Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Rush Hour (film út 1998)

Ut Wikipedy
Rush Hour
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Brett Ratner
produsint Roger Birnbaum
Jonathan Glickman
Arthur M. Sarkissian
senario Jim Kouf
Ross LaManna
kamerarezjy Adam Greenberg
muzyk Lalo Schifrin
filmstudio Roger Birnbaum Productions
distribúsje New Line Cinema
spilers
haadrollen Jackie Chan
Chris Tucker
byrollen Ken Leung
Tzi Ma
Elizabeth Peña
Mark Rolston
Tom Wilkinson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 septimber 1998
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
(ek wat Mandarynsk en Kantoneesk)
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $33 miljoen
opbringst $244,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Rush Hour
● folgjend diel Rush Hour 2

Rush Hour is in Amerikaanske aksjekomeedzje en plysjefilm út 1998 ûnder rezjy fan Brett Ratner, mei yn 'e haadrollen Jackie Chan en Chris Tucker. De titel betsjut "Spitsoere", mar kin ek útlein wurde as "Haastoere". It ferhaal giet oer in min byinoar passend duo plysjeminsken, de iene in Sineeske ynspekteur út Hongkong, de oare in swarte resjersjeur út Los Angeles, dy't tegearre de ûntfiering fan in jong famke troch in mysterieus ûnderwrâldfiguer sjen moatte op te lossen. Rush Hour krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. Op basis dêrfan ûntstie letter de mediafranchise mei deselde namme. In direkt ferfolch op Rush Hour kaam út yn 2001 ûnder de titel Rush Hour 2.

Op 'e lêste dei fan it Britske bestjoer oer Hongkong, yn 1997, jout ynspekteur Lee Yan Naing fan it Keninklik Hongkongsk Plysjekorps lieding oan in oerfal op in skipswerf yn 'e hope de mysterieuze anonime gangster Juntao te arrestearjen. Dyselde stiet oan it haad fan in kriminele organisaasje dy't him skuldich makket oan alderhanne misdiedige praktiken. Lee treft op 'e werf lykwols inkeld Sang oan, de rjochterhân fan Juntao, dy't nei in konfrontaasje mei Lee yn in speedboat wit te ûntkommen. De oerfal is lykwols net hielendal is mislearring, want op 'e werf wurdt in ûnbidige samling Sineeske antyk en keunst fan ûnskatbere wearde weromfûn, dy't stellen is Juntao. Dat guod presintearret Lee by wize fan ôfskiedsgeskink oan 'e Sineeske konsul Han Solon en de Britske plysjekommissaris Thomas Griffin.

Koarte tiid letter reizget Han nei de Feriene Steaten, dêr't er de nije Sineeske konsul yn Los Angeles wurdt. Al rillegau wurdt syn tsienjierrige dochterke Soo-Yung ûnderweis nei skoalle út 'e auto plôke en ûntfierd troch Sang. De saak wurdt ûndersocht troch de Amerikaanske federale resjerzje FBI, mar Han freget Lee om út Hongkong oer te kommen om te helpen by it weromfinen fan Soo-Yung. Spesjaal agint Warren Russ fan 'e FBI, dy't de lieding oer it ûndersyk hat, is lykwols bang dat it ta in ynternasjonaal ynsidint liede sil as in bûtenlânske plysjeman op Amerikaanske gerjochtichheid ferwûne rekket of omkomt, dat hy beslút dat Lee dwaande holden wurde moat mei fan alles en noch wat, salang't it mar neat mei de ûntfieringssaak te krijen hat.

Dat, it Los Angeles Police Department, it plysjekorps fan Los Angeles, wurdt fersocht om op Lee te passen. Haadynspekteur Bill Diel is earst misledige dat him soks frege wurdt, mar as krekt op dat stuit resjersjeur James Carter by him it kantoar binnenkomt, dy't koartby in undercoveroperaasje yn 'e bulten jage hat, beslút er twa miggen mei ien klap te slaan en Carter te straffen wylst er tagelyk de FBI tefreden stelt. Carter wurdt earst wiismakke dat er foar de FBI op in topgeheime misje giet, mar hy kriget al rillegau foar it ferstân dat er beetnommen is. Dat makket him sa nidich, dat er beslút sels de ûntfieringssaak op te lossen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Carter nimt in tsjinakeljende Lee op sleeptou foar in rûnlieding by ferskate wichtige besjensweardichheden yn Los Angeles lâns om him, sa't er troch Russ hjitten wie, by it Sineeske konsulaat wei te hâlden. Underwilens nimt er lykwols hieltyd kontakt op mei ynformanten om mear oer de ûntfiering gewaar te wurden. Sa ûntdekt er dat in nije spiler yn 'e ûnderwrâld fan Los Angeles in protte wapenreau opkeapet en kriminelen yn 'e tsjinst nimt. Lang om let hat Lee syn nocht. Hy ûntsnapt oan 'e bewekking troch Carter en siket sels in wei nei it konsulaat, dêr't Han en de FBI op dat stuit noch altyd op berjocht fan 'e ûntfierders wachtsje. Carter komt Lee efternei en wurdt by oankomst yn it konsulaat de mantel útfeegd troch Russ en syn assistint, spesjaal agint Dan Whitney. As Sang skillet om in losjild te easkjen fan $50 miljoen, is it ta argewaasje fan Russ by fersin Carter dy't de tillefoan oannimt en mei him begjint te ûnderhanneljen.

De FBI folget it tillefoantsje werom nei in fertutearze pakhûs, dêr't in spesjaal arrestaasjeteam in ynfal docht, mar neat oantreft. Lee besiket Russ te warskôgjen dat it foar 't neist in falstrik is, mar de FBI-agint wegeret nei him te harkjen. Sang blaast it pakhûs op, wêrby't it hiele arrestaasjeteam omkomt. Hy docht dat fan deunby, en Lee wurdt him gewaar. Hy en Carter efterfolgje de gangster, mar hy wit op 'e nij te ûntkommen, hoewol't er de ôfstânsbetsjinning falle lit der't er de bom mei ôfgean litten hat. Bomekspêr Tania Johnson, in kollega fan Carter dy't him in ferfelende klier fynt, ken it apparaatsje werom as it wurk fan Clive Cod, in hanneler yn eksplosiven dy't koartby troch Carter oppakt is. Dêrop sykje Carter en Lee de man yn it tichthûs op, en nei't Lee in berop dien hat op syn gewisse troch him in foto fan Soo-Yung sjen te litten, jout er ta dat er in diel fan syn waar ferkocht hat oan Juntao, fia in restaurant yn 'e wyk Chinatown.

Carter giet allinne it restaurant yn, wylst Lee, dy't ommers bekend is by de trewanten fan Juntao, yn 't earstoan bûten wachtet. Troch klearebare bluf ynfiltrearret Carter de boppeferdjipping fan it restaurant, dêr't it haadkertier fan Juntao fêstige blykt te wêzen. Op in monitor dy't bylden fan in befeiligingskamera oan 'e efterkant fan it restaurant sjen lit, sjocht Carter hoe't in blanke man Soo-Yung nei in buske ta draacht om har fuort te bringen. It docht bliken dat Carter syn dekmantel ek al lang trochsjoen is, en Sang en de oare trewanten fan Juntao besykje him te fermoardzjen. Hy wurdt rêden troch Lee, en tegearre fjochtsje de beide mannen har in wei nei bûten. Dêr wurde se oppakt troch de FBI. Mei harren aksje hawwe se nammentlik de útwikseling fan it losjild foar Soo-Yung, dy't dy jûns by it restaurant plakfine soe, alhiel yn 'e bulten jage. Carter kriget in bêsten beskrobbing, wylst Lee op it earstfolgjende fleantúch werom nei Hongkong set wurdt.

Carter wegeret lykwols en jou op. Hy kriget Johnson safier dat se foar him útfynt wêr't konsul Han dy jûns wêze sil. Underwilens kringt er sels op 'e startbaan it fleantúch fan Lee binnen en bepraat him om mei te kommen, sadat se Juntao mei feriene krêften stopje kinne. Om dyselde tiid hinne dûkt Thomas Griffin, de Britske âld-plysjekommissaris fan Hongkong, op it Sineeske konsulaat yn Los Angeles op, dêr't er him opsmyt as freon en riejouwer fan konsul Han. Hy fertelt de FBI alles dat er wit oer de kriminele organisaasje fan Juntao en rikkemandearret oan om it losjild, dat omreden fan 'e kluchten fan Carter en Lee ferhege is ta $70 miljoen, gewoan te beteljen. Want Juntao soe der neffens Griffin alhiel net foar tebekskrilje om in jong famke te fermoardzjen.

De nije útwikseling fan it losjild foar it famke sil plakfine by de iepening fan in tentoanstelling yn it Los Angeles Convention Center, dêr't krekt dy antyk en keunst útstald is dy't by de ynfal fan Lee op 'e skipswerf yn Hongkong fan Juntao weromwûn wie. Han moat de tentoanstelling iepenje mei in taspraak, mar hy is dêr net ta by steat, dat Griffin nimt it fan him oer. Carter, dy't trijeresom mei Lee en Johnson it evenemint ynfiltrearre is, ken him werom as de man dy't by it Sineeske restaurant Soo-Yung yn it autobuske troppe. As er dat oan Lee fertelt, kriget dy foar it ferstân dat Griffin nimmen oars as Juntao is. Carter docht in falske bommelding, sadat de gasten evakuëarre wurde, op 'e nij ta argewaasje fan Russ en Whitney. Lee trappearret Griffin der lykwols op dat er de ôfstânsbetsjinning foar in nije bom oannimt fan Sang.

Griffin makket himsels dan bekend as Juntao en seit dat de $70 miljoen syn skeafergoeding is foar alle antyk en keunst dy't Lee him ûntstellen hat. Ek fertelt er dat er Soo-Yung in bomgurdle om dien hat en dat er it famke opblaze sil as de FBI him net gean lit. Carter glûpt nei bûten ta, dêr't er it buske gewaarwurdt dat er by it Sineesk restaurant sjoen hat. Nei't er ien fan Griffin syn trewanten oermastere hat, ûntdekt er Soo-Yung yn it buske. Hy kin har de bomgurdle net út dwaan sûnder dat de bom ôfgiet, dat syn oplossing is om mei Soo-Yung yn it buske it konvinsjesintrum binnen te riden. Griffin kin dan de bom net mear ôfgean litte sûnder ek himsels op te blazen. Johnson befrijt Soo-Yung fan 'e bomgurdle wylst Carter efter Sang oangiet, dy't er úteinlik deasjit. Griffin, dy't regele hat dat er oppikt wurde sil troch in helikopter, besiket mei in koffer mei in diel fan it losjild nei it dak te klimmen, mar Lee set him efternei. Heech yn it gebou slacht Griffin Lee mei de koffer, dy't iepengiet. Alle losjild falt derút en dwarrelet nei ûnderen ta. By it gefjocht kneppelet de no breinroere Griffin omleech, wêrnei't er te pletter falt. Ek Lee komt te fallen, mar Carter fangt him op mei in reuseftich spandoek.

Soo-Yung wurdt weriene mei har heit. Lee giet nei hûs yn Hongkong, en syn nije freon Carter giet mei op fakânsje. Op 'e lofthaven wurdt er oansprutsen troch Russ en Whitney, dy't him in baan by de FBI oanbiede, kompleet mei ynsynje. Carter, dy't skjin syn nocht hat fan 'e manear dêr't er hieltyd op behannele is troch de FBI, seit dat se dat ynsynje om him wol yn harren kont stopje kinne. Oan board fan it fleantúch komt er njonken Lee te sitten. It is in flecht fan fyftjin oeren, en as Lee in koptillefoan opset en lûd en falsk it liet War fan Edwin Starr begjint mei te sjongen, ropt Carter de stewardess ta dat er in oar sitplak hawwe wol.

Jackie Chan.
Chris Tucker.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise       
ynspekteur Lee Yan Naing Jackie Chan
resjersjeur James Carter Chris Tucker


byrollen
personaazje                         akteur/aktrise
Sang Ken Leung
konsul Han Solon Tzi Ma
resjersjeur Tania Johnson Elizabeth Peña
FBI-agint Warren Russ Mark Rolston
Thomas Griffin / Juntao Tom Wilkinson
FBI-agint Dan Whitney Rex Linn
Han Soo-Yung Julia Hsu
Clive Cod Chris Penn
haadynspekteur Bill Diel Philip Baker Hall
"Stucky" John Hawkes
Luke Clifton Powell
Bobby Barry Shabaka Henley

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rush Hour waard regissearre troch Brett Ratner nei in senario fan Jim Kouf en Ross LaManna op basis fan in idee fan LaManna. As produsinten wiene Roger Birnbaum, Jonathan Glickman en Arthur M. Sarkissian by it projekt belutsen foar de filmstudio Roger Birnbaum Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $33 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Adam Greenberg, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Argentynske filmkomponist Lalo Schifrin.

Rush Hour wie fan it begjin ôf oan in fehikel foar Jackie Chan, mar wa't de rol fan syn Amerikaanske tsjinspiler krije soe, wie net daliks dúdlik. De produsinten namen Wesley Snipes, Eddie Murphy en Dave Chapelle yn omtinken foar de rol. Murphy waard ek echt frege, mar hy sloech it oanbod ôf om ynstee Holy Man te meitsjen. Ratner, dy't syn earste spylfilm regissearje kinnen hie tanksij Chris Tucker, wist de produsinten oer te heljen om Tucker yn 'e Amerikaanske haadrol te casten.

De distribúsje fan Rush Hour waard fersoarge troch New Line Cinema. De film gie op 18 septimber 1998 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 15 septimber 1998 by Rush Associated Labels, in label fan platemaatskippij Def Jam Recordings. Rush Hour waard op 2 maart 1999 útbrocht op dvd en op 15 juny fan dat jier ek as VHS-keapfideo. Op 11 oktober 2011 kaam de film foar it earst út op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Rush Hour oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes. Yn 'e Chicago Sun-Times priizge Roger Ebert Jackie Chan om syn fermaaklike aksjesênes wêrfoar't gjin inkele stunt double ynset wie, en Chris Tucker om syn komyske optreden yn 'e film. Hy fûn dat se in effektyf komysk duo foarmen. Joe Leydon fan it tydskrift Variety omskreau de film as "in earlik sein formulemjittige, mar hilarysk fermaaklike aksjekomeedzje". Hy wie lykwols kritysk oer de filmmontaazje, dy't neffens him "tsjin Chan wurket trochdat it de floeiendheid fan syn drokke lichaamlikens yn stikken brekt".

Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly hie minder op mei Rush Hour. Hy fûn dat de beide haadpersoanen "mar kwealk wat mei-inoar te krijen hawwe; se binne in feriening fan doelgroepen: de "urban" (Afro-Amerikaanske) merk dy't de slapstick-aksjemerk moetet." Op 'e webside Salon.com fûn Charles Taylor Rush Hour in goed foarbyld fan hoe't de Amerikaanske filmyndustry Jackie Chan misbrûkte: "Hollywood moat ophâlde him te behanneljen as wied er ien fan dy fondusets dy't yn 'e jierren santich wol as houliksgeskink jûn waarden: in bûtenlânske nijichheid dy't yn in kast troppe wurdt om't men gjin flau idee hat wat men der mei oan moat." Yn The Washington Post wie Michael O'Sullivan it dêrmei iens. Hy neamde de film "in mislearre houlik fan swiet en soer" dat "inkeld in fize smaak yn [jins] mûle efterlit."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rush Hour in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 74 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as "in tahuffende oanfolling op it sjenre fan 'e plysjefilm." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rush Hour in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 23 resinsjes.

Rush Hour brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $141,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $103,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $244,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $33 miljoen betsjut dat in winst fan $211,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Rush Hour waard nominearre foar de Grammy Award for bêste ynstrumintale komposysje skreaun foar in film of tillefyzjeprogramma. De film wûn de ALMA Award foar bêste aktrise yn in spylfilm (Elizabeth Peña) en de MTV Movie Award foar bêste duo op it wite doek (Jackie Chan en Chris Tucker). Dêropta wiene der ek noch nominaasjes foar trije oare MTV Movie Awards, in Nickelodeon Kids' Choice Award en in NAACP Image Award.

Ferfolch en franchise

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op basis fan it kommersjele súkses fan Rush Hour ûntstie neitiid de mediafranchise Rush Hour, dy't twa ferfolchfilms mei byhearrende soundtrackalbums en in tillefyzjesearje omfiemet. It direkte ferfolch op Rush Hour wie Rush Hour 2, út 2001.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.