 33 | |
tal Polepositions | 16 |
Daniel Joseph Ricciardo (Perth, 1 july 1989) is in Australysk autokoereur. Hy makke syn debút yn de Formule 1 yn 2011 foar it HRT team. Hy had acht kear in Grutte Priis wûn.
Jonge Jieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ricciardo begûn op njoggenjierrige leeftiid mei it karten by de Tiger Kart Club en die mei oan ferskate kartwedstriden.
Oerstap nei auto’s
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005 makke Daniel de oerstap nei de auto's en riid mei yn it Australyske Formule Ford-kampioenskip. Hy waard dat seizoen achste yn it einklassemint. It seizoen 2006 ried er yn de Formule BMW searsjes hy waard fiifde. Hjirnei stapte Ricciardo oer op de Formule Renault 2 Itaalje-searje. Nei fjirtjin wedstriden stie Daniel Ricciardo fjirde yn it einklassemint. Yn 2008 waard er kampioen yn de Formule Renault WEC-searje, en yn 2009 folge it kampioenskip yn de Britske Formule 3. Nei in seizoen yn de Formule Renault 3,5-searjes krige er de kâns om syn debút te meitsjen yn de Formule 1.
Formule 1
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2011
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 30 juny 2011 waard dúdlik dat Ricciardo by de Grutte Priis fan Grut-Brittanje syn debút soe meitsje yn de Formule 1 foar it HRT team. Hy kaam yn it plak fan de Yndiaske koereur Narain Karthikeyan. Ricciardo waard 23ste yn syn earste wedstriid. En waard 28ste yn it einklassemint fan 2011.
2012 - 2013
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2012 makke Ricciarde de oerstap nei it team fan toro Rosso, Yn de iepeningswedstriid en dus ek syn earste race foar Toro Rosso behelle Ricciardo mei in njoggende plak syn earste punten yn de Formule 1. Der folgje noch fiif top tsien klassearringen, Daniël Ricciardo wurdt yn it seizoen 2012 18de yn it einklassemint mei tsien punten.
2013 begjint net goed problemen mei syn auto yn Austraalje en in achtjinde plak yn Maleizje. Mar de rest fan it seizoen ferrint better mei sân top tsien notearringen en 20 punten wurd er fjirtjinde yn it einklassemint.
2014 – 2018
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2014 waard it jier fan de oerstap nei Red Bull Racing, en pakte daliks syn earste poadiumplak yn de Formule 1 en ek noch by de race yn syn eigen lân. Mar dit plak waard him ôfnommen fanwegen brânstofregleminten, Ricciardo soe mear brânstof meinaam te hawwen dan tastien. De twadde wedstriid fan it seizoen wie gjin ferbettering Ricciardo wist de finish net te heljen ta gefolch fan problemen mei de fleugels fan de auto. Mar dernei gie it rap better. Yn Spanje en Monako behelle er dan dochs nog it poadium. By de Grutte Priis fan Kanada folget de grutte klapper, Ricciardo wint syn earste Grutte Priis yn de Formule 1. Ek de Grutte Prizen fan Hongarije en Belgje skriuwt er op syn namme. Mei noch twa poadiumplakken einiget Daniel Ricciardo yn 2014 op it tredde plak yn it einklassemint en 79 punten efter de nûmmer twa Nico Rosberg
It twadde jier by Red Bull Racing ferrint minder mar ien poadiumplak en twa kear it ein fan de wedstriid net behelle. Ricciardo wurdt achtste mei 92 punten yn it wrâldkampioenskip.
Yn 2016 giet it wer stikken better en Daniel Ricciardo behellet mar leafst acht kear in poadiumplak en wit de Grutte Priis fan Maleizje te winnen. Mei 256 punten wurdt er krekt as yn 2014 tredde yn it einklassemint. 2017 is in seizoen mei wikseljende resultaten, seis kear kin er in Grutte Priis net út ride troch problemen mei de auto. Mar wit ek acht kear op it poadium te kommen. De Grutte Priis fan Azerbeidzjan wit er sels te winnen syn fiifde Grutte Priis oerwinning yn de Formule 1. Ricciardo wurdt 5de yn it einklassemint.
Yn 2018 is de auto net folle better en by de Grutte Priis fan Azerbeidzjan, komme Ricciardo en syn ploeggenoat Max Verstappen yn de 40ste omgong sels yn botsing mei inoar, wat ta gefolg hat dat beide net fierder kinne. Ricciardo behellet dit seizoen 2 kear in oerwinning en dat binne ke fuort syn ienigste poadiumplakken yn 2018, rjochting it ein fan it seizoen makket er bekent dat er yn 2019 oerstapt en foar it team fan Renault sil gean riden. Daniel Ricciardo wurdt 170 punten sechsde yn it wrâldkampioenskip.
2019 – 2020
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste seizoen foar it nije team begjint net goed yn de earste omgong fan de earst wedstriid moat er de race al ferlitte ta gefolch fan in botsing. Ek de twadde wedstriid moat er foar it ein ferlitte. Ricciardo hellet dernei noch trije kear net de einstreep en wurdt yn Japan sels diskwaliffisearre. Daniel Ricciardo wurd dit earste seizoen by syn nije team njoggende yn it einklassemint mei fjouwerenfyftich punten.
2020 is in stik suksesfoller as 2019, al falt er wer yn de earste wedstriid ut. By de Grutte Priis fan de Eifel hellet er syn earste poadiumplak foar Renault. En ek yn Itaalje by de Grutte Priis fan Emylje-Romanje behellet er in moaie tredde plak. Dit blykt daaliks syn lêste poadiumplak te wêzen foar Renault want nei dit seizoen giet Ricciardo fuort by Renault. Yn it einklassemint fan 2020 wurdt Daniel Ricciardo fiifde mei 119 punten.
2021 - 2022
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2021 riid Ricciardo foar Mclaren Hy wint yn Itaalje syn achtste Grutte Priis en syn earste foar it nije team. Oan it ein fan it seizoen 2022 die bliken dat Daniel gjin kontrakt mear hie foar it seizoen 2023.
* Seizoen noch dwaande.
Oersjoch Formule 1-karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | Totaal | |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Oantal races | 11 | 20 | 19 | 19 | 19 | 21 | 20 | 21 | 21 | 17 | 22 | 22 | 232 (232 starts) |
Oantal oerwinningen | 0 | 0 | 0 | 3 | 0 | 1 | 1 | 2 | 0 | 0 | 1 | 0 | 8 |
Oantal pole-posysjes | 0 | 0 | 0 | 0 | 0 | 1 | 0 | 2 | 0 | 0 | 0 | 0 | 3 |
Oantal fluchste omgongen | 0 | 0 | 0 | 1 | 3 | 4 | 1 | 4 | 0 | 2 | 1 | 0 | 16 |
Oantal Poadiumplakken | 0 | 0 | 0 | 8 | 2 | 8 | 9 | 2 | 0 | 2 | 1 | 0 | 32 |
WK-punten | 0 | 10 | 20 | 238 | 92 | 256 | 200 | 170 | 54 | 119 | 115 | 37 | 1311 |
Einstân WK | 27 | 18 | 14 | 3 | 8 | 3 | 5 | 6 | 9 | 5 | 8 | 12 |
* Seizoen noch dwaande.