Umbrje
Umbrje Umbria | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Perugia |
Oerflakte | 8.456 km² |
Befolking | 853.805 (31.05.2024) |
Befolkingstichtens | 100,97 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Monte Argentella: 2.201 m |
Oantal gemeenten | 92 |
Provinsjes | Perugia, Terni |
Umbrje (Italjaansk: Umbria), "it lân fan Fransiskus fan Assisi", is in regio dy't oprjochte is yn 1948.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is in gebiet mei griene, sêft gloaiende heuvels begroeid mei in protte wyngerds en olivekwekerijen mar ek mei in protte ikkers dêr't weet, sûkerbiten, tabak en sinneblommen ferboud wurdt. De regio leit yn Sintraal-Itaalje, yn de delling fan de rivier de Tiber mei de opslachmar Lago di Korbara. Umbrje wurdt ek wol it griene hert fan Itaalje neamd en hat in sêft mediterraansk klimaat mei drûge waarme simmers en kâlde wiete winters. Umbrje grinzget yn it westen oan Toskane (Trasimeenske Mar), yn it easten oan 'e Marken en de Apeninen en yn it suden oan Lazio. It lânskip wurdt skaaimerke troch âlde ommuorre stêdjes op in hichte mei steile strjitsjes, dy't tsjûgen binne fan in rike kultuerskiednis.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De regio is ferneamd nei de Umbri, in Latynske stamme dy't yn 'e 6e iuw f.Kr. yn it gebiet wenne. Harren taal wie it Umbrysk, in Italyske taal dy't besibbe is oan it Latyn.
Letter waard de krite oermastere troch de Romeinen en makke it foar mear as tûzen jier diel út fan harren ryk. De stêden groeiden yn 'e midsiuwen út ta foarstedommen, dy't oer de omlizzende gebieten hearsken.
Provinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De regio bestiet út twa provinsjes:
kaart | wapen | provinsje | ôfk. | haadstêd | oantal gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Perugia | PG | Perugia | 59 | ||
Terni | TR | Terni | 33 |
Gemeenten mei mear as 15.000 ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Posysje | Wapen | Gemeente | Provinsje | Ynwennertal | Oerflak (km²) | Befolkingstichtens |
---|---|---|---|---|---|---|
1° | Perugia | Perugia | 162.575 | 449,51 | 361,67 | |
2° | Terni | Terni | 106.486 | 211,90 | 501,28 | |
3° | Foligno | Perugia | 55.251 | 264,67 | 208,75 | |
4° | Città di Castello | Perugia | 38.337 | 387,32 | 98,98 | |
5° | - | Spoleto | Perugia | 36.234 | 348,14 | 103,65 |
6° | Gubbio | Perugia | 30.394 | 525,78 | 57,81 | |
7° | Assisi | Perugia | 27.443 | 187,19 | 146,61 | |
8° | Corciano | Perugia | 21.485 | 63,72 | 337,18 | |
9° | - | Bastia Umbra | Perugia | 21.190 | 27,60 | 767,75 |
10° | Orvieto | Terni | 19.307 | 281,27 | 68,64 | |
11° | - | Marsciano | Perugia | 18.048 | 161,49 | 111,76 |
12° | Narni | Terni | 17.826 | 197,99 | 90,03 | |
13° | - | Umbertide | Perugia | 16.305 | 200,83 | 81,19 |
14° | Todi | Perugia | 15.724 | 222,86 | 70,56 | |
15° | - | Castiglione del Lago | Perugia | 15.151 | 205,26 | 73,81 |
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Orvieto.
-
Assisi.
-
Terni.
-
Spoleto.
-
Castiglione del Lago.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (it) Offisjeel webstee fan 'e regio Umbrje
- (in) Umbria (grutte oersjochside mei in protte eigen fotografy en beskriuwings)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Umbrje fan Wikimedia Commons. |
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |