Qi'ra
Qi'ra (Ingelske útspr.: [ˈkʰiːɹɑ], likernôch: "k-hie-ra") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yn 2018 yntrodusearre yn Solo: A Star Wars Story. De geastlike heiten fan it personaazje wiene de senarioskriuwers fan dy film, heit en soan Lawrence en Jonathan Kasdan. Qi'ra is de jeugdleafde fan 'e protagonist Han Solo en tagelyk in heechpleatst ûnderwrâldfiguer yn iit misdiesyndikaat Karmozinen Dage. Hja hat better as Han foar it ferstân dat harren leafde doemd is om te mislearjen. De rol fan Qi'ra waard spile troch aktrise Emilia Clarke.
Qi'ra personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske (Corelliaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | krimineel | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Han Solo Dryden Vos Tobias Beckett Lando Calrissian L3-37 | |
geastlike heit | Lawrence Kasdan Jonathan Kasdan | |
ûntstean | 2018 |
Fertolking
bewurkje seksjeDe rol fan Qi'ra waard yn Solo: A Star Wars Story spile troch de de Ingelske aktrise Emilia Clarke, dy't earder trochbrutsen wie mei har rol as prinsesse Daenarys Targaryen yn 'e fantasysearje Game of Thrones. Yn in fraachpetear sei Clarke oer Qi'ra dat "sy neat wei hat fan 'e froulju dy't jimme oant no ta yn Star Wars sjoen hawwe." Se omskreau it personaazje fierders as in "stoere frou" dy't "min ofte mear de ferhaalline fan in femme fatale folget." Ek sei se: "[Qi'ra] hat ferskate ferskiningsfoarmen, mar as it derop oankomt, is se ien dy't gewoan docht wat nedich is om te oerlibjen. Ast in tige sjike dame yn in hiel aaklik fermidden hast, dan kinst dy wol foarstelle dat de sjykheid hiel wat ferfelende dingen ferberget."
Fiktive biografy
bewurkje seksjeYn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018) wurdt Qi'ra yn 'e prolooch yntrodusearre as in teenagefamke op 'e planeet Corellia, dêr't se opgroeid is op 'e strjitte. Under it diktatoriale rezjym fan it Galaktysk Keizerryk hearsket dêr in tastân fan anargy, wêrby't misdiesyndikaten foar master opslane. De binde fan 'e Wite Wjirmen, fan 'e aaklike frouwe Proxima, rûpelet sokken as Qi'ra út troch se wurkje te litten yn in steat dy't slavernij deun benei komt. Dat is ek Qi'ra en har ferkearing Han oerkomd, mar se dreame fan in bettere takomst. Op in dei drukt Han in fleske 'coäxium', tige djoere romteskipbrânstof, efteroer om foar de ôfreis fan himsels en Qi'ra fan Corellia te beteljen. Efternei sitten troch de trewanten fan frouwe Proxima witte se tegearre de romtehaven te berikken, dêr't se twongen binne it fleske coäxium te brûken om in Keizerlike dûanebeämte mei om te keapjen. It frommes lit harren troch, mar Qi'ra wurdt fuort neitiid finzen nommen troch ien fan harren efterfolgers. Han wurdt fan har skaat troch in tichtklapte feilichheidsdoar en hat gjin oare kar as om allinne fierder te gean, eat dêr't Qi'ra him ek o sa ta oanfiteret. Hy nimt tsjinst by de Keizerlike Striidkrêften om fan Corellia te ûntsnappen.
Trije jier letter is Han desertearre en hat er him mei syn nij opdiene freon, de Wookiee Chewbacca, oansletten by de binde fan 'e dief Tobias Beckett. Nei in desastreus ferrûn besykjen om op Vandor in lading coäxium te stellen, wêrby't de oare beide leden fan 'e binde omkomme, fertelt Beckett dat er eins foar Dryden Vos wurket. Dat is in heechpleaatst ûnderwrâldfiguer yn 'e Karmozinen Dage, in wiidferneamd en rûnom freze misdiesyndikaat dat falen net akseptearret. Hy sit dêrom djip yn 'e swierrichheden no't de tsjeafte fan 'e branje mislearre is. Han en Chewbacca biede oan om Beckett te helpen by it goedmeitsjen fan it ferlies fan it coäxium. Se geane oan board fan it romtejacht fan Vos, en dat is wêr't Han Qi'ra weromsjocht. It docht bliken dat sy nei har skieding fan Han troch frouwe Proxima ferkocht is oan in oare binde, dy't har wer trochferkocht hat oan 'e Karmozinen Dage. Binnen dy organisaasje is hja troch har yntelliginsje opklommen ta assistinte fan Vos.
Han tinkt mei Beckett en Chewbacca in riskant plan op om rou coäxium te stellen út 'e minen op 'e planeet Kessel. Vos giet dêr akkoart mei, mar stiet derop dat Qi'ra harren beselskipje sil om foar him in eachje yn it seil te hâlden. Mei't rou coäxium ynstabyl is en mar beheind hâldber foar't it ûntploft, hawwe se ferlet fan in tige fluch romteskip om 'e lading op 'e tiid nei de raffinaderij op 'e planeet Savareen te bringen. Qi'ra wit dêrfoar de smokkelder, gokker en piloat Lando Calrissian te sjarterjen, dy't oer ien fan 'e fluchste romteskippen yn it Stjerrestelsel beskikt: de Millennium Falcon.
Dat, mei Lando en syn eksintrike androïde L3-37 set it selskip ôf nei Kessel, in planeet dy't inkeld berikber is fia it Kesselfliet. Dat is in nauwe trochgong troch de Akkadeeske Draaistream, in tichte, ûnferkende dize, dy't gefaarlik makke wurdt troch los omfleanende asteroïden en planetoïden. Nei't se op Kessel oankommen binne, ynfiltrearje se de troch it Pyke-syndikaat behearske coäxiummyn as in fertsjintwurdiger fan in nije klant (Qi'ra) mei har robot (L3-37) en liifwacht (Beckett), dy't as bewiis fan goede wil in pear slaven (Han en Chewbacca) leveret om yn 'e myn te wurkjen. Wannear't Qi'ra en Beckett de Pykes yn 'e kontrôlekeamer útskeakele hawwe, feroarsaket L3-37 by fersin in slave-opstân. Mei it stellen coäxium witte se de Millennium Falcon wer te berikken, mar yn 'e gaos fan 'e opstân rekket L3-37 op fatale wize skansearre en Lando ferwûne.
It hiele selskip pykt út yn 'e Millennium Falcon, mar ûntdekt dat op it bekend wurden fan it nijs oer de slave-opstân in Keizerlik stjerreslachskip stjoerd is om it Kesselfliet te blokkearjen. De Millennium Falcon moat sadwaande útwike yn 'e ûnferkende dize. Efterfolge troch Keizerlike TIE-jagers en in reuseftich wêzen mei tentakels dat yn 'e dize libbet, kinne se op it nipperke ûntkomme oan in swart gat trochdat Beckett de motors fan 'e Falcon opfiert mei in dripke coäxium. Troch it gebrûk fan 'e navigaasjedatabase fan L3-37, dy't neffens Lando de bêste yn it Stjerrestelsel wêze soe, slagget it Han om in paad werom út 'e dize te finen en dêrby de Keizerlike blokkade alhiel te omsilen.
Slim skansearre komt de Millennium Falcon oan op Savareen, dêr't it proses om it folatile coäxium te raffinearjen, halje-trawalje úteinset. De Wolkeriders, in binde plonderders ûnder lieding fan Enfys Nest, mei wa't Han en Beckett earder gedoente hân hawwe, arrivearje om it coäxium te stellen. Lando pykt út yn 'e Millennium Falcon en lit alle oaren oan har lot oer. Mar efter it masker fan Enfys blykt in teenagefamke beskûl te gean, dat nei eigen sizzen it masker urven hat fan har mem, in eardere Enfys Nest. Hja bringt út dat de Wolkeriders allegearre ôfkomstich binne fan planeten dy't slim te lijen hân hawwe ûnder it skrikbewâld fan 'e Karmozinen Dage, en dat se eins rebellen binne dy't weromslaan wolle tsjin it misdiesyndikaat en it Galaktysk Keizerryk, dat de opkomst fan it misdiesyndikaat mooglik makke hat. Se hawwe ferlet fan it coäxium om harren opstân mei te finansieren. Qi'ra foarseit dat Han besykje sil en fyn in manear om Enfys-en-dy te helpen, mei't er yn 'e grûn in goedhertige jonge is, ek al ûntstriidt er dat ek noch sa.
Yndie beslút Han om te besykjen Dryden Vos te bedragen en it coäxium oan 'e Wolkeriders ta te spyljen. Beckett fynt dat te riskant, dat hy winsket Han-en-dy it bêste en set ôf. As Han, Qi'ra en Chewbacca letter yn it jacht fan Vos arrivearje, wit dy al ôf fan Han syn plan om it coäxium oan 'e Wolkeriders te jaan en Vos ôf te konfoaien mei in substânsje dy't inkeld op coäxium liket. It docht bliken dat Beckett streekrjocht nei Vos ta gien is om Han te ferrieden. Vos hat sadwaande al syn liifwachten op twa nei stjoerd om Enfys en de Wolkeriders finzen te nimmen en, nei't se it coäxium feilichsteld hawwe, te fermoardzjen. De fetten dy't de Wolkeriders by har hawwe, blike lykwols leech te wêzen, en as it masker fan Enfys ôfgiet, blykt dêrefter in doarpeling fan Savareen beskûl te gean. Han hie nammentlik al rekkene op Beckett syn ferrie, dat hy hat it echte coäxium meinommen nei it jacht fan Vos om him te fluch ôf te wêzen.
Wylst de echte Wolkeriders de liifwachten fan Vos oer it mad komme en oermânsk wurde, lûkt Beckett, oan board fan it jacht fan Vos, syn ploffer en sjit Vos syn lêste beide liifwachten dea. Hy sjocht no nammentlik syn kâns skoan om sels as winner út 'e bus te kommen, dat hy pykt út mei it coäxium mei Chewbacca as gizelder om it foar him te dragen. Han en Qi'ra bliuwe efter mei Vos, dy't Han besiket te fermoardzjen. Qi'ra grypt de sabel fan ien fan 'e beide liifwachten dy't Beckett om hals brocht hat en beart dat se har trou oan Vos bewize sil troch Han foar him te deadzjen. Ynstee deadet se Vos sels. Han en Qi'ra tútsje inoar. Hy moat efter Beckett en Chewbacca oan, en sy seit dat se him folgje sil sadree't se Vos syn rykdommen byinoar fandele hat.
Wylst Han ôfweeft mei Beckett makket Qi'ra lykwols gjin risselwaasje om har by him te jaan. Se wit nammentlik dat, as se mei him útnaait, de Karmozinen Dage nea rêste sil foar't sy opspoard en deade is. Om Han te beskermjen, nimt se dêrom fia holografyske kommunikaasje kontakt op mei de heechste baas fan 'e Karmozinen Dage, de eardere Sith-ridder Darth Maul. Se ynformearret him dat Vos fermoarde is troch Beckett, dy't neitiid útpykt is mei it coäxium. Maul oarderet har om har by him te jaan op 'e planeet Dathomir, sadat se tenei nauwer gearwurkje kinne. Qi'ra set mei it jacht fan Vos ôf fan Savareen. Han sjocht har ôfreis oan sûnder der wat tsjin dwaan te kinnen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |