Sifo-Dyas
Sifo-Dyas (útspr.: [ˈsai̭foʊ ˈdias], likernôch: "sai-fo dy-as") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de Jedi-master dy't ferantwurdlik is foar de produksje fan it leger fan kloansoldaten dat úteinlik ta de fal fan 'e Jedi Oarder liedt. Sifo-Dyas waard foar it earst neamd yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), hoewol't er dan al mear as tsien jier dea is. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars kaam er wol fysyk foar en waard syn dialooch ynsprutsen troch stimakteur Paul Nakauchi.
Sifo-Dyas personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
greve Dooku Darth Sidious Obi-Wan Kenobi | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2002 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeSifo-Dyas wurdt berne op 'e planeet Minashee, ien fan 'e saneamde Cassandraanske Wrâlden, en begjint om syn gefoeligens foar de Krêft as jong bern in oplieding ta Jedi-ridder. Hy is bejeftige mei foarkennis fan (beskate parten fan) 'e takomst en klimt yn 'e jierren foarôfgeande oan 'e Nabookrisis op ta in sit yn 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. Sifo-Dyas foarsjocht dat in grutte boargeroarloch yn it Stjerrestelsel op kommendeweis is en dat de Galaktyske Republyk ferlet hawwe sil fan in legermacht om net rêdeleas te sink te gean. De oare leden fan 'e Hege Jedi Ried fersmite syn ideeën dêroer, en as er net om lyk wol, wurdt er út 'e Ried set.
Sifo-Dyas hâldt lykwols fêst oan wat er sjocht as de iennichste mooglike rêding fan 'e Republyk en nimt yn it geheim kontakt op mei de kloanprodusinten op 'e planeet Kamino, wêrby't er beweart tastimming te hawwen fan sawol de Hege Jedi Ried as de Galaktyske Senaat. Fierder as sa komt er net mei syn plannen, om't de Sith him op dat stuit yn it fizier krije en prikken yn it wurk stelle om it kloaningsprojekt te kapen.
Koart foar de ynvaazje fan Naboo troch de Hannelsfederaasje stjoert kânselier Finis Valorum Sifo-Dyas út om klandestine ûnderhannelings te iepenjen mei it Pyke Syndikaat, dat ynfloedryk is yn 'e organisearre misdie yn it Stjerrestelsel. Mei Valorum syn persoanlike assistint Silman set er ôf nei de planeet Oba Diah. Dêr wurdt er lykwols ferret troch greve Dooku, syn eardere Jedi-master, dy't no as Darth Tyranus in learling fan Sith-master Darth Sidious wurden is. Dooku hiert de Pykes nammentlik yn om it romtefear fan Sifo-Dyas del te sjitten op 'e moanne fan Oba Diah. By it delstoarten komt Sifo-Dyas om, mar Silman wurdt troch de Pykes finzen nommen (en pas mear as tsien jier letter befrijd).
Neitiid nimt Dooku it plak fan Sifo-Dyas yn dy syn kommunikaasje mei de Kaminoänen yn. Hy nimt de Mandaloriaanske preemjejager en hierling Jango Fett yn 'e earm om as sjabloan te tsjinjen foar de kloansoldaten fan it bestelde leger. It projekt fan Sifo-Dyas wurdt ta in wapen tsjin 'e Jedi makke as Dooku de kloanprodusinten opdracht jout om hearrigens oan Oarder 66, de Grutte Suvering fan 'e Jedi, oan 'e gedrachsmodifikaasje fan 'e kloanen ta te foegjen. (Iroanysk genôch hie Sifo-Dyas dy gedrachmodifikaasje oarspronklik optocht om te tsjinjen as barriêre tsjin ferriedlike befellen oan 'e kloanen.)
Tsien jier letter, as de earste lichting kloansoldaten ree is, manipulearje Dooku en Darth Sidious de Jedi om it befel oer it leger kloansoldaten op har te nimmen. Nei trije jier oarloch, as de Jedi de kloansoldaten folslein fertrouwe, furdiget Darth Sidious Oarder 66 út. De kloansoldaten keare har as ien man tsjin harren Jedi-ofsieren en fermoardzje dyselden, wêrmei't yn ien klap it meastepart fan 'e Jedi Oarder útrûge wurdt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |