Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Apûlje

Ut Wikipedy
Apûlje
Puglia
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Bari
Oerflakte 19.540,9 km²
Befolking 3.880.547 (30.06.2024)
Befolkingstichtens 198,59 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Calvo: 1050 m
Oantal gemeenten 257
Provinsjes Bari, Barletta-Andria-Trani, Brindisi, Foggia, Lecce, Tarente

Apûlje (Italjaansk: Puglia) is in regio yn Súdeast-Itaalje, oprjochte yn 1861. Apûlje omfettet de hakke fan de Lears fan Itaalje en it gebiet by de kust lâns noardwestlik dêrfan. It leit oan 'e Adriatyske See, de Strjitte fan Otranto en de Ioanyske See (ûnder oare Golf fan Tarente). Apûlje is de eastlikste regio fan Itaalje. De haadstêd is Bari.

Yn it súdlikste diel fan Apûlje, yn de omkriten fan Salento wurdt in protte wyn ferboud wêrûnder de ferneamde Negroamaro en Primitivo. Yn Apûlje wurde fan Itaalje ek de measte oliven produsearre.

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lecce.

It toeristyske sintrum fan de regio leit yn it uterste noarden op it skiereilân Gargano. Hjir lizze de ferneamde badplakken Fieste, Peschici en Mattinata. De moaiste keunststêd fan de regio is Lecce, dat beskôge wurdt as ien fan de wichtichste barokstêden fan de wrâld. Súdwest fan Bari leit Alberobello mei syn bysûndere trulli. Dy wite rûne huzen mei harren kegelfoarmige dakken hawwe dat plak in soad bekendheid jûn.

It binnenlân op de grins mei de regio Basilikata, de Murge, is rûch, keal en tige tin befolke. De kuststripe tusken Barletta en Brindisi is it tichtst befolke diel fan Apûlje en tige yndustrialisearre.

De regio bestiet út de metropolitane stêd Bari en fiif oare provinsjes:

kaart wapen provinsje ôfk. haadstêd oantal
gemeenten
Bari BA Bari 41
Barletta-Andria-Trani BT Barletta-Andria-Trani 10
Brindisi BR Brindisi 20
Foggia FG Foggia 61
Lecce LE Lecce 96
Tarente TA Tarente 29

Understeande tabel jout de gemeenten mei in befolking fan mear as 40.000 ynwenners wer (Sifers ISTAT / 01.01.2015). Haadstêden fan provinsjes wurde mei fette letters wjerjûn.

# Wapen Gemeente Provinsje Ynwennertal Oerflak
(km²)
Befolkingstichtens
(ynw./km²)
Hichte
(m boppe seenivo)
1 Bari Bari 316.245 117,39 2.736,37 5
2 Taranto Taranto 189.355 249,86 798,69 15
3 Foggia Foggia 146.563 509,26 296,73 76
4 Andria Barletta-Andria-Trani 97.192 402,89 247,38 151
5 Lecce Lecce 95.273 238,93 399,06 49
6 Barletta Barletta-Andria-Trani 92.515 149,35 633,05 15
7 Brindisi Brindisi 83.269 332,98 260,71 15
8 Altamura Bari 70.355 431,38 164,07 467
9 Molfetta Bari 57.587 58,97 1 007,6 15
10 Cerignola Foggia 57.080 593,93 98,74 120
11 Trani Barletta-Andria-Trani 54.876 103,41 539,99 7
12 - Manfredonia Foggia 54.433 354,54 160,58 5
13 Bisceglie Barletta-Andria-Trani 54.214 69,25 869,7 16
14 Bitonto Bari 53.585 174,34 317,31 118
15 - San Severo Foggia 49.899 336,31 156,02 86
16 Monopoli Bari 47.789 157,89 309,37 9
17 Martina Franca Taranto 47.191 298,72 162,9 431
18 Corato Bari 47.137 169,35 284,87 232
19 - Gravina in Puglia Bari 42.564 384,73 113,78 385

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Apûlje fan Wikimedia Commons.
Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
· · Berjocht bewurkje