Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Owen Lars is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in boer op 'e planeet Tatooine en de de styfomke en pleechheit fan 'e jonge Luke Skywalker. Syn frou hjit Beru. Owen Lars waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It personaazje waard yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) spile troch Phil Brown en yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en de tillefyzjesearje Obi-Wan Kenobi troch Joel Edgerton.

Owen Lars
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt boer
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Beru Lars
Luke Skywalker
Cliegg Lars
Shmi Skywalker
Anakin Skywalker
Obi-Wan Kenobi
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Owen is op 'e woastynplaneet Tatooine berne as de soan fan Cliegg Lars en dy syn earste frou Aika. As syn heit nei it ferstjerren fan syn mem wertrout mei Shmi Skywalker, wurdt Owen de styfbroer fan 'e Jedi Anakin Skywalker. Dat bart yn 'e tsien jier romte dy't tusken de films Star Wars: Episode I – The Phantom Menace en Star Wars: Episode II – Attack of the Clones út 'e Star Wars-prequeltrilogy yn sit. Yn dyselde snuorje trout Owen sels mei Beru Whitesun.

Sa't yn Attack of Clones te sjen is, wurdt Shmi yn 22 f.Sl.Y. ûntfierd troch Tusken-kapers en mishannele oant se oan har ferwûnings beswykt. Owen syn heit Cliegg, dy't dan foar de twadde kear widner wurdt, komt koarte tiid letter te ferstjerren en lit Owen syn fochtbuorkerij nei.

Sa't toand wurdt yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith ferfalt Anakin yn 19 f.Sl.Y. ta de tsjustere kant fan de Krêft. Hy jout him by de boasaardige keizer Palpatine en nimt de Sith-namme Darth Vader oan. Padmé Amidala, mei wa't er yn it djipste geheim troud is, bringt fuort letter in twilling te wrâld, dy't se Luke en Leia neamt. Hja ferstjert net lang dêrnei yn it kreambêd. De Jedi Obi-Wan Kenobi en Yoda beslute de twillingen te ferbergjen foar Darth Vader en harren foar har eigen feilichheid útinoar te heljen. Obi-Wan nimt Luke mei nei Tatooine en jout de poppe dêr oan Owen en Beru om grut te bringen.

Owen en Beru ferkeare ûnder de yndruk dat Anakin by de steatsgreep fan Palpatine ombrocht is om't er in Jedi wie. Dat, om Luke te beskermjen lizze se it near op alles dat mei de Jedi te krijen hat. Owen ferbiedt Obi-Wan ek om Luke te trainen of sels mar om op lykfol hokker manear kontakt mei him te hawwen. Ynstee besiket er Luke waarm te krijen foar it boerewurk, eat dêr't de jonge, dy't smacht nei aksje en aventoer, gjin boadskip oan hat.

Yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope, as Luke njoggentjin jier is, keapet Owen fan 'e Jawa's in pear androïden, R2-D2 en C-3PO. Sûnder dat er it wit, befettet R2-D2 in boadskip fan Luke syn suster, prinsesse Leia Organa fan Alderaan, oan Obi-Wan. As Luke mei de androïde omnifelet, stjit er op dat boadskip. Hy wit net wa't "Obi-Wan Kenobi" is, mar ken wol in Ben Kenobi, dy't as klúzner yn 'e woastyn omhúsmannet. As R2-D2 útnaait en Luke him mei C-3PO efternei giet, bedarje se trijeresom by Obi-Wan.

Wylst Luke ôfwêzich is, wurdt de pleats oerfallen troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk, dy't op 'e siik binne nei de beide androïden. R2-D2 befettet nammentlik net inkeld in boadskip foar Obi-Wan, mar ek de troch it Rebelleferbûn stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer, it nije romtestasjon anneks massaferneatigingswapen fan keizer Palpatine. De stoarmtroepers fermoardzje Owen en Beru. As Luke letter syn omke en muoike dea oantreft, jout er him by Obi-Wan om as Jedi traint te wurden.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono