Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Hamsters

Ut Wikipedy
Hamsters
In Russyske dwerchhamster (Phodopus sungorus).
In Russyske dwerchhamster (Phodopus sungorus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
ûnderfamylje: hamsters (Cricetinae)
Fischer von Waldheim, 1817

De hamsters (wittenskiplike namme: Cricetinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dêr't ûnder oaren ta hearre de (gewoane) hamster, dy't yn Nederlân yn it wyld foarkomt, en de goudhamster, in bekend húsdier. Yn totaal binne der 19 libbene soarten, ferdield oer 7 skaaien. De hamsters binne nau besibbe oan 'e oare ûnderfamyljes fan 'e wrotmûseftigen, de wrotmûzen (Arvicolinae) en trije groepen dy't mei-inoar beflapt wurde ûnder de oantsjutting mûzen en rotten fan de Nije Wrâld.

Algemiene beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hamsters binne yn it wyld benammen yn 'e skimerperioaden en yn mindere mjitte nachts aktyf, en bliuwe oerdeis yn eigengroeven hoalen ûnder de grûn om rôfdieren te ûntrinnen. Se frette benammen sied (plant)sied, fruchten en griene plantedielen, mar wreidzje har menu út en troch út mei gravende ynsekten. Se steane fral bekend om har wangpûden, dy't se oant har skouders oprekke kinne troch se fol te stopjen mei fretten dat se yn lytse stikjes biten hawwe. As der net mear by kin, keare se werom nei har hoale om dêr yn alle rêst it opgarre fretten te beplúzjen. Dit ferminderet de tiid dat se bleatsteane oan predaasje en ferbetteret dus har kânsen om te oerlibjen. De Sineeske hamster (Criteculus griseus) is de iennichste soarte mei in grypsturt (de measte soarten hamsters hawwe in koart, hast rudimintêr sturtsje).

Domestisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hamsters wurde faak ek as húsdier holden troch de minske. Domestisearring fan dit slach bisten liket benammen ûntstien te wêzen nei't medyske ûndersykslaboratoaria om 'e midden fan 'e tweintichste iuw hinne hamsters begûnen hâlden, om't se har yn finzenskip sa maklik fuortplantsje. De meast holden soarte is de goudhamster (Mesocricetus auratus), mar ek de trije soarten dwerchhamsters (Phodopus) binne frij populêr. Om't se nachtdieren binne, hingje hamsters derta oer om oerdeis te sliepen en nachts klearwekker en aktyf te wêzen, wat foar eigners nochal yrritant wêze kin mei al dat gekoaibyt en getsjildraaf by neare nacht.

Underfamylje-opbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.