Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Omar Sharif

Ut Wikipedy
Omar Sharif
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Omar Sharif
(berne as Michel Demitri Chalhoub)
nasjonaliteit Egyptysk
berne 10 april 1932
berteplak Aleksanderje (Egypte)
stoarn 10 july 2015
stjerplak Kaïro (Egypte)
etnisiteit Syrysk-Arabysk
jierren aktyf 19542015
prizen 3x Golden Globe
Gouden Eareliuw 2003
César du Cinéma 2004
offisjele webside
gjint

Omar Sharif (Arabysk: عمر الشريـف‎, sekuerdere transliteraasje: ‘Umar Eš-Šarīf; útspr.: [ˈʕumɑɾˤ ɛʃɪˈɾiːf]; berne as: Michel Demitri Chalhoub; Aleksanderje, 10 april 1932Kaïro, 10 july 2015) wie in Egyptysk akteur fan kristlik Syrysk komôf. Hy sette syn karriêre yn 'e fyftiger jierren yn syn eigen lân útein, en wûn dêrby ek bekendheid troch syn houlik mei de ikoanyske Egyptyske aktrise Faten Hamama, wêrfoar't er him ta de islaam bekearde. Yn 'e sechstiger jierren briek er ynternasjonaal troch mei rollen yn klassike Ingelsktalige films as Lawrence of Arabia, Doctor Zhivago en Funny Girl. Hy waard nominearre foar in Oscar en wûn trije Golden Globes, en wie behalven yn Amerikaanske en Britske films ek te sjen yn Frânske, Italjaanske, Spaanske, Grykske en Arabyske produksjes. Njonken syn aktearkarriêre wie Sharif ek in libbenslange entûsjast fan it kaartspul bridge (dêr't er ferskate boeken oer publisearre), en teffens wied er grut leafhawwer fan hynstekoersen.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omar Sharif waard yn 1932 berne yn 'e Egyptyske havenstêd Aleksanderje, as Michel Demitri Chalhoub, yn in melkitysk Gryksk-katolike húshâlding fan Syrysk komôf. Syn heit, Joseph Chalhoub, wie in foaroansteand keapman yn djoere houtsoarten dy't oarspronklik út Zahlé, yn Libanon, kaam en koart nei de iuwwiksel nei Egypte emigrearre wie. Syn heite famylje kaam oarspronklik fan Damaskus, yn Syrje. Doe't Sharif fjouwer jier wie, ferhuze it gesin nei de Egyptyske haadstêd Kaïro, dêr't er fierder opgroeide. Syn mem, Claire Sa'ada, waard dêr in bekend gastfrou foar de hegerein, en kening Farûk kaam oant syn ôfsetting yn 1952 geregeldwei by de Chalhoubs oer de flier.

Sharif learde oan it Fiktoariakolleezje yn Aleksanderje, dêr't syn talint foar talen oan it ljocht kaam, en letter oan 'e Universiteit fan Kaïro, dêr't er ôfstudearre yn wis- en natuerkunde. Dêrnei wurke er ferskate jierren foar syn heite ûndernimming, oant dy yn 1952 yn 'e swierrichheden kaam troch nasjonalisaasjes en oare beheinings fan 'e frije hannel doe't yn Egypte de republyk útroppen waard en Gamal Abdel Nasser oan it bewâld kaam. Sharif teach dêrop nei Londen, dêr't er in aktearoplieding folge oan 'e Royal Academy of Dramatic Art (RADA). Hy feroare yn namme yn "Omar Sharif" doe't er him yn 1955 ta de islaam bekearde om mei aktrise Faten Hamama trouwe te kinnen.

Omar Sharif mei Julie Christie yn Doctor Zhivago (1965).

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1954 sette Sharif yn Egypte útein mei syn aktearkarriêre, mei in rol yn 'e film Shaytan Al-Sahra ("Duvel fan 'e Woastyn"). Datselde jiers noch spile er ek mei yn Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hy rekke al gau ferneamd, en spile neitiid mei yn grutte Egyptyske produksjes as La Anam ("Sliepleas"; 1958), Sayyidat al-Qasr ("Frouwe fan it Paleis"; 1959) en Nahr el Hub ("De Rivier fan 'e Leafde"; 1961), in adaptaasje fan 'e roman Anna Karenina fan Lev Tolstoj.

Yn 1962 spile Sharif foar it earst yn in Ingelsktalige film, doe't er troch de Britske regisseur David Lean cast waard yn 'e rol fan sjaryf Ali yn it histoaryske epos Lawrence of Arabia (oer de Britske ofsier T.E. Lawrence). Dy rol levere Sharif in nominaasje op foar in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol, wylst er der in Golden Globe mei wûn yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in spylfilm en in (dielde) Golden Globe yn 'e kategory nije manlike stjer fan it jier. Filmkenners beskôgje Lean syn kar foar Sharif om in rol te ferfoljen dy't no rûnom beoardiele wurdt as ien fan 'e dreechste byrollen yn 'e filmskiednis, as tige riskant, mei't de man doedestiden bûten syn heitelân Egypte frijwol folslein ûnbekend wie.

Sharif mei Geraldine Chaplin yn Doctor Zhivago (1965).

Syn earste Ingelsktalige rol betsjutte foar Sharif ek daliks syn ynternasjonale trochbraak, en yn 'e folgjende pear jier spile er yn ferskate oare Westerske films. Dêrby profitearre er folop fan syn ûndúdlike etnisiteit, mei't er behalven foar in Arabier likegoed trochgean koe foar in Spanjert, in Italjaan, in Gryk, in Turk, in Armeen, in Joegoslaaf, in Rus, in Meksikaan, in Kubaan of sels in wat dûnker útfallen Middenjeropeaan. Dêrby spriek er behalven Arabysk en Ingelsk ek floeiend Frânsk, Spaansk, Italjaansk en Gryksk, neffens himsels "[...] mei in aksint dat my by steat stelde en spylje de rol fan in frjemdling sûnder dat wa ek krekt wist wêr't ik wei kaam [...]" Dêr makke Sharif gebrûk fan troch behalven yn Arabyske en Ingelsktalige films ek oan Frânske, Italjaanske, Spaanske en Grykske produksjes mei te wurkjen.

Yn it histoarysk epos The Fall of the Roman Empire (1964) spile Sharif de man fan 'e Romeinske prinsesse Lusilla, in rol fan Sophia Loren. In protte lof krige er foar syn rol as de preester Francisco yn 'e Spaanske Boargeroarloch, yn 'e film Behold a Pale Horse (1964). Ek spile Sharif in Joegoslavyske partizaan yn The Yellow Rolls-Royce (1964), de Mongoalske feroverder Dzjengis Khan yn Genghis Khan (1965), in Dútsk militêr yn The Night of the Generals (1967), Rudolf, kroanprins fan Eastenryk yn Mayerling (1968) en de Argentynske revolúsjonêr Che Guevara yn Che! (1969). Syn bekendste rol njonken dy fan sjaryf Ali yn Lawrence of Arabia hie Sharif lykwols yn David Lean syn epyske leafdesferhaal Doctor Zhivago (1965), in adaptaasje fan 'e roman mei deselde namme út 1957 fan 'e Russyske skriuwer Boris Pasternak. Yn dy film, dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch, de Russyske Revolúsje en de Russyske Boargeroarloch spilet, fertolke Sharif de titelrol fan 'e dokter en dichter Joeri Zjivago. Sawol it boek as de film wiene yn 'e Sovjet-Uny tritich jier lang ferbean. Foar dizze rol wûn Sharif in Golden Globe foar bêste manlike akteur yn in dramafilm.

Omar Sharif yn 1993.

In oare bekende rol fan Sharif wie dy fan Nicky Arnstein, de man fan it titelpersonaazje Fanny Brice yn 'e film Funny Girl (1968). Syn tsjinspylster wie dêrby de Joadsk-Amerikaanske sjongster Barbra Streisand yn har earste filmrol. Funny Girl waard yn 1967 opnommen, wylst yn it Midden-Easten de Seisdeiske Oarloch útfochten waard tusken Egypte en syn Arabyske bûnsgenoaten oan 'e iene kant en de Israel oan 'e oare kant. Fanwegen Streisand har lûdroftige stipe foar Israel krige Sharif foar syn beslissing om oan dy film mei te wurkjen lêst mei it Egyptyske regear, en hy makke it foar himsels noch nammenste minder troch in romantyske relaasje mei Streisand te begjinnen. Doe't de film it oare jiers útkaam, waard er yn Egypte en in grut tal oare Arabyske lannen daliks ferbean. Sharif loek him dêr lykwols neat fan oan, en spile op 'e nij de rol fan Nicky Arnstein yn it ferfolch Funny Lady, út 1975.

Oare films dêr't Sharif yn spile, wiene de western Mackenna's Gold (1969), mei Gregory Peck; de skriller Juggernaut (1974), mei Richard Harris; en it romantysk drama The Tamarind Seed (1974), mei Julie Andrews. Hy spile yn 1979 in Arabyske prins dy't in Westerske dokter as slavinne keapje wol yn Ashanti. Yn 1976 hied er in cameo yn 'e komeedzjefilm The Pink Panther Strikes Again, en yn 1984 wied er mei in selde soarte fan roltsje te sjen yn 'e spionaazjeparody Top Secret!. Oan it begjin fan The 13th Warrior (1999) hie Sharif in koarte rol as de mentor en majordomo fan 'e haadpersoan, spile troch Antonio Banderas. Yn 2003 fertolke Sharif de haadrol yn 'e Frânske film Monsieur Ibrahim, in adaptaasje fan 'e roman Monsieur Ibrahim et les Fleurs du Coran, fan Éric-Emmanuel Schmitt, as in islamityske Turkske keapman dy't de rol fan heit op him nimt foar in Joadske jonge. Mei dat optreden wûn Sharif yn 2004 de César du Cinéma (de wichtichste Frânske filmpriis) yn 'e kategory bêste akteur. Yn 2003 hied er op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje ek de Gouden Liuw foar it Oeuvre al wûn.

Behalven as filmakteur wie Sharif yn syn mear as sechstichjierrige aktearkarriêre ek op 'e tillefyzje te sjen yn in ferskaat oan tillefyzjefilms en minysearjes. Sa hied er de rol fan Koda Dad yn 'e rige The Far Pavilions (1984), dy't yn Britsk-Ynje spilet; fertolke er de rol fan Russyske foarst Fjodor Romodanovski yn 'e minysearje Peter the Great (1986), oer tsaar Peter de Grutte; en wied er te sjen as tsaar Nikolaas II yn 'e rige Anastasia: The Mystery of Anna (1986). Fierders spile er in Marokkaansk bedoeïnehaadman yn 'e rige Maktub: The Law of the Desert (1992), en fertolke er de rol fan Jetro, de skoanheit fan 'e Israelityske profeet Mozes, yn 'e minysearje The Ten Commandments (2006).

Sharif jout in bridgedemonstraasje yn Nederlân (1967).

Sharif wie alhiel besleifere fan it kaartspul bridge en hearde op in stuit ta de fyftich bêste bridgespilers fan 'e wrâld. Mei Charles Goren skreau er ferskate jierren lang in kollumn foar de Amerikaanske krante de Chicago Tribune, al liet er dêrby it eigentlik skriuwwurk fierhinne oer oan Tannah Hirsch. Fierders wie Sharif de auteur fan ferskate publikaasjes op it mêd fan bridge, en liet er yn 1992 in bridge-kompjûterspultsje ûnder syn namme publisearje as Omar Sharif on Bridge, dat oarspronklik útbrocht waard yn in MS-DOS- en in Amiga-ferzje, mar dat tsjintwurdich noch altyd beskikber is foar Windows en mobile tillefoans.

Sharif troude mar ien kear yn syn libben, en dat wie mei de yn har eigen lân wiidferneamde Egyptyske aktrise Faten Hamama. Hy kaam mei har yn 'e kunde doe't se yn 1954 syn tsjinspylster wie yn 'e film Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hoewol't Hamama oan dy tiid ta altyd wegere hie om foar de kamera te tútsjen, makke se foar Sharif in útsûndering. Hja rekken fereale opinoar en hy bekearde himsels ta de islaam sadat er noch datselde jiers mei har trouwe koe. Se krigen ien soan, Tarek El-Sharif, dy't berne waard yn 1957 (en yn Doctor Zhivago de rol fan Joeri Zjivago as achtjierrich bern spile). Yn 1965, doe't it rezjym fan Nasser him reisbeheinings oplizze woe, gie Sharif yn frijwillige ballingskip yn Jeropa, wat úteinlik ta de ein fan syn houlik late, om't Hamama om utens net aardzje koe. Hja giene yn 1966 as freonen útinoar, en skieden formeel yn 1974. Sharif woe letter hawwe dat Faten Hamama de iennichste frou wie dêr't er ea fereale op wurden wie.

Omar Sharif yn 2009 mei de Libaneeske sjongster en aktrise Cyrine Abdelnour.

Oer syn affêre mei Barbra Steisand, yn 1967, sei Sharif neitiid dat er har by harren earste moeting net bjustere oantreklik fûn, mar dat er al rillegau ûnder har tsjoen rekke. Dat koste him op in hier nei syn Egyptyske nasjonaliteit. Under de produksje fan Lawrence of Arabia rekke Sharif goed befreone mei de Iersk-Britske akteur Peter O'Toole, dy't yn dy film de titelrol fertolke. In oare freon fan sines wie de foaroansteande Egyptyske egyptolooch Zahi Hawass. Fierders kaam út Sharif syn fassinaasje mei hynsteracen ek in libenslange freonskip mei hynstetrener David Smaga fuort. Sharif wie faak te finen op 'e Frânske racebanen en wie sels eigner fan in stikmannich hynders dy't ferskate prizen wûnen. Nei geraden dat er âlder waard, sette Sharif him wer yn Kaïro nei wenjen, yn 'e neite fan syn famylje. Underwilens hied er ek twa pakesizzers krigen, Omar Sharif jr., berne yn Montreal, yn 1983, dy't ek akteur is, en Karim Sharif.

Yn maaie 2015 waard nei bûten ta brocht dat Sharif oanhelle rekke wie mei de sykte fan Alzheimer. Op 10 july 2015, minder as in healjier nei de dea fan syn eks-frou Faten Hamama, kaam Sharif yn 'e âlderdom fan 83 jier yn in Kaïreensk sikehûs te ferstjerren nei't er troffen wie troch in hertoanfal. Syn útfeart waard op 12 july yn it bywêzen fan famylje, freonen en kunde holden yn 'e Grutte Moskee fan Mushir Tantawi, yn eastlik Kaïro. Syn deakiste waard in Egyptyske flagge oerhinne drapearre.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1954 Shaytan al-Sahra ûnbekend ynternasjonale titel: Devil of the Desert of Devil of the Sahara
1954 Sira‘ Fi al-Wadi Ahmed ynternasjonale titel: The Blazing Sun, Struggle in the Valley of Fight in the Valley
1955 Ayyamna al-Holwa Ahmed ynternasjonale titel: Our Best Days
1956 La Châtelaine du Liban Mokrir ynternasjonale titel: The Lebanese Mission; op 'e ôftiteling fermeld as "Omar Cherif"
1956 Sira‘ Fi al-Mina Ragab ynternasjonale titel: A Fight within the Port
1957 La Anam Aziz ynternasjonale titel: Sleepless of No Tomorrow
1957 Ard al-Salam Ahmed ynternasjonale titel: Land of Peace
1958 Goha Goha op 'e ôftiteling fermeld as "Omar Cherif"
1958 Shatie el Asrar Mamdoh ynternasjonale titel: Beach of Secrets
1958 Ghaltet Habibi Salah ynternasjonale titel: My Lover's Fault
1959 Sira'a fil Nil Muhassab ynternasjonale titel: Struggle on the Nile
1959 Sayyidat al-Qasr Adel ynternasjonale titel: Lady of the Palace
1959 Min Ajal Emra'a Shokri ynternasjonale titel: For a Woman
1959 Maweed Ma'a Maghul Madgi ynternasjonale titel: An Appointment with the Unknown
1959 Fadiha fil Zamalek Ahmed ynternasjonale titel: Scandal in Zamalek
1960 Nahna el Talamiza Adel ynternasjonale titel: We the Students
1960 Lawet el Hub ûnbekend ynternasjonale titel: Love Sickness
1961 Gharam el Assiad ûnbekend ynternasjonale titel: Masters' Love
1961 Bidaya wa Nihaya Hassanien ynternasjonale titel: A Beginning and an End
1961 Esha'a Hob Hussein ynternasjonale titel: A Rumor of Love
1961 Nahr al-Hob Khalid ynternasjonale titel: The River of Love
1961 Hobi al-Wahid kaptein Adel ynternasjonale titel: My Only Love
1961 Fi Baytuna Ragul Ibrahim ynternasjonale titel: There is a Man in Our House
1962 Lawrence of Arabia sjaryf Ali wûn Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn in spylfilm
wûn Golden Globe foar nije stjer fan it jier (akteur)
nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
1964 The Fall of the Roman Empire Sohamus
1964 Behold a Pale Horse Francisco
1964 The Yellow Rolls-Royce Davich
1965 Genghis Khan Dzjengis Khan
1965 Marco the Magnificent sjeik Alla Hou, 'De Woastynwyn'
1965 Doctor Zhivago dokter Joeri Andrejevitsj Zjivago wûn Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1965 El Mamalik ûnbekend
1967 The Night of the Generals majoar Grau
1967 More Than a Miracle prins Rodrigo Fernandez
1968 Funny Girl Nicky Arnstein
1968 Mayerling aartshartoch Rudolf
1969 Mackenna's Gold John Colorado
1969 The Appointment Frenderico Fendi
1969 Che! Che Guevara
1969 Trois hommes sur un cheval un turfiste net fermeld op 'e ôftiteling
1971 The Last Valley Vogel
1971 The Horsemen Uraz
1971 The Burglars Abel Zacharia tagelyk ek mei deselde cast opnommen yn it Frânsk as Le Casse
1972 Le Droit d'aimer Pierre
1973 La Isla Misteriosa y el Capitán Nemo kaptein Nemo ynternasjonale titel: The Mysterious Island
1974 The Tamarind Seed Feodor Sverdlov
1974 Juggernaut kaptein Alex Brunel
1975 Funny Lady Nicky Arnstein
1976 Ace Up My Sleeve Andre Ferren ek bekend as Crime and Passion
1976 The Pink Panther Strikes Again Egyptyske hiermoardner cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1979 Ashanti prins Hassan
1979 Bloodline Ivo Palazzi
1980 S*H*E baron Cesare Magnasco ek bekend as S*H*E: Security Hazards Expert
1980 The Baltimore Bullet de Diaken
1980 Oh! Heavenly Dog Malcolm Bart
1981 Green Ice Meno Argenti
1981 Inchon Yndiaaske ofsier cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1983 Ayub ûnbekend
1984 Top Secret! spesjaal agint Cedric
1987 Grand Larceny Rashid Saud
1988 Les Possédés Stepan ynternasjonale titel: The Possessed
1988 Les Pyramides bleues Alex ynternasjonale titel: The Novice
1988 Keys to Freedom Jonathan
1989 Al-Aragoz Mohamed Gad El Kareem ynternasjonale titel: The Puppeteer
1990 Mountains of the Moon de sultan net fermeld op 'e ôftiteling
1990 Viaggio d'Amore Rico
1990 The Rainbow Thief Dima
1991 El Mowaten Masri ûnbekend ynternasjonale titel: War in the Land of Egypt of An Egyptian Citizen
1991 Mayrig Hagop
1992 588 Rue Paradis Hagop ynternasjonale titel: Mother
1992 Tengoku no Taizai Tsai Mang Hua
1993 Dehk we Le'b we Gad we Hob ûnbekend ynternasjonale titel: Laughter, Games, Seriousness and Love
1997 Heaven Before I Die Kahlil Gibran
1998 Mysteries of Egypt pake dokumintêre
1999 The 13th Warrior Melchisideck
2001 Censor ûnbekend
2001 The Parole Officer Victor
2003 Monsieur Ibrahim Ibrahim wûn César du Cinéma foar bêste akteur
2004 Hidalgo sjeik Riyadh
2006 Fuoco Su di Me prins Nicola
2006 One Night with the King prins Memucan
2008 10,000 BC n.f.t. ferteller
2008 Hassan wa Morkus Hassan / Morkus ynternasjonale titel: Hassan and Marcus
2009 Al Mosafer de âldere Hassan ynternasjonale titel: The Traveller
2009 J'ai oublié de te dire Jaume ynternasjonale titel: I Forgot to Tell You
2013 A Castle in Italy himsels
2013 Rock the Casbah Mulay Hassan
2015 1001 Inventions and the World of Ibn Al-Haytham pake lêste filmrol
tillefyzje
1966 The Poppy Is Also a Flower dokter Rad tillefyzjefilm
1980 Pleasure Palace Louis Lefèvre tillefyzjefilm
1984 The Far Pavilions Koda Dad minysearje
1985 Vicious Circle Joseph Garcin tillefyzjefilm
1985 Edge of the Wind McCorquodale tillefyzjefilm
1986 Peter the Great prins Fjodor Romodanovski
1986 Harem sultan Hassan minysearje
1986 Anastasia: The Mystery of Anna tsaar Nikolaas II fan Ruslân minysearje
1991 Memories of Midnight Constantin Demiris tillefyzjefilm
1992 Mrs. 'Arris Goes to Paris markys Hippolite tillefyzjefilm
1992 Maktub: The Law of the Desert emir Beni-Zair minysearje
1995 Catherine the Great Aleksej Razûmovski tillefyzjefilm
1996 Gulliver's Travels de tsjoender minysearje
1999 Cleopatra's Palace: In Search of a Legend n.f.t. voice-over by in dokumintêre
2001 Shaka Zulu: The Citadel de kening tillefyzjefilm
2002 Building the Great Pyramid n.f.t. voice-over by in dokumintêre
2005 Imperium: Saint Peter de apostel Petrus tillefyzjefilm
2006 The Ten Commandments Jetro minysearje
2007 Hanan wa Haneen Rauf ynternasjonale titel: Tenderness and Nostalgia
2008 The Last Templar Konstantine tillefyzjesearje
  • 1976 – Éternel Masculin (mei Marie-Thérèse Guinchard; yn 1977 oerset yn it Ingelsk as The Eternal Male)
  • 1980 – Goren's Bridge Complete (mei Charles Goren)
  • 1982 – Ma Vie au Bridge (mei Anne Segalen en Patrick Sussel; yn 1983 oerset yn it Ingelsk as Omar Sharif's Life in Bridge)
  • 2004 – Omar Sharif Talks Bridge
  • ???? – Bridge Deluxe II Play with Omar Sharif (bridgehânlieding)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.