Beru Lars
Beru Lars (útspr.: [bəˈɹuː], likernôch: "buh-rûû"), berne as Beru Whitesun, is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in boerinne op 'e planeet Tatooine en de de muoike en pleechmem fan 'e jonge Luke Skywalker. Har man hjit Owen. Beru Lars waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It personaazje waard yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) spile troch Shelagh Fraser en yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en de tillefyzjesearje Obi-Wan Kenobi troch Bonnie Piesse.
Beru Lars personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Beru Whitesun | |
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | boerinne | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Owen Lars Luke Skywalker Shmi Skywalker Obi-Wan Kenobi | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeBeru is net berne op 'e planeet Tatooine, mar rekket der op in ynterstellêre reis strâne as har romteskip stikken giet. (Dat bart yn 'e tsien jier romte dy't tusken de films Star Wars: Episode I – The Phantom Menace en Star Wars: Episode II – Attack of the Clones út 'e Star Wars-prequeltrilogy yn sit.) Yn 'e delsetting Mos Espa komt Beru yn 'e kunde mei Shmi Skywalker, in slavinne fan 'e Toydariaan Watto, dy't foar him yn 'e winkel stiet dêr't er ûnderdielen fan romteskippen ferkeapet. De beide froulju reitsje befreone en fia Shmi, dy't op it punt stiet om frijkocht te wurden troch de boer Cliegg Lars, dy't mei har trouwe wol, moetet Beru Cliegg syn foarsoan Owen Lars, op wat se fereale wurdt. Net folle letter trout se mei him. Om't Owen syn heite opfolger is op 'e fochtbuorkerij wurdt Beru dan boerinne.
Yn 22 f.Sl.Y. wurdt Shmi ûntfierd troch Tusken-kapers en mishannele oant se oan har ferwûnings beswykt (lykas te sjen yn Attack of the Clones). Cliegg Lars, dy't dan foar de twadde kear widner wurdt, komt koarte tiid letter te ferstjerren. Yn 19 f.Sl.Y. bringt de Jedi Obi-Wan Kenobi de bernleaze Owen en Beru in poppe, de soan fan Shmi har foarsoan en Owen syn styfbroer Anakin Skywalker. Owen en Beru stimme dermei yn om it jonkje grut te bringen. Se ferkeare ûnder de yndruk dat Anakin yn 'e ûnlijichheden om 'e steatsgreep fan 'e boasaardige keizer Palpatine hinne ombrocht is om't er in Jedi wie. Om 'e jonge tsjin sa'n selde lot te beskermjen, lizze Owen en Beru it near op alles dat mei de Jedi te krijen hat. Se besykje Luke waarm te krijen foar it boerewurk, eat dêr't de jonge, dy't smacht nei aksje en aventoer, gjin boadskip oan hat.
Yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope, as Luke njoggentjin jier is, keapet Owen fan 'e Jawa's in pear androïden, R2-D2 en C-3PO. Ien dêrfan, R2-D2, befettet de troch it Rebelleferbûn stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer, in nij romtestasjon anneks massaferneatigingswapen fan keizer Palpatine. Luke ûntdekt yn R2-D2 in boadskip fan syn twillingsuster (al wit er net dat se dat is), prinsesse Leia Organa fan Alderaan, oan Obi-Wan. As R2-D2 útnaait, giet Luke him efternei en bedarje se by Obi-Wan, dy't dan al krapoan tweintich jier as in klúzner yn 'e woastyn fan Tatooine tahâldt. Wylst Luke fuort is, wurdt de pleats oerfallen troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk, dy't op 'e siik nei de beide androïden binne. Dyselden fermoardzje Owen en Beru. As Luke letter syn omke en muoike dea oantreft, jout er him by Obi-Wan om as Jedi traint te wurden.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |