Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje

Ut Wikipedy
Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
North Atlantic Treaty Organisation
Organisation du traité de l'Atlantique nord
Kaart fan 'e NATO-lannen
Kaart fan 'e NATO-lannen
emblemen
            
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NAFO of NATO
nasjonaliteit ynternasjonaal
type org. militêre alliânsje
haadkertier Brussel (Belgje)
off. taal Ingelsk en Frânsk
oprjochte 4 april 1949
tal leden 32 lannen
offisjele webside
www.nato.int

De Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO), is in ynternasjonale organisaasje foar kollektive feiligens, oprjochte yn 1949, troch it Noardatlantyske Ferdrach tekene yn Washington, Feriene Steaten op 4 april 1949. It haadkertier is fêstige yn Brussel, Belgje. Ynternasjonaal wurdt faak de Ingelske ôfkoarting NATO, foar North Atlantic Treaty Organisation brûkt. Yn it Frânsk is dat OTAN, l'Organisation du Traité de l'Atlantique Nord; it Ingelsk en it Frânsk binne de twa offisjele talen yn dizze organisaasje.

De kearn fan NAFO is Kêst V fan it Noardatlantysk Ferdrach, hjir beskreaun:

De Partijen binne oerienkaam dat in wapene oanfal tsjin ien as mear fan 'e NAFO-lannen yn Jeropa as Noard-Amearika beskôge wurdt as in oanfal tsjin alle dielnimmende lannen. As in wapene oanfal plakfynt, sil elts fan harren, trocht it rjocht te brûken fan yndividuele as kollektive selsferdigening dy’t yn Kêst 51 fan it ferdrach neamd wurdt, de partij as de partijen stipe jaan, mûglik mei gebrûk fan striidkrêften, om de feiligens fan ’e lannen dy’t grinzen oan de noardlike Atlantyske Oseaan werom te bringen.
NAFO-gearkomste yn 2002.

De siktaris-generaal is de heechste boargerfunksje fan 'e organisaasje. Hy is de foarsitter fan de Noardatlantyske Rie (NAR), besteande út permaninte fertsjintwurdigers fan 'e lidsteaten. Dizze NAR hat alle woansdeis in gearkomste en as de folsleine Ried it meiïnoar iens wurde kin, wurde der politike besluten naam. De Ried wurdt stipe troch de Militêre Kommisje, dy't foarme wurdt troch de ferstjintwurdigers fan alle meidoggersteaten mei in armee. De heechste kommandant fan 'e NAFO is de Supreme Allied Commander Europe (SACEUR). Troch histoaryske ûntjouwings hat er dizze titel krigen, mar hy is kommandant fan 'e NAFO-legers bûten Europa.

It haadkertier fan 'e NAFO is fêstige yn Brussel. Yn it ferline wie Londen de lokaasje fan it NAFO haadkertier, yn 1952 is dat Parys wurden en dêrnei yn 1960 in oare lokaasje yn Parys. Yn 1966 ferhuze it haadkertier nei Brussel.

Yn 1986 waard it autonoom oerlisorgaan Eurogroup oprjochte. Dêr komme alle Jeropeeske meidoggerlannen gear en besykje ta in mienskiplik stânpunt te kommen.

Politike struktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas eltse alliânsje, wurdt NATO úteinliks regeard troch har 32 lidsteaten. Hawar, it Noardatlantysk Ferdrach, en oare oerienkomsten, binne de bases foar besluten yn NATO. Elts fan de 32 lidsteaten stjoere in delegaasje nei it NATO haadkertier yn Brussel, Belgje. It âldste permanint lid fan eltse delegaasje is ferneamd as de Permanint Fertsjintwurdiger en is yn it algemien in ambassadeur mei erfaring (en hat ek in diplomatyske graad).

Tegearre foarmje de Permaninte Leden de Noardatlantyske Ried, in orgaan dat eltse wike in gearkomste hat en hat politike autoriteit en makket besluten binnen NATO. Sa út en troch hat de Ried ek in gearkomste mei beskate ministers (Bútenlânske saken, Definsje) en steatsmannen, en it binne dizze gearkomste dêr't it grutste part fan de wichtige besluten wurdt naam. Hawar, de Ried hat deselde autoriteit en macht fan belied-meitsje, en syn besluten ha ek deselde status.

De Gearkomsten fan de Noardatlantyske Ried fine plak by de Siktaris-Generaal fan NATO en, wannear it ta besluten meitsje komt, wurdt in aksje oerienkaaam op bases fan unanimiteit en algemien akkoard. Der wurdt net keazen op bases fan grutste groep. Eltse steat fertsjinwurdiget oan de Ried tafel of oare kommisjes bliuwe folslein soeverein en ferantwurdlik foar harren eigen besluten.

Eltse naasje hat ek in twadde fertsjintwurdiger, in hege militêre fertsjintwurdiger. Tegearre foarmje de militêre fertsjintwurdigers de Militêre Kommisje, in orgaan ferantwurdlik foar oanwizings oan NATO’s politike autoriteiten hokker wichtich is foar it algemien ferdigenjen fan it NATO grûngebiet. It hat ta doel advys jaan op it mêd fan militêre saken oan de NATO strategyske kommandanten, hokker fertsjinwurdigers de gearkomsten bywenje, en hat ferantwurdelike oer alle militêre saken fan de alliânsje ûnder de Ried syn autoriteit. Lykas de ried, sa út en troch komt de militêre kommisje ek op heech nivo gear, nammentlik op it nivo fan Haad fan definsje, de heechste militêre offisier yn eltse naasje syn armee.

Militêre struktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
NATO E-3A dy mei Amerikaanske F-16's fleant yn in NATO oefening

NATO's militêre operaasjes gean oer twa strategyske kommandanten, beide binne it Amerikaanske offisieren mei assistinsje fan in staf ferspriede oer hiel de NATO. De strategyske kommandanten binne ferantwurdlik foar de Militêre Kommisje foar it algemien oanstjoeren fan algemiene saken en militêre saken binnen harren wurkgebiet.

Foar 2003 wienen de strategyske kommandanten de Supreme Allied Commander Europe en de Supreme Allied Commander Atlantic (SACLANT) mar de hjoeddeistige oerienkomst is de skieding fan ferantwurdlikens fan kommando tusken de Allied Command Transformation (ACT), dy't ferantwurding hat foar transformaasje en ûnderrjocht/oplieding fan NATO-legers, en Allied Command Operations, mei ferantwurdlikens foar NATO operaasjes oer de gânse wrâld.

De kommandant fan Allied Command Operations hat de namme "Supreme Allied Commander Europe (SACEUR)", en is stasjonearre yn it Supreme Headquarters Allied Powers Europe (NATO's haadkertier mei de ôfkoarting SHAPE), yn it Belgyske plak Casteau, dat leit noardlik fan de stêd Mons. It is likernôch 80km súdlik fan NATO's politike haadkertier yn Brussel. ACT is stasjonearre yn it foarhinne Allied Command Atlantic haadkertier yn Norfolk, Virginia, F.S..

NATO opereart sels mei in oantal NATO E-3A AWACS radar fleantugen dy't stasjonearre binne op Fleanbases Geilenkirchen yn Dútslân.

Lannen, mei jier as datum fan lid wurden:

De groei fan 'e NAFO yn Jeropa oant en maart 2024.

Kandidaatsteaten:

NAFO-EU partnerskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De NAFO en de Jeropeeske Uny hawwe in partnerskip foar behâld en befoarderjen fan feiligens yn Jeropa en de rest fan de wrâld.

Mediterraansk dialooch partnerskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NAFO hat mei in sân lannen súd- en eastlik fan de Middellânske See in gearwurkingsferbân. Hjir is yn 1994 mei útein set.

NAFO-Russyske Federaasje Ried

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NAFO en de Russyske Federaasje ûnderskriuwe in oerienkomst yn 1997 oangeande it "meiïnoar wurkjen oan in stabile, feilige en net-ferdield kontinint Jeropa útgeande fan partnerskip en algemien belang".

Yn maaie 2002 wie de oerienkomst fersterke troch it oprjochten fan de NAFO-Ruslân Ried, hokker ta doel hat it tichter by inoar bringen fan NAFO-lannen en Ruslân. De ried hat ta doel it identifisearjen en finen fan kânsen foar gearwurking tusken de 27 dielnimmers as gelike partners.

Undersyk en technology by NAFO

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NAFO hat op it stuit trije skiften fan ûndersyk en technology organisaasjes:

  • NAFO ûndersee Undersyk Sintrum (Ingelske ôfkoarting NURC),[1] direkt ferantwurdlik oan de Supreme Allied Command Transformation;
  • ûndersyk en Technology Agentskip (Ingelske ôfkoarting RTA),[2] rapporteart oan de ûndersyk en technology Organisaasje (Ingelske ôfkoarting RTO);
  • NAFO Konsultaat, Kommando en Kontrôle Agentskip (Ingelske ôfkoarting NC3A),[3] rapporteart oan it NAFO Konsultaat, Kommando en Kontrôle Organisaasje (Ingelske ôfkoarting NC3O).

Lytse gronology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

List fan NATO operaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Baltic Air Policing
  • Operation Sharp Guard
  • Operation Joint Endeavour
  • International Security Assistance Force

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. http://www.nurc.nato.int
  2. http://www.rta.nato.int
  3. http://www.nc3a.nato.int