Even Piell
Even Piell (útspr.: [ˈiːvən ˈpiːl], likernôch: "ii-vun piil") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Lanniks, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Even Piell waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) spile troch aktrise Michaela Cottrell. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars waard syn dialooch ynsprutsen troch stimakteur Bair Bless.
Even Piell personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Lannik | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Mace Windu Yoda Saesee Tiin Adi Gallia Plo Koon | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeEftergrûn
bewurkje seksjeEven Piell wurdt berne as in Lannik op 'e planeet Lannik. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder. As Jedi keart er letter werom nei syn thúswrâld, dêr't er by in konfrontaasje mei terroristen syn loftereach ferliest. Piel stiet bekend om syn opljeppendheid en om it feit dat er net oer folle takt beskikt. Neffens Wilhuff Tarkin, dy't yn 'e Kloane-oarloggen ûnder him tsjinnet, is er in geweldige skermer mei de ljochtsabel, mar mist er taktysk ynsjoch.
Nabookrisis
bewurkje seksjePiell ûntjout him ta in foaroansteand lid fan 'e Oarder en wurdt meitiid beneamd yn 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Oarder. Dêr tsjinnet er noch as yn 32 f.Sl.Y. de Nabookrisis útbrekt. Piell is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e Hege Jedi Ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.
Piell is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De leden fan 'e Ried, ûnder wa Piell, binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen, en master Yoda wurdt grutte eangst yn 'e jonge gewaar, wat in negative emoasje is. De Ried beslút Qui-Gon syn fersyk om Anakin dochs noch oan 'e Jedi-training begjinne te litten, ôf te wizen.
Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, wêrmei't dyselde him frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. De Ried beslút mei tsjinnichheid om dêr tastimming foar te jaan. Even Piell is ien fan 'e leden 'e Hege Jedi Ried dy't mei Yoda en Mace Windu nei Naboo ta reizgje. Hy is dêr oanwêzich by de kremaasje fan Qui-Gon Jinn en de oerwinningsparade yn 'e haadstêd Theed.
Kloane-oarloggen
bewurkje seksjeWannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, is Piell noch altyd lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hy is ien fan 'e Jedi-masters dy't mei Mace Windu nei de planeet Geonosis reizgje om Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala te rêden, dy't dêre troch de Sith greve Dooku ta de deastraf feroardiele binne. Piell oerlibbet de Earste Slach om Geonosis en wurdt in generaal yn it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat.
Yn 20 f.Sl.Y., as de Kloane-oarloggen in jier en njoggen moannen oan 'e gong binne, wurdt it flaggeskip fan Piell yn 'e Slach by Lola Sayu troch de separatisten intere en ferovere. Piell, syn kaptein Wilhuff Tarkin en de rest fan 'e bemanning, ynsafier't dy de striid oerlibbe hat, wurde kriichsfinzen nommen.
Neitiid wurde se oerbrocht nei de Sitadel, in berucht separatistysk tichthûs, dêr't Piell martele wurdt foar ynformaasje. Hy hâldt hoek oant er befrijd wurdt troch in team besteande út 'e Jedi-ridders Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en Ahsoka Tano, in stikmannich kloansoldaten en de robot R2-D2. By harren ûntsnapping út 'e Sitadel wurdt Piell lykwols deadlik ferwûne troch in oanfal fan in anooba, in ferskuorrend rôfdier. Foar't er stjert jout er de wichtige geheime ynformaasje dy't er beskermet, troch oan Ahsoka troch it har yn 't ear te flústerjen. Nei syn dea brûke Obi-Wan en Anakin de Krêft om syn stoflik omskot yn in lavastream sakje te litten, sadat er kremearre wurdt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |